De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Marten Sikkema: De houker Nim my net kwea, 'k doar gjin petear to weagjen: fan 't lêste moarnsmiel glimt my 't antlit blier, mar jo binn' faeks al ûren lang yn 't spier mei 't tûzenfjirde sleatsje út to reagjen. Earbiedich groetsje ik jou ierdske bannen: jou bûgde rêch, jou tryst en treastleas burd hwerlâns de rein net d' ierde ôffierd wurdt, jou meagre skonken en jou mânske hannen. It kouweguod tilt út en troch de holle út 't weidzjen wei en sjocht stiif glûprich ta en balt fan: loalje keardel, moat dat sa? as jo ris efkes rêste en pûste wolle. Dy stomme bisten soene jo forriede, pas dêrom op 'e slach en flagje oan. Fortrou ek net dy Ijuenske ka, bidoarn mei alle wjirms dy't him jou seadden biede. It is des Heare wil, oars soe 't net wêze en likegoed: de sleatten moatte skjin. Skielk binn' jo dea, hâld dus in fredich sin: as jo yn 't wetter kypje, kinn' jo 't lêze. W. Elsschot De Baggerman (1908) Vorige Volgende