De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 103] [p. 103] A. Jousma: Der boarte in bern Der boarte in bern mank blommen oan in reed; der letten klokken yn it lfje ljocht, der riisde in wolken boppe koarn en weet: in god, dy't glimkjende syn dream bitocht... o bern, dat ik dy jitris moetsje mocht... Der swalke in bol mank reiden by de feart, it wetter spe gele en der rûze wyn troch 't koarn, dat bûgjend ruoike en dêr't read papavers bloeiden tusken grizens yn... O bol, dat ik dyn blidens net mear fyn! Der libbe in feint mank frjemden yn in stêd en learde út boeken koel geheimenis. Mar nea waerd hy it ynlik sykjen sêd om 't gleone wûnder, dat forburgen is, dy feint - oer hwa't ik dizze wurden siz... Der is in man, dy't winlik net mear wit, hwat wierheit is, hwat waen yn dit flokt paradys. Mar hwat him troch de dizen draecht is dit: in reed, in loft, dêr't klokkelûden riiz', in feart, dy't bochtsjend troch de fjilden giet, in reode blom, dy't tusken hjouwer stiet en 't glimke fan in god, fordreamd en wiis. Vorige Volgende