| |
| |
| |
Fedde Schurer:
De man foar de spegel
Muzikanten en soldaten, roman fan Piter Terpstra. Laverman N.V., Drachten, 1959.
Mei syn roman Fjouwer minsken yn in stêd hat Piter Terpstra sjen litten dat er by steat wie in boek to skriuwen dat men alteast net ûnderbringe koe by it soarte fan tweintich yn in snies. Wy binne yn Fryslân mei dizze dingen net bidoarn en as der dan wer in boek fan dizze skriuwer forskynt, is men binijd. Hy hat forwachtings oproppen. Foldocht dizze nije roman Soldaten en muzikanten oan dy forwachtings? Ja en né.
Ja, hwant de skriuwer hat himsels in swiere opjefte steld, hy hat op foarse wize bisocht boppe syn eigen niveau út to kommen. Né, hwant dizze opjefte, de iennichste oars dy't in skriuwer oannimme kin, hat him krekt to swier west.
Neffens de flap kin dizze roman ‘mei rjocht en reden in boek oer De Lemmer neamd wurde. Net allinne lit him de sfear fan dit fiskersdoarp yn alles fiele en taeste, foar in part grypt it ek tobek op minsken en tastannen dy't histoarysk binne.’
Ik wit net ynhoefier Terpstra sels hwat mei dizze oankundiging to meitsjen hat, mar as ik him bigrepen haw, dan wie in rekonstruksje fan de histoarje alderminst syn bidoeling. Earder leau ik dat de toanielskriuwer, dy't de haedpersoan fan syn boek is, it by it rjochte ein hat as er seit (bls. 44):
‘It stik soe yn 'e lêste jierren foar de twadde wrâldoarloch spylje kinne, mar ek dy namme komt der net yn foar: de persoanen hawwe it allinne oer “de oarloch”. Plak en tiid binne dus net sûnder mear fêst bipaeld en sels mei oantsjuttingen as “kommunisten” en “soasialisten” wol ik bisykje frij to bliuwen fan partijen dy't bisteane of bistien hawwe. It décor is in griis efterdoek.’
Fansels hawwe ûnderskate figueren en foarfallen út De Lemmer stoffe bydroegen ta dit boek. Mar men moat it net tomjitte komme mei krityk yn 'e trant fan: dit wie sa en dat wie oars, en ik wit hwa't er mei dy en dy bidoeld hat, hwant ik haw it allegear sels mei bilibbe. Feiten en persoanen binne nou ienris it materiael fan 'e skriuwer, dat er brûke mei nei eigen wolgefallen; mar dan moatte hja ek oplost wurde yn 'e stream fan dy oare réaliteit, dy't de skriuwer yn syn boek skept, en dat boek mei net sjoen wurde as dokumentaire.
Hwant yn wêzen is dit gjin boek oer De Lemmer. It is in
| |
| |
boek oer in minskesoarte, dat yn 'e Fryske romanlitteratuer noch net faek as model tsjinne hat: de skriuwer. En de haedfiguer hjit net Petrus Bouma of Willem Winkelman, mar Frâns de Jager. Frâns de Jager is in man dy't mei himsels yn 'e ties sit. Fly hat in formoeden fan it libben, sa't it wêze kin yn syn aventûrlikens en greatens. Hy hat sjoen hoe't it oaren meinaem; him neem it net mei. Hy hat dy greatens fan it libben ealge yn trije aspekten: de leafde, de polityk en it yllegale forset yn 'e oarloch. Mar it leit allegearre yn in fitrine, hy kin der net by komme. Hy makket der litteratuer fan. En hy sjocht aloan himsels yn in spegel, praet tsjin himsels yn lange monologen fan rjochtfeardiging, dêr't alles yn relativearre wurdt. En wylst hy skodhollet tsjin dat spegelbyld, giet de wrâld syn gong, en woedzje de elemintaire krêften fan leafde en striid.
Frâns de Jager hat, lyk as alle minsken dy't tofolle yn 'e spegel sjogge, dêr't hja altyd wer harsels en nea de oare ûntdekke, in ûnlokkich houlik. Dat fornimt men fuort al op 'e nachtboat, yn syn petear mei de kaptein, yn syn oergunstich omtinken foar de frijende pearkes, dy't der op sa'n boat altyd biane - it mantsje is op aventûr, it lytse, omdat er it greate mist hat. ‘De hiele nachtlike sfeer op 'e boat wie laden mei erotyk’ - dat is fansels net sa, mar Frâns de Jager sels is dermei laden. Hy giet winliken nei De Lemmer om syn âlde leafde, Martha Winkelman, op to sykjen. Mar dan set de kaptein him troch syn frege hwat er op De Lemmer siket, op oar spoar: hy sil in toanielstik oer De Lemmer skriuwe. Sa hat er himsels fêstlein.
