| |
| |
| |
Karel en Josef Čapek:
Adam de Skepper
Blijspul yn seis bidriuwen en in epilooch
Ta ynlieding
It toanielstik Adam Stvoritel waerd yn it Tsjechysk skreaun fan de bruorren Karel en Josef Capek. De lêste, berne yn 1877, wie sawol litterator, binammen toanielskriuwer, as kunstskilder (fan kubistyske rjochting); de earste, berne yn 1890, hat gâns skreaun: toanielwurk, forheljend proaza, reisbiskriuwings, mearkes. Karel forstoar yn Praech yn desimber 1938, in fearnsjier foar't de Dútskers syn lân bisetten, Josef lykwols moast nej gâns ellinde yn april 1945 yn Bergen-Belsen syn ein fine.
Harren toanielstik waerd yn de oarloch yn it Ingelsk oerset en útjown ûnder de titel Adam Creator.
Yn 1956 hat de Kulturele Rie fan Opaterlân op útstel fan regisseur Joop Sprock bisletten, it stik foar opfiering yn it iepenlofttheater fan Beetstersweach út to kiezen. De hear Sprock hie de Ingelske tekst yn Grins yn in toanielsamling ûntdutsen. Der is doe bisocht, mear eksimplaren yn bibliotheken yn Nederlân op to spoaren, mar dat slagge net. In bistelling yn Ingelân hie likemin resultaet: de oplaech sil lyts west hawwe en it waerd doch net spile, wie nei alle gedachten yn Ingelân ek nea op it toaniel brocht, om't it blykber inkeld as lêsstik biskôge waerd. In Nederlânske oersetting of biwurking wie der ek net fan.
Marten Sikkema krige it forsyk, it stik út it Ingelsk wei yn it Frysk oer to setten en it meiiens to biwurkjen foar opfiering yn it iepenlofttheater op 'e Sweach - hwat op plakken ek bikoartsjen bitsjutte. It krige de titel Adam de Skepper.
It stik waerd yn 1956 forskate kearen op 'e Sweach opfierd en makke djippe yndruk. It wurdt nou yn De Tsjerne opnommen yn de foarm, dêr't it op 'e Sweach yn nei foaren brocht is.
M.S.
| |
Persoanen:
STIM FAN GOD |
1e AE |
} skepen Alter Ego |
ADAM |
2e AE |
} skepen Alter Ego |
ALTER EGO |
3e AE |
} skepen Alter Ego |
SUPERMAN MILES |
4e AE |
} skepen Alter Ego |
EVA |
5e AE |
} skepen Alter Ego |
LILITH |
6e AE |
} skepen Alter Ego |
WIIF FAN ALTER EGO |
GOASSE-TO-MIN MEI BERN |
|
REEDNER |
} skepen fan adam |
DRONKEN MAN |
|
DICHTER |
} skepen fan adam |
HEGEPRYSTER |
|
LEARDE |
} skepen fan adam |
NOVYT |
|
ROMANTIKUS |
} skepen fan adam |
WACHTER |
|
LIBBENSGENIETER |
} skepen fan adam |
POLYSJEMAN |
|
FILOSOOF |
} skepen fan adam |
OAREN: PERSOANEN EN |
|
|
|
MANNICHTEN |
|
|
KOAR EFTER DE SKERMEN |
|
|
| |
[pagina t.o. 104]
[p. t.o. 104] | |
KAREL ČAPEK
Tsjechysk skriuwer (1890-1938)
| |
| |
| |
Earste bidriuw
| |
(Efterôfbuorren. Op 'e eftergroun rjochts en lofts de efterkanten fan nife, mar al goare hierkazernes en stegerwurk fan nije bousels. Op de foargroun in stik lân, net biboud, mei in bege doem. Alhiel foarenoan in bult klaei, dêr't it iene of oare ding op stiet, mei in kleed der oerhinne. Dêrboppe in great boerd yn read en swart, oankundigjend:
DE WRALD MOAT FORNEATIGE WURDE!
Adam stiet by it apparaet mei it kleed der oer, sjocht op syn klokje.)
Seis minuten foar tolven. Ik haw it rounom yn 'e stêd bikend makke mei plakbrieven en struibledtsjes, mar sjoch, net ien is kommen.
