De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 116]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 117]
| |
de âldste teksten jaen en dêrby ek de farianten opnimme moatte. Soks hat nea de bidoeling west, fan de útjowers net, en likemin fan de redakteur. In folksboek dus. Lyk as de R. en T. altyd west hat. Lyk as de Halbertsma's it neilitten hawwe. In boek, dêr't de gewoane lêzer gjin ôfskrik fan kriget troch it yn 't each rinnend brûken fan in oare stavering, as dy't hy leard hat of wend is; troch it stean litten fan slim forâlderde wurden en sizwizen, dy't net allinne net mear brûkt wurde, mar dy't út it ûnthâld weiwurden binne, dêr't ik aensens in foarbyld fan bybringe sil. Gjin ôfskrik dus. Wy binne in lyts folk; ús taelgebiet is lyts; it tal lêzers fan Frysk is lyts - wy moatte dy mannich lêzers nedich bihâlde. Dat wol sizze: wy moatte de Fryske lêzer net kjelreauwich meitsje mei him archaïsmen op to dissen en him dêrtroch in wjeraks yn syn tael to jaen en him op 'en dûr fan it Fryske boek to forfrjemdzjen. In litteratuer-yn-opkomst moat syn lêzers op 'e helt to mjitte komme. Wy moatte in gongbere tael skriuwe. Ik wol foar de dichters, en binammen foar de eksperimintélen ûnder har, jerne in útsûndering meitsje. Dat hâldt, ek foar de R. en T., tinkt my. De measte archaïsmen moat men wol stean litte; mooglik sil dat foar de achtste printing skielk net mear hoege. Mar somlike forâldere wurden sil men yn de gongbere tael oerbringe moatte. Yn de sin: ‘Hy stie mei de earmen slûk by de tsjea del’ soe men ‘tsjea’ stean litte, der in asterisk oan tafoegje en efter yn it boek in forklearring fan it wurd jaen kinne. Ik keas yn sa'n gefal in oare wei. It wurd ‘tsjea’ hat nimmen mear - yn de praktyk - kunde oan; nei wierskyn waerd it ek net troch de Halbertsma's brûkt. Nei alle gedachten hat Joast Halbertsma it út it âldfrysk opdjippeGa naar voetnoot1). Dus wol wurdforoaringen, mar gjin foarmforoaringen. It stribjen wie om yn steande útdrukkingen, en fierders yn it fers, it gedicht, it dêroan eigene klankeffekt to bihâlden. Dat lêste hat de jildichheit fan in wet; dêr mei net oan toarnd vuurde. Fierders moat men bitinke: yn de R. en T. tilt it op fan hollandismen, itjinge men hâlde mei foar in nuvere, typyske eigenaerdichheit fan in litteratuer yn syn bigjintiidrek. It Frysk hie him yn de tiid fan de Halbertsma's noch net set as litteratuer-tael; of faeks wol set, mar noch net bifestige. Yn in letter tiidrek, uzes, bisykje hja in litteratuertael to | |
[pagina 118]
| |
meitsjen, de hollandismen út to skiftsjen, safolle mooglik karakteristyk Frysk to skriuwen. Mar de Halbertsma's wiene noch net sa fier. Hja brûkten ûnbiskreaune hollandismen en oare barbarismen; hja skrillen der net foar tobek om, as it rym soks easke, it Fryske wurd to misfoarmjen! (faem: faen, faan). De measte hollandismen liet ik stean; hja hearre nou ienkear by it fenomeen Rimen en Teltsjes. De measte: gefangen mocht net ‘finzen’; kerker gjin ‘finzenis’ wurde. Mar... en ien hjarrer tearste soargen mocht net stean bliuwe, om't soks mei it taeleigen fan de hjoeddeiske Fries flokt. Wòl is it mês set yn wurden, dy't yn de R. en T. yn forhakstûke foarm foarkomme. Ta foarbyld kin men nimme de âlde foarm ‘Akadeemje’, kokker wurd sûnt 1938 Akademy skreaun wurdt. It frjemde wurd moast yn syn meast folsleine foarm jown wurde, tocht my. Dêrom: siktaris waerd sekretaris; mjirkes-dominy emeritus-dominy; conterleurs kontroleurs; dikketon dukaton; forasseradear forassurear, ensafuorthinne. Mar nepotismus, patriotismus, Novimbris en soksoarte wurden liet ik sa't se dêr steane, dat wol sizze ûnforoare. Fansels wurde yn VII de nammen fan dagen, wiken, moannen, wynstreken mei in haedletter bigoun, lyk as wy it (noch) wend binne. Staverings-foroaringen dus wol. Lyk as Biddach waerd biddei; forgis forsin; misgewas misgewaeks; namenlik nammentlik; to platten lande op it plattelân; studie stúdzje; onhurer ûnhuerder. Yndied, alle on- en onders waerden yn ûn- en ûnders foroare. En hie west kaem (net yn alle gefallen lykwols) yn 't plak to stean fan ‘wie’ of ‘bin west’. Mar gjin foarmforoaringen! ‘Wonderen’ waerd gjin ‘wûnders’ fan makke, en yn de fersrigel: ‘Dyn keur fan wonderfolle blommen’ en ‘'k Moat treure, God, sa ynnichlik’ bleauwen de wurden ‘keur’, ‘wonderfolle’, ‘ynnichlik’ stean. Lyksa bleauwen nei it hollânsk foarme sizwizen of wurden as: Foar den dach komme; Mei lede eagen oansjen; Foar den dei komme; Ten oarden, en ten tredden; Dat roait ich of kant; Ik spring warachtich út myn fel - ûnforoare stean. Wurden as alter, holpleas, keunink(g)ryk bleauwen stean, om't hja noch yn 'e libbene tael fan de Súdwesthoeke foarkomme.
