De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 114] [p. 114] O. Postma: Net deselde wrald? Myn jonge freon, de arbeider fan it séplak, soe net ta deselde wrâld heard hawwe as ik? En dy genoat fan myn jonge tiid oan 'e sédyk, dy't ik freegje wollen hie: ‘Bouke, as jo nou op jou libben tobek sjogge, hwat sizze jo dêr dan fan?’ Hawwe der huzen west dy't my neijer wienen as de dykhúskes en in inkeld oar hûs sûnder namme, sa mar yn 'e greide set? Hawwe der libbens west dêr't ik my sa goed yn bijaen koe as yn dat fan dy jonge kearel by de sékant wei dy't boerefeint en arbeider waerd? Is ús mienskip sa lyts dat sokken ta in oare wrâld rekkene wurde moatte? Is myn dichterskip sa biheind dat it foar sokken neat to sizzen hat? [pagina 115] [p. 115] Fan earbiwizen en alde brieven Nou't ik sa âld wurden bin, wurdt my fan alles taskikt, Ik haw ‘eare dit en eare dat’ krigen, dêr't ik my net klear foar fielde; In strjitte moast myn namme hawwe en in skilderstik moast myn byltenis fêst hâlde. Mar dat binne as tekens dy't hwat oantsjutte kinne, mar gjin wurden hawwe. Eigen wurden hawwe de brieven dy't my yn de tiidsrin oankomd binne; Hja jowe biskie oer hwat my oan it herte gong en kinne moed en bitrouwen jaen. Sa foun ik in brief fan in forstoarne freon - al neamden wy elkoar ‘achte hear’ - Oan hwa't ik yn 'e oarlochstiid in fers ta stjûrd hie dat noch net printe wie (‘deselde bliuwe’ hjitte it) Mar hwat hy dêr fan sei is to moai om it hjir iepen to lizzen. Soe men weijaen kinne hwat men net hat? Ja, it kin; ik haw it bilibbe. Yn in brief fan in oare freon stiet it: ‘mei de siele bin ik lokkick klear; ik haw dêr yn mear oan jo to tankjen as jo witte’. Mear as ik wit; ja, yn in brief sil ik net sa heech rikt hawwe; Mar yn it dicht sil de opflecht fan it eagenblik de siele boppe it as eigen bikende heevje kinne. Sa soe ik dan weijaen kinne hwat ik net bisiet. Vorige Volgende