(Sjocht wer op syn klokje.)
Mar ik wit wol, hoe't dat komt. Der hawwe al safolle gekken en lapsalvers west, dy't de wrâld rêdde woene, dat net ien wol it noch oan, hwannear't men seit dat men de wrâld forneatigje wol. Jawis, minsken, dit sil in seldsume opfiering wurde. Op 'e slach fan tolven sil hjir foar de earste en de lêste kear it ynteressante stik ‘De ein fan de wrâld’ opfierd wurde, skreaun en nei foaren brocht fan de greate, net forstiene skriuwer en útfiner: Adam.
(Makket bûgemint.)
De Greaten binne altyd allinnich. Hawar, it docht der net ta.
(Sjocht wer op syn klokje.)
Ik hie oars dat hiele sleauwe, illindige minskdom hjir wol ha wollen, en slingerje harren myn skriklike biskuldiging en fonnis yn 't gesicht. Fansels, jimme wiene allegearre op 'e knibbels fallen en hiene jammere fan: Adam, rêd ús doch! Mar ik, hjir by it kanûn, soe allinnich mar sein hawwe: Dit is de ein! De wrâld moat forneatige wurde.
(Sjocht op syn klokje.)
Mar hja komme net! Namsto minder foar har. De wrâld is it rêdden net wurdich. It Kanûn fan 'e Untkenning is laden.
(Hy lûkt it kleed der ôf.)
Myn prachtich kanûn! hwat binne sjitkrûd en dynamyt njonken de minsklike ûntkenning? Hwat haw ik al dy ûntkennings gearbringe moatten en al dy tsjinstridichheden byinoar sammelje! Hwat haw ik in protte lêze moatten, hwat haw ik in strideraesje oangean moatten ear't ik de ûntkenning folslein yn 'e skjirre hie!
(Sjocht op syn klokje.)
Mar kom, it moat wêze! Wachtsje, earst moat ik myn
Manifest efkes foarlêze, dêr haw ik it ommers foar makke.
(Hy kriget it optearde manifest út 'e bûse, skrabet de kiel en bigjint to lêzen:)
‘Yn 'e namme fan de iene, iennichst-frijmeitsjende Anarchy’ - dat klinkt bêst, it is koart en krêftich - ‘wurdt hjirby meidieling dien fan de forneatiging fan 'e wrâld. De redenen binne: Alle oarder is gewelt. Godstsjinst is oplichterij. In eigen libben is in waenidé. Wetten binne slavekeatlings. Alle regear
| |
| |
is tyranny. It iennichst andert op sokke tastannen is in tongerjend Né!’
‘Wy’ - feitliks hie 'k nou ‘Ik’ sizze moatten, hwant ik haw gjin brûkbere disipel fine kinnen mank dit aeklike boargersoadtsje; mar ‘Wy’ harket altyd wol sa goed - ‘Wy forklearje alle oarder, alle wizânsjes en alle wetten fan gjin inkelde wearde of bilang; wy forklearje dat elk bisykjen de wrâld to forbetterjen of to foroarjen in leffe skikking is; wy forklearje dat alles min is - it libben is in minne gewoante, mineklikens is sloppens, geduldigens is in misdied, en it slimst fan allegearre binne meifielen en skiklikens.’
(yntiid stadichoan tichterbykommen)
Hé, mynhear!:
(sjocht op)
Hwat wie der oan?
Jo moatte net sa raze, oars moat ik jo meinimme.
Hark ris, as frij man kin ik sizze hwat ik wol. Mar fuort mar, ik haw it al hûnderten kearen skreaun en nei foaren brocht, en alle kearen forgees. It hat ek net folle doel, it wer to dwaen.
(Hy triuwt it pronselige manifest wer yn 'e bûse.)
Jo meije it wol sizze, mynhear, mar Jo meije it net sa âlje. Hwat hawwe Jo dêr eins?
It Kanûn fan 'e Untkenning.
Né, mar om it op dit stik groun del to setten.
Ik jow gjin sprút om forgunnings.
Krij it der dan wei en tink der om, dat ik Jo der hjir net wer mei sjoch, of it kostet Jo boete. Mei in ûre moat it hjir wei wêze.
Mei in ûre? Mei in heale minût, dat is oars hwat! Mei ien munút sil alles fuort wêze, mynhear de polysje! Wolle Jo witte, hwat ik dêrmei bidoel?
Ik soe nou mar nei hûs ta gean, mynhear!
(Giet fuort.)
It lêste momint fan 'e wrâld, en nou bidjert dy dat sa! Skande! En as er nou noch hwat wichtichs sein hie! It is allegearre min! min! min! Ik haw lak oan alles!
(Der slacht in klok.)
Tolve ûre! Tyng, tang! Dit is de ein! Nou de saek yn 'e loft fleane Titte! Ien, twa. Nou op 'e knop drukke. Tyng! Wachtsje efkes! Tang!
(It slaen hâldt op.)
Is it slaen al dien? En it woe my net slagje! Hwat in skande!
(Der slacht wer in klok.)
Goed! Nou, wrâld, illindige wrâld, nou slacht dyn lêste ûrke! Tyng, tang! Dêr giet er dan!
(Hy drukt op in knop oan it kanûn. Skriklike slack, gerattel, gegûl. Adam falt oer de groun. Alles tsjuster. De wyn gûlt.
| |
| |
It kreaket en slacht. Ljochteffekten.)
O God! Ik bin dea! Help!
(De lûden stjerre wei, hâlde ynienen op. Pauze. In dimmen, skier Socht bigjint to skinen. De falske skimer lit sjen dat alles fuort is. Hwat der oer is, is in keale wrâld mei in hichte en in hopeleas iensume hoarizon.)
(komt oerein)
Bin ik net dea? Wie it dan net de ein fan 'e wrâld?
(Komt op fuotten.)
Hwer bin ik? Hjir is it Kanûn fan 'e Untkenning... Mar hjir stiene doch huzen, earder! Der hong hjir doch wask oan 'e line! De huzen binne fuort! Alles, alles fuort! Dan is it dòch de ein fan 'e wrâld! En ik libje noch! Och, ik haw forgetten mysels to ûntkennen! Mar fierder is it de ein fan 'e wrâld, dat is oan alle kanten dúdlik.
(Hy falt op 'e knibbels.)
Ik haw de wrâld rêdden, hwant ik haw him forneatige!
(Pauze.)
It is healwiis, mar it wie krekt as moast ik bidde!
(Giet wer stean.)
Kom, ik moat mar ris sjen hoe't it liket... nei de ein fan 'e wrâld!
(Sjocht om him hinne.)
Ik miende mar, 't soe wêze tige moai,
De wrâld soe eingje mei in skriklik lijen,
Mar dit wie as in kjers dy't útbliesd wurdt.
'k Hie doch noch tocht, de ein soe better wêze!
(Wjerljochtslaggen, gloede fan fjûr. Hy kipet.)
'k Hie tocht, der wie fan alles noch to sjen,
Ruïnes, reek, fornieling, brutsen beammen,
Masine-ark oan spuonnen, skeinde tsjerken;
Mar neat fan dat, 't is neat, allinnich mar it neat! -
Ja wier, men soe doch tinke dat der mear
Fan oerbleaun wie. 't Docht dúdlik bliken nou,
Dat neat gjin grevel wurdich wie. Wie 't oars,
Dan hie der hwat fan oerbleaun, dat is wis.
Ha 'k gjin gelyk?
(Sjocht om him hinne.)
Gjin spuonnen, gjin jiske, net in minskeliif,
Neat minskliks, dat forslein my freegje sil:
Hwat nou, hwat is ús oerkomd, hwat 's der bard?
'k Soe andere hawwe: Ja, IK haw dit dien,
IK bin de man, myn nocht hie 'k fan de wrâld,
IK haw him fynslein mei myn great kanûn;
En 'k wie wol twongen om it sa to dwaen -
Mar spitich, 'k kin dat sizze tsjin net ien!
Dit einleas neat is wol in bytsje kâld.
Hallo! - Gjin andert. It is út! Hoera!
Gjin minsken mear! Mar spitich likegoed,
Dat nimmen seach hoe handich ik dat die,
| |
| |
Soks sjocht men ommers alle dagen net.