Normalisearre stavering. Lyk as yn it foarwurd fan de 7de printing sein wurdt, waerd de stavering normalisearre; safolle as koe en... mocht; alhiel konsekwint koe dat ek wer net dien wurde. Ik mei hjir yn bitinken jaen, itjinge de Muzykkommisje fan it Lieteboek 1948 skreau yn har Forantwurding: | |
[pagina 119]
| |
‘Us Lieteboek hat gjin wittenskiplike pretinsje: dêrom gjin wiidweidich neigean fan tekst-varianten en gjin hifkjen fan de meldijen op har komôf en har modifikaesjes... De teksten út letter tiid binne fansels oerbrocht yn de hjoeddeiske stavering, mar mei de teksten fan Gysbert Japicx en Starter stie it hwat oars... In inkelde kear is in lytse foroaring oanbrocht (dou - dû);... fierder binne “By it opgean fan 'e Sinne” en “Frébea” yn 'e nije stavering opnommen omt dy lieten sa algemien bikend binne’ (Kursivearring fan my. J.P.W.). It is oars wol eigenaerdich, dat wy yn de sangen fan de R. en T. al lang wend binne mei normalisearre teksten to wurkjen, wylst hja yn it proaza de âlde foarm sa graech bihâlde wolle. Hwerom eins? Ik tink: út earbiedigens foar de Halbertsma's en har skriftueren, èn om it bilang dat ús filologen by de âlde teksten hawwe. Hwat dy earbiedigens oanbilanget, Colmjon, de samler fan de earste trije útjeften R. en T. en ek de Muzykkommisje, hawwe har der net folle om bikroade, hwat fierderop blike sil. En oangeande it twadde punt mei ik yn bitinken jaen hwat P. Terpstra yn Frysk en Frij as tsjinargumint - nei myn bitinken tige krekt en fornimstich - oanfierd hat: dat de litteratuer-histoarisi, dy't de teksten yn har forâldere foarmen bihâlde wolle, ‘it dan mar mei eardere útjeften dwaen moatte’. Yndied, dêryn stiet ommers alles hwat hja winskje en sykje. De niisneamde Muzykkommisje seit it koart en saeklik: ‘De teksten út letter tiid binne fansels oerbrocht yn de hjoeddeiske stavering’. Dus de sangen út de R. en T. ek! Dêr is by myn witten noch nea in Frysk resinsint oer stroffele. Sûnt is it net mear (âldste tekst):
Ik togte, ben! het biste toek
mar (nijste tekst):
Ik tochte: bern, hwat bistou tûk.
It muoit my dat ik de Muzykkommisje op it harspit nimme moat. Hwant nei myn bitinken is hja ‘fiersto fier’ gien, lyk as Brouwer hawwe wol, dat ik gien bin. Gean ris nei hwat der bard is mei dat ynlike fers út It Marke fan dokter Eeltsje!
Tekst Lapekoer 1834:
O joun! o ljeaflikke del!
Hwet tins ik dy efternei.
In wearom fleachste sa swyd,
Dou goudene griene tyd?
Dou himmelsce simmerjoun,
Hwet wierste my red forroen!
O kaemste! Ei! mylde, kom!
Ei! kom my faker werom.
| |
[pagina 120]
| |
Tekst Lieteboek 1948:
O joune, o leaflike dei!
Hwat tins ik dy faek efternei.
En hwerom sei, fleachstou sa swiid,
Dou griene, dou goudene tiid?