Yn 'e foaroarlochsjierren hat Frâns forkearing hewn mei Martha, de dochter fan in kommunistysk gemeenteriedslid. Hysels is a-polityk, fielt him as kunstner bûten en boppe dizze dingen stean. Martha stiet sterk ûnder syn tsjoen, mar wurdt tobekholden troch de bining oan har heit. As Willem Winkelman yn it forset tsjin de Dútskers fait, achtet Martha har oan syn neitins holden to trouwen mei Rindert Miedema, syn neiste meiwurker, in doktrinair kommunist, dy't har as man net foldwaen kin.
Dit forhael heart Frâns fan Robert, Martha har broer, dy't byldhouwer is en in atelier op 'e Fiskersbuorren hat. De kop dy't er fan Martha makke bringt Frâns it forline wer mei nije krêft to binnen. Hy sil der litteratuer fan meitsje. It toanielstik, dêrt er him op 'e nachtboat op fêstlein hat.
En hjir weaget de skriuwer Piter Terpstra in drystmoedich ding. Hy bisiket de réaliteit fan syn roman to fordjipjen troch it skriuwen fan in toanielstik yn syn forhael, dat de eftergroun
| |
| |
en de forklearring jaen moat fan de feiten út it forhael sels. It procédé is bikend û.o. út Anna Blaman har Eenzaam Avontuur en út Louis Paul Boon syn Kapellekensbaan, en hjir hat men al fornimme kinnen hoen nuodlik procédé it is. Sâ nuodlik, dat sels de man dy't foar de útjower de koarte gearfetting op 'e flap skriuwe moatten hat, der yn forsloech en de haedfiguer út it boek oantsjut as Petrus Bouma, hoewol dy haedfiguer Willem Winkelman hjit. En Martha, dêr't de flap it oer hat, is net de dochter fan Petrus Bouma, hwant dy hjit Magda, mar wol wer de dochter fan Winkelman.
Ik sil de lêste wêze om hjir kwea to nimmen, hwant sels haw ik it boek trijeris oerlêze moatten om origineel en spegelbyld útelkoar to hâlden. Komt dat nou inkeld omdat ik net yn twa fordjippings tinke kin? Ik bin bang dat it ek in bytsje oan 'e technyk fan 'e skriuwer leit. Hy bisiket hjir mei ynmoed de figueren bûten him to stellen en har tagelyk út harsels wei to biskriuwen. Men soe dus forwachtsje meije, yn it forhael in relaes fan feiten to hearren en yn it tonielstik it perspektyf to finen, de djipte efter de feiten. Lykwols, yn beide, forhael en toanielstik, struit de skriuwer rynsk deselde kommentaren roun, jowt er de lêzer gjin kâns in forklearring to ûntdekken, omdat er dysels al lang en breed, en letterlik ienris en twaris, formulearre hat.
It forhael fortelt ús yn haedstik trije de moeting fan Frâns de Jager mei Martha Winkelman. Goed journalist as de skriuwer is, hat er dizze moeting bifrissele yn in resinte aktualiteit; it forbliuw fan de negers fan St. Eustatius op De Lemmer, mei de ‘steelband’, it forneamde oaljefettekorps. De negers repetearje yn it hotel dêr't Frâns syn tinten opslein hat, en Martha komt ek op 'e repetysjes, oanlutsen troch dizze wylde en mankelike muzyk, en miskien noch mear troch de bandleader, de mantsjeman Sultan Woodly.
Sa kin it ek barre dat de grime fan de oergunstige Rindert Miedema, Martha har man, him sawol keart tsjin Sultan Woodly as tsjin de weromkommen Frâns de Jager. En tusken dizze moetingen en syn petearen mei Robert yn wurket Frâns oan syn toanielstik, einliks opset as monumint foar de yn 'e striid fallen Willem Winkelman. Men sjocht dizze man yn syn aksje yn 'e gemeenteried, men fornimt de tanimmende tsjinsin fan it folk yn 'e kommunisten yn it dramatysk effekt fan de brân yn it P.A.L.V.U.-gebou. Der Bitte, technysk bisjoen, goede toanielmooglikheden en sels harkspulmooglikheden yn. Mar hwat wy der yn sykje, de psychologyske taljochting fan it konflikt, fine wy net op foldwaende wize. De dialogen hjirre binne alle- | |
| |
gear Terpstra-dialogen, en it is him mar komselden slagge út syn eigen hûd yn dy fan in hiel oar minske to krûpen. It binne fan beide kanten deselde útwagerijen, deselde bitinkings, yn deselde amtlik-journalistike, únpersoanlike styl. Sels de ‘forrek’ en ‘fordomme’-útroppen binne net by machte om dit yntellektualisme troch to brekken. En as men jin fan it toanielstik yn it folgjende haedstik wer ta it forhael bijowt, wurdt dêr itselde etherfoarum wer fuortset.
Terpstra hat sûnder mis it formogen om in goed forhael to skriuwen, dat biwiist dit boek ek op mannige bledside, mar hy lit il sitte as er syn ûnderskate figueren in eigen ôftekene minsklik stal jaen moat. Dêrtroch is yn it toanielstik Petrus Bouma in soarte fan kommunistyske hillige wurden, en syn needsaeklike tsjinspylder Max Romijn it type fan 'e leffe ‘fakbons’, sa't wy dy foarset krigen yn 'e nasionael-sosialistyske propaganda. De tael dy't hja beide prate is gjin minsklike tael, mar in montaezje fan stikken út dûbeltsjese brosjueres. En as Petrus Bouma op it lêst foar syn arrestaesje bigjin to twiveljen, dan wurdt er alhiel Frâns de Jager, de man dy't achteneard en respektearre wâze woe, dy't as de need oan 'e man komt net foaroanstean doar en himsels op alle wizen ûntskuldiget - mar dochs tsjin wil en tank stjert as in helt.
Sa hat dizze sichtbere dûbelde boaijem dochs net dy fordjipping yn it boek brocht, dy't de skriuwer bidoelde. As hy mei syn fugueren dwaende is liket dat faek op it skrippen fan in houn, dy't in stikelbaerch hinne en wer rôllet: hy kriget dochs net oars to sjen as de bûtenkant. Hy moat folstean mei de retoaryske forklearring, omdat er dy fan binnen út net fine kin.
It forhael slút mei de dea fan Martha en it útbrekken fan 'e tredde wrâldoarloch: ‘de fijân stjit troch nei it westen.’
Der binne muzikanten en soldaten. Minsken fan 'e died en minsken fan 'e dream. Politisi en kunstners. Beide hawwe har eigen wei en har eigen rjocht.
Mar it bilangrike fan dit boek is, dat de selsrjochtfeardiging fan 'e muzikant net slagget. Dat it by einbislút útsichtleas bliuwt foar de man, dy't oars nea dien hat as yn 'e spegel sjen. Martha is op it lêst foar him ek mar in gefal, heechstens in frou dy't him leaf hawn hat. Trude, de frou dêr't er mei troud is, wurdt yn it forhael inkeld de eftergroun, de oarsaek fan syn ûnlokkich houlik.
Hy is de man dy't forlern giet, omdat er himsels net kwyt koe. Sa'n ien kin net leafha, noch stride. Hy kin der allinne mar litteratuer fan meitsje. Mar in litteratuer dêr't in gewisse yn sprekt. Men moat net bigjinne mei psycho-analitysk útraf- | |
| |
feljen fan nammen, mar hjir twingt de symbolyk him hast like dúdlik op as yn de Pilgrims Progress.
Frâns de Jager, de man dy't libje wol as god yn Frankryk, de man fan de lange jacht dy't mei in lege weitas weromkomt. Petrus Bouma, dy't konstruktyf wurkje en bouwe wol, en yn hwaens namme foar Frâns de Jager altyd de hoanne kraeije sil.
It is al mei al dúdlik dat men hjir mei in bilangryk boek to dwaen hat. En mei in skriuwer, dy't men sa stadichoan op ien en oar fergje mei. As ik dizze roman bisjoch op syn litteraire kwaliteiten, dan muoit it my dat Terpstra net hwat mear mei soarch arbeide hat. Syn tael is noch to journalistysk, hat tofolle fan de reportaezje en to min fan de plastyk, dy't men fan in romanskriuwer fan syn statuer forwachtsje mei. It hoecht gjin ympressionistysk proaza to wêzen om dochs in geve útbylding to jaen; de lêzer moat him net inkeld meidiele litte hwat der bart, by moat it sels sjen en ûndergean. Hy wol fansels wol leauwe dat Frâns de Jager op 'e boat in sterk langstme nei hwