De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 113]
| |
Oermoedigens
ik sil hjoed myn namme
skriuwe yn kapitalen
op de bisleine glêzen
fan de stêd
dat de wurden
har as wylde fûgels
oan it forwulft klibje
en har blikken as ûngedierte
werom flechtsje yn de hoalen
fan har eagen
myn mene tekel
sil as in wite hân
om har hert
gripe
|
|