Dou himelske mid-simmerjoun,
Hwat wiestou sa rêd my forroan!
O kaemstou, ei mylde o kom!
Ei kom my dochs faker werom!
Dizze normalisearring giet foar in part werom op it Frysk Lieteboekje (Ald Selskip, 1933). Mar de stou-forswierringen, de tafoeging fan wurden: faek-sei-dou-e(joune)-mid-sa-odochs, en de omsettingen ‘griene tiid’ (hiel hwat oars as goudene griene tiid!) en ‘sa rêd my’ bliuwe foar rekken fan de Muzykkommisje. Dat is gjin foroarjen, gjin normalisearjen mear, mar skeinen; ik wit der gjin better wurd foar. Spitich, dat it fers yn dy foarm opnommen is. In selde slimme flater - sjoch it Lieteboekje 1933 - hat de Muzykkommisje fan it Lieteboek 1948 autorisearre, troch yn it gedicht Aide Terp in omsetting to jaen fan de, bettere, âlde tekst. Men lêst yn de grountekst (5e kouplet): In lizz' ik it libben aef,
Alde therp, wird den myn hoaf.
Ynpleats fan dizze seldsume fers-útgong, dy fan in djippe bitsjutting droegen rigels, hat de Muzykkommisje de stoplape fan it Lieteboekje foar kar nommen. Nou lêst men, op bls. 34 en 35:
Alde Terp, hwat giet foarby,
Dou, dou bliuwst ús altyd by!
Ik hoech skraech to sizzen, dat ik dy enormiteit, dy't dr. Eeltsje nea skreaun hawwe soe, út de sechste en sawnde printing keard haw. Men kin dêr nou it fers yn syn oarspronklike foarm (mar yn ús stavering) lêze:
En liz ik it libben ôf,
Aide terp, wurd dan myn hô;f.
Germ Colmjon, redakteur (samler) fan I, II en III, hat tige mei it snoeimês oan it normalisearjen west. Yn it fers Sint Pontjer (10de kouplet) hat de grountekst:
In, o! dy leawe boale-witren,
Hwat wiern' se red forroan!
Colmjon makke der fan (I):
Ind, o! dy ljeawe boale-tiid,
Hwat wier dy raed forroan!
| |
[pagina 121]
| |
In foarmforoaring dy't net troch de mesken kin. In wurdforoaring paste hy ta yn it 22ste kouplet. Yn de grountekst stiet:
Hja glimde in flikkre as ien stjir
Sa trinten in sa net.
Colmjon foroare (II):
Hja glimde ind flikkerre as ien stjir
Sa trinten ind sa glaed.
Hy woe rime op ‘stêd’, wylst dr. E. him oer dat rym dêrre net bikroade hie. It snoeimês fan samler Colmjon soe der noch oars yn fykje. Yn De rimpene doktersgong lêst men, 7de kouplet (âldste tekst):
In praetten ho't mei de bou nou giet,
Ho't flaex in 't noat nou steane.
Colmjon makke fan de earste rigel hiel hwat oars. Hy joech dy sa:
Bipraetten ho't de boer nou giet...
Boppesteande flaters en foroaringen namen De Vries (IV) en Sytstra (V) oer. De redakteur fan VI liet de earste twa flaters stean, mar foroare de tredde; sûnt V is de boer fan Colmjon út it kouplet fordwoun! Yn it gedicht Hidde en Almansa (kouplet 14) jowt de âldste tekst:
‘Lit de sé, sei hja, mar bere,
‘Yn de dea mei jou is 't swiet,
‘Boeten jou is 't al fortriet’.
Colmjon foroare dat yn (II):
‘Lit de sé mar beare,
‘Sei hja, dea mei jou is swiet,
‘Buwten jou is 't al forthriet’.
Dat oantaesten fan de foarm fan it gedicht hawwe De Vries en Sytstra grif net murken; hja lieten yn IV en V Colmjon syn foroaringen stean. Yn VI lêst men it fers wer yn syn oarspronklike foarm (VII lyksa, bls. 137). Yn de alfte strofe hat de âlde tekst:
‘'n Faem, sef hja, ‘scill’ jou net stelle.
‘Ik klei my yn manljueklean,
‘In as feint scil 'k mei jou gean’.