Hallo! Hallo! Né, nimmen. Grif, in oar
Roun hjir nou op to skeppen: IK ha 't dien,
IK haw de wrâld fordien, hwant 'k hie myn nocht! -
Hallo! Nou, harkje doch ris jim! Hallo!
Is der net ien dy't nei my harkje kin?
Dit is wol hwat! In keale, lege wrâld.
(It each fan God bigfint to Ijochtsjen. Tonger.)
Hwat sei? Hwa sei dêr hwat? Hé, is dêr ien?
(greatsk)
Jo sjogge 't doch wol? 'k Haw de wrâld fordien!
(sjocht op)
O, it is de stim fan God!
(Falt op 'e knibbels, de hannen foar it gesicht.)
Adam, hwerom hastou dit dien?
Om't de wrâld min wie en net rjochtfeardich makke. Bygelyks...
Skep him sels op 'en nij!
Lit ris sjen hwatstou kinste.
Hwerom soe ik skeppe moatte?
Skeppe? Mar hoe dan? Hwerfan dan?
Fan de klaei dêrstou op knibbelst.
It is forskriklik to skeppen. Oerein!
God, haw meilijen mei my!
Adam, skep!
(Tonger, it ljocht giet út.)
Hoe nou?
(Komt op fuotten, slacht de knibbels ôf.) Ja, it is maklik to sizzen: skep in nije wrâld. Mar hoe dan? Hoe moat ik dat hawwe? - Gjin andert - Hy is gien, net ien wit hwerhinne... Dus skeppe! Krekt as soe IK dat kinne. Myn taek is, de wrâld to birjochtsjen en to fordwaen; dat is myn goed rjocht, en dêrom haw ik harsens yn 'e holle krige, wier? Mar skeppe is hwat oars. Ik soe net wiis wêze as ik dêrmei bigjinne soe. Fansels, ik soe de wrâld fan it bigjin ôf oars skepen hawwe, en better ek! Ik hie wol witten, hoe't ik it hawwe woe! Mar it is my krekt nei 't sin, hwannear't der alhiel neat is.
(Hy giet sitten op in bult klaei.)
Unsin, ik haw dreamd. Fansels, it wie bigûcheling, oars net. Krekt oft men libben skeppe koe út klaei! Gjin libben orga-
| |
| |
nisme kin út klaei berne wurde. Wachtsje efkes, in lyts ekspearimint!
(Hy kriget hwat klaei yn 'e beide hannen, tsjoent der hwat mei om.)
Hokus, pokus, pilatus, pas!
(Hy azemet op 'e klaei.)
Lit der flieën komme! (Hy docht de hannen iepen.) Nou, hwatte? Och hea, hja springe!
(Fljocht oerein.)
Flieën! Dy sille my...!
(Hy swaeit mei de fûst en hâldt dy sa fier mooglik fan him ôf, raest oerstjûr.)
Dat is in nuvere grap, in hânfol flieën to skeppen! Hwat moat ik der nou mei oan? En ik haw dy dingen sels skepen!
Mar dit is hwat nijs!
(Slacht himsels yn 'e hannen.)
Ik kin skeppe! Ik haw libbene flieën skepen!
(Klaut him.)
Ja, it is feit-wier! Ik hie earst gjinien. Ik bin skepper wurden, skepper troch eigen wollen en kinnen! Dy't de macht hat to fornielen, hat ek de macht om to skeppen.
(Klaut him.)
Hja dogge it bêst. Hwannear't men der goed by stilstiet, is sa'n flie in wûnder fan skepping. Hy kin sa bûtengewoan springe. Lit ien ris bisykje it my nei to dwaen! En forjit net, ik kin der safolle fan skeppe as ik wol!
(Bûcht him oer de klaeibult.)
Né, wachtsje. As ik flieën skeppe kin, kin ik ek oare dingen skeppe: miggen, en mûzen, en oaljefanten - of in megatherium! Hoefolle poaten hie sa'n megatherium? It docht der ek net ta, ik soe ien meitsje kinne mei trettjin poaten. Of in kou mei wjukken. Of... It bigjint my hast to mealen! (Klaut him.) It is my in slimme sensaesje, skepper to wêzen!
(Hy bisiket ta himsels to kommen.)
Adam, tink! Hwatstou skepste moat hwat betters wêze as dat gammel soadtsje fan foartiid. Ik sil ris sjen litte hoe't it wêze moat! Mar hwat moat ik nou skeppe? As ik nou mar in greater bult klaei krigen hie! Dat lytse protsje is net genôch foar alles hwat ik fiel dat ik wol dwaen koe... As ik nou mar wist, hwat... Né, gjin minsken, dat net! Né, wier net! Dêr hie ik skjin myn vocht fan, dat dy haw ik ôfskaft. Hwat hegers moat der komme, hwat nijs!
(Kriget ynienen in idé.)
Nou wit ik it! Ik sil in stap fierder gean; dy trime fan 'e aepminske wol ik oerslaen; ik sil in Superman skeppe! Ien dy't gjin weet hat fan weakens, fan meilijen; dy't net wit fan foaroardiel, fan boeijens, fan eangst, fan slaefske opstigings. Dit is in machtich momint! Strang moat er wêze, in berne hearsker, mei eagen as fan in earn, rjochte op 'e sinne; in prins fan 'e hichten, dy't net húzje kin yn 'e delten! Sa mei it wê;ze! Amen!
(Hy knibbelet del by de klaeibult.)
Hawar, it is mar in ekspearimint, nou? Ik sil ris sjen hwat ik kin. (Giet fiks oan 'e slach.)
Oan 't wurk! Oan 't wurk! Histoarysk stuit! Omheech,
| |
| |
De boppeminskeslike hichten op!
Dit is foarwis in goddelike taek:
To stigen boppe 't lege minskelot,
Dat dierlik is en slaefsk. Omheech, omheech!
Foarby hwat west hat! Ik, de minsken sêd,
Skep goaden nou. Ik woe wol dat ik wist
Hoe't ik syn fuotten meitsje moat. Ja, great
Silst wêze, en frij; en gjin forlet fan God.
Mar as in God silst hearskje oer dysels!
(Hy hâldt efkes op mei 't wurk.)
Mar hwerom eins in man? IK bin in man,
En dat 's genôch, tominsten as bigjin.
Mei 't skeppen fan in nije Eva sil 'k
Myn skepping daliks hege wijing jaen,
IK, IK, de nije Adam op 'e wrâld!
(Docht de jas út, foarmet yn 'e klaei.)
O heech geniet! Ut deade klaei ûntstiet
Ien dy't gjin frouminske is, mar in goadin,
Gjin slaef mear fan de man, ien dy't har lot
Yn eigen hannen hâldt, fan him foreard.
- Sa, hjir noch hwat, sa krijt it goede foarms -
Ien dy't gjin bern hoecht fuort to bringen, ien
Dy't frij is yn har gean en stean: in super-frou!
Klear!
(Komt oerein.)
Eva, stean! Sa is 't my krekt nei 't sin!
Goadinne, stean! Oerein, dou nije frou!
'k Wist net, dat skeppen sa'n krewei noch wie.
Kom, liz dêr net as stânbyld! - Gjin biweging.
Mar wachtsje, 'k haw har d' azem noch net jown.
(Docht de jas oan, azemet har oan.)
Eva, dou pracht, dou krêft, dou sierlik frouminsk,
Dou godlik wûnder, sjoch, dyn skepper hat
De foarholle dy patte, hat dy oanbliesd
Mei libbens sike. Libje, libje dou!
(It tryste lânskip wurdt fan 'e sinne forljochte.)
(oerstjûr)
It libbet! Nou wit ik dus hoe't it moat! Eva, libbest wier?
(komt op fuotten) Hwa ropt my?
Ik, dyn skepper. Ik groetsje dy op knibbels, hearlik skepsel!
Jawis, yn djippe biwûndering foar dy. Hwat bistou moai!
Hwa bistou? Dou sitst alhiel ûnder de drek.
Dat is de klaei fan de skepping. Ik bin Adam, de heit fan alle libben. Dit is in machtich momint. Eva, jow my de hân.
| |
| |
(forslein)
Hwat? Hast neat tsjin my to sizzen?
