kryt. It tsjetteltsje wie foargoed bidoarn. It hat noait wer in moai tsjetteltsje west.
It wiene oars sokke bêste minsken, Klaes-omme en Hindrikje-muoi. Goed, Hindrikje-muoi wie hwat stroef, mar hja kaem út itselde laech as beppe, dy't mei har seis bern in guodlik fromminske wie en goed foar in oar. Hja soe mei in earm minske har lêste sint parte. Beppe joech sels wolris hwat to folle wei. Hja hie in meilydsum hert. Ik leau dat Hindrikjemuoi yn 'e groun net oars wie, mar ja, Haerlim, it Spoar, de soarch foar de meubeltsjes en net folle oars oan 'e holle, dat binne omstannichheden dêr't nou net sa folle forheffing yn sit.
It libben fan Hindrikje-muoi, dy't nea in berntsje oan it boarst hawn hie, hie hwat skrael west. Hja hie har sinnen set op har kreas húshâldinkje en dochs hie muoike har sin net hawn en om dy reden wie hja gauris hwat grammitich. Net fortrietlik. O heden né, hja hie altiten in warber, in moedich frommins west. Fan Klaes-omme hie hja in mynhear makke, in man mei in gouden horloazje op it boarst en mei in sierlik gouden keatling. Klaes-omme koe moai Hollânsk prate; hy koe yn dat stik tsjin de bêsten op. Klaes-omme hie hwat to sizzen hawn by it Spoar, en dochs die op 'e ein bliken dat Klaes-omme mar it bêste op syn plak wie mei in angeltsje by de feart.
Klaes-omme socht it net by minsken en yn maetskiplik forkear. Der wie by ús in tram en in tramstasion mei gâns folk, hast yn 'e trant fan it Spoar, mar hy taelde der net nei om mei it personeel yn 'e kunde to kommen.
‘Hwat fynt sa'n man dêr nou oan?’ woe Hindrikje-muoi witte. ‘De heule dei mar hwat by de feart!’ Klaes-omme soe noait mei fisk thúskomme. Hy joech de fiskjes dy't er fong de frijheit werom of hy joech se wei. ‘Fan fiskbakken komt sa'n walm’, sei muoike.
Hindrikje-muoi woe sa graech dat Klaes-omme ris in oar idé krige oer it libben. ‘Hwerom altiten dat fiskjen?’'
‘Nou moatst dy ris forklaeije’, sei hja as er om it middeisskoft hinne thúskaem fan 'e feart. ‘En stek dan aenssens in sigaerke oan en doch in kuijer troch de buorren.’
‘Hwerom soe ik my forklaeije en hwerom soe ik in kuijer troch de buorren dwaen?’ woe Klaes-omme witte.
‘Om dyn sinnen ris hwat to forsetten’, sei muoike.
‘Dy forset ik genôch’, grommele Klaes-omme.
Syn sinnen wienen by de sinneglim op it wetter, by de weachjes en de koark en de rook fan kalmus en wylde bal-