Colmjon makke der yn II dit fan:
‘'n Faem, scill’ jou net steile,
‘Sei hja, 'k klaei m' yn manljueklean,
‘Ind as feint scil 'k mei jou geen’.
| |
[pagina 122]
| |
Yn VI en VII (bls. 137) lêst men de earste twa rigels wer yn de oarspronklike setting. Yn Leed en Wille (aparte ütj. 1854) stiet yn it fers It liet fan in earm man (lêste kouplet) Den tsjean ik eak myn feestklean oan, In sit my mei oan 't miel. Colmjon jowt yn II de lêste rigel sa: En sit mei jy oan 't miel. De ‘earme man’ fan dokter Eeltsje hat fansels nea de pretinsje hawn, mei ,jy', of mei Jo' (V) - dat is mei God - oan it miel to skikken! Yn VI waerd dy flater forbettere, en men lêst yn dy ûtjefte op bls. 287:
Den tsjen ik ek myn feestklean oan,
En set my mei oan 't miel.
Colmjon is yn II bigoun, yn it gedicht De âlde Friezen, it Frysk folksliet, ûtroptekens út to struijen. Yn VI is der opromming makke; sûnt stiet it gedicht der wer lyk ús men it fynt yn De Lapekoer, sûnder de sawn oerstallige ûtroptekens (sjoch VII, 87). Yn it twadde kouplet is yn de rigel:
Hien' d'âlde Friezen yn de wrâld neat better,
in lilke printflater stean bleaun. Fan Colmjon, oant en mei Sytstra, ha de Friezen songen: Hier' d'âlde Friezen yn de wrâld net better'. Sûnt VI stiet yn de tekst wer neat' - hwat ús mear seit, en ek better klinkt. Yn it fers Fryslân (VII, bls. 88) hat de âldste tekst (2de kouplet)
Braban! â dyn snippre famkes...
Colmjon foroare (I): Brabân, ha! dyn snipp're famkes...
en oant en mei Sytstra (V) hawwe de Friezen trou ,ha!’ sein ... Der soe tsjin my ynlein wurde kinne: hark ris, Colmjon hat inkeld fan bls. 65 ôf de korreksje fan I hawn, en de fersen Fryslân en De âlde Friezen steane op de bledsiden 61 en 60. Soe net dr. Joast sels dy ütroptekens oanbrocht en neat' yn ,net' foroare hawwe kinne?’ Ik soe dêr dit op antwurdzje wolle. Yn de lêste twa ütjeften fan De Lapekoer komme de fersen yn allikense redaksje foar. Soe Joast Halbertsma, dy't nea net folle mei ûtroptekens pield hat, yn it lêst fan syn libben dy, yn dit sterke fers oerstallige, sawn tekens oanbrocht hawwe?’ Soe hy yn de swiid-klinkende rigel Rien' d' âlde Friezen yn de wrâld neat better' it klankeffekt willemoeds forswakke | |
[pagina 123]
| |
hawwe troch it wurd ‘neat’ to skrassen en der ‘net’ foar yn it plak to setten? Né, tinkt my: soks sil, soks kin hy net dien ha. Wylst Colmjon - hy wie ek gjin dichter as Eeltsje en miste ek it dichterlik gefoel dat Joast bisiet - yn soks gjin euvelmoed hie; itjinge er yn de trije útjeften fan de R. en T. biwiisd hat. Soks biwize ek syn ‘forbetteringen’ en syn omsettingen yn dichterlike teksten, dy't nèi bls. 65 kamen, bygelyks yn: Hidde en Almansa, De Terp, It liet fan in earm man, Sint Pontjer. Dêr komt noch hwat by. Doe't Colmjon op bls. 65 mei korrigearjen fan de printkladden bigoun (hy fette dat wurk oan nèi it forstjerren fan Joast op 27-2-'69), soe it noch twa jier duorje foar't de foarste printing fan de R. en T. útkaem (1871). Wylst er fan de fyfte bôge ôf mei korrigearjen bigoun, krige hy de eardere bôgen yn revisy fan de printerij tastjûrd. Dat sadwaende koe hy noch bipaelde dingen foroarje; en hy hat dat (yn de measte gefallen: spitigernôch) net neilitten. Ek yn it proaza is it snoeimês set. Hoe't in flater, by forsin, in rige útjeften oerlibje kin, sjocht men yn De reis nei de jichtmasters. Yn I jowt Colmjon de goede tekst; faeks hat hy dêr ek net de hân yn hawn, om't dat stik al yn de earste bôge (bls. 9-16) stie. Mar yn II is de goede rigel ‘Rounom hast' de gik mei’ foroare yn: ‘Rounom hast' de gik nei’ (!). De ries (IV) en Sytstra (V) hawwe de flater net sjoen en lieten, op gesach fan Colmjon, de misfoarm ‘nei’ stean, hoewol't in pear rigels fierder stiet: ‘Ik haw de gik net mei ús mem’, dat yn alle útjeften goed opnommen is. Einlings yn VI waerd dy flater forbettere (sjoch VII, bls. 27). Sytstra (V) foroare yn itselde stik yn de rigel ‘en hja sjenne (IV: sjaene) as nytlige bollen’ it wurd ‘sjenne’ yn ‘sjugge’. Dat waerd yn VI forbettere: hja... sjenne nou wer! (VII, bls. 35). Yn De Skearwinkel II lêst men (grountekst): ‘De threeft en 't earnen goed wier gledscoerre’. IV en V hawwe: glêdskjirre. Yn VII is it wurd opnommen yn syn ek hjoeddeis noch brûkte foarm: glêd skuorre. Yn De Hoanne fan Westerein foroare Sytstra de wurden: ‘Op har bleate rouwe boarst’ yn: ‘bleat-rauwe boarst’. ‘Haverijguod’ fan de âlde teksten wie op 't lêst by Sytstra ‘Havergoed’ wurden, hwat nimmen bigrepen hawwe sil. It hat yn VI en VII syn âlde foarm wer krigen; mar dan sûnder stomme ‘h’ as: averijguod (guod fan in strânne skip). Sa soe ik noch mannich bledside trochgean kinne. Der is yn 't forline mei de R. en T. nuver omtrollemolle! Ek hwat de ynterpunksje oanbilanget, hawwe hja der raer yn oan 't rûchhouwen west. | |
[pagina 124]
| |
De R. en T. yn hjoeddeisk Frysk. De nije Ingelske Bibel, in útjefte fan de Oxford en Cambridge University Presses, sil yn 1960/'61 klearkomme. De nije printing sil in folsleine fortaling jaen yn it hjoeddeiske Ingelske idioom en it hjoeddeiske wurdgebrûk, fornijde okkerwyks de N.R.C. Neffens de útjowers is de moderne fersy fan de Bibel suvere fan de forâldere wurden yn de Authorized Version, dâr't in protte bibellêzers in wjeraks yn hiene, om't dy fortaling hielendal net mear past by ús moderne tiid. Men soe sa'n opfetting ek jilde litte kinne foar de 7de printing fan de Rimen en Tellsjes. Der is gjin forlet fan in neiprinting fan âldere útjeften, mar wol fan in printing, dêr't de teksten fan normalisearre waerden, safolle as koe en... mocht, en oanpast oan de hjoeddeiske gebrûkstael en it hjoeddeiske taelbyld. In útjefte yn gongbere tael dus, lyk as earder sein is. Wy prate ommers ek net mear fan ‘samler’. Yn de 19de ieu en noch letter wie men ‘samler’ fan in útjefte, of ‘samler’ fan it Ald Selskip. Doe kaem der in tiid, dat it wurd net mear yn 'e swang wie. Sljucht en Rjucht en Frisia (fan de Jongfriezen) stiene ‘ûnder bistjûr’, It Heitelân ‘ûnder lieding’ fan ien of mear skriuwers. ‘Redakteur’ woene se doe noch net rjocht oan. Nei de twadde oarloch is dat foroare: De Tsjerne hat in redaksje en de fêste lieders hjitte ‘redakteuren’. It wurd ‘samler’ is útskifte; gjin útjower en it Ald Selskip likemin sille der oer tinke, it wurd wer yn to heljen. Is mei hwat ik hjirboppe bybrocht hew, nou alles rjochtfeardige hwat yn de 7de printing normalisearre en foroare is? Ik wit it net. Ik haw der oan dien hwat ik tocht dat der oan dien wurde moast. Ik mei sizze, dat ik mei hoedenheit, mei ‘gewisse’ en ‘earbied’ to wurk gien bin. By eltse foroaring moast der hifke wurde. En dan wie it faek: as dit al foroare wurde moat, hwerom dat dan net? Wis, it wie al folle ‘in kwestje fan... subjektive kar’. Ik lit it wurdtsje ‘tige’, dat Brouwer yn dit sitaet der by sette, wei, út it bitinken dat subjektyf allinne al subjektyf genôch is. Forskeel fan ynsjoch en miening bliuwt mooglik. Ik bin gjin filolooch en likemin in purist. Faeks sille oaren sizze: jo hiene it mês der noch djipper yn sette moatten. Mar ik bin in bytsje skou wurden fan dat snoeimês fan... ‘samler’ Colmjon. It poepeknyft flijt myn hân ek net; my tocht, mei it pinset kaem ik fier genôch, sa fier alteast, dat ik myn methoade en it wurk dat ik oan dizze printing die, mien forantwurdzje to kinnen. |
|