Ik haw him al sa faek sjoen.
Dou hast it rjocht net, de eagen nei ús op to slaen.
Ik en de sinne, dou stumperich munsterke.
Stumperich muns... Eva! Witstou wol, hwa't ik bin?
In foar skepselke, mei kromme poatsjes en smoarge kloeren.
Miskien bist de ien of oare slaef of sa.
En hwa bistou, soe 'k graech ris witte?
Ik bin it wûnder fan it libben.
Hwa hat dy dat wiismakke?
In stim binnenyn my. Ik bin Goadinne.
Hark ris! Sels dy stim binnenyn dy hast fan my krigen. It is myn stim!
Dyn stim is ôfgryslik. It is in moaijere stim, dy't yn my sjongt.
Dat soe sa'n ûnnoazele slaef lyk as dou doch net bigripe. Hy sjongt, dat ik in heger wêzen bin, gjin slaef fan in man.
Dat ik foreard wurde moat, om't ik Goadinne bin.
Dat ik gjin bern hoech fuort to bringen; en dat ik frij bin yn myn gean en stean, frij, hearstou?
Jawis, sa haw ik dy krekt hawwe wold. Eva, wês mines!
Sjit op dou! Ik bin hjir net foar dy!
Dat ik gjin slaef bin fan de man, mar ien dy't it lot yn eigen hannen hat.
Ik soe wolris witte wolle, hwa't dy dat allegearre dúdlik makke hat!
Yn oarder, mar dou moatst dat allegearre net sa letterlik nimme, sjoch. Ik haw dy skepen foar mysels. Dou bist mines, Eva!
Hoechst gjin birop op my to dwaen. Weakens, meilijen, dêr haw ìk gjin lêst fan.
Ik likemin.
(Nimt in greatske hâlding oan.)
Sjoch my ris oan! Hwa hat de wrâld forneatige? IK. Hwa hat dy skepen? IK. Hwa is nou master fan de wrâld? IK. Ik hoech mar ien wurd to sizzen en bist mines. Né, né, wachtsje efkes! Ik siz
| |
| |
it allinnich mar; ik wit wol, dou bist frij. Mar der binne in pear dingen dystou net forjitte meist... Ik haw dy it libben jown, en dat bringt foar dy bipaelde forplichtingen mei. In frou kin it libben sa moai meitsje.
Mar ik bin in oare, nije soarte fan frou.
Goed, goed, ik wit it nou wol! Fortel my, hoe wolst nou, hwat moat ik mei dy?
Op 'e knibbels dou! Ik gean de bergen yn.
De bergen yn? Hwerom de bergen yn? Hwat bist dêr fan doel?
De hichten, de frijheit sykje, leech skepsel!
Né, bliuw hjir, yn 'e goede, bliuw hjir. Ik kin de bergen net yn, op 't heden; sjoch, ik moat skeppe út dizze klaeibult. Kom hjir by my sitten to sjen. Ik kin skeppe hwat ik wol: flieën en goaden en helden, alles hwat men mar bitinke kin. En dou silst my de ynspiraesjeboarne wêze, dàt is de ropping fan de frou. Hwat moat ik foar dy skeppe? Siz op!
Ik haw gjin bilang by dat smoarge geklau yn dy klaei.
Smoarch geklau? Nou, siz, hwat is heger as to skeppen?
Frij to wêzen!
(Keart har om, sil gean.)
Ik siz: wachtsje! Hwer silst hinne?
EVA: Nei de hichten ta!
(Giet fuort.)
Fuort mei dy hichten fan dy! Bliuw by my, hearste? Gean net fuort en lit my hjir sa efter! Wachtsje efkes! Ik moat hjir de wrâld skeppe! Eva! Dy blinder! Hja giet fuort en lit my hjir omklauwe yn dy illindige klaei! Dat is gjin wurk foar ien allinnich. Wachtsje, Eva, wachtsje op my! Ik kom der oan!
(efter de skerms)
Heger, klim heger!
Hwerstou mar wolst! Eva, wachtsje op my. Ik kom der al oan!
(Flijcht efter har oan.)
- EIN EARSTE BIDRIUW -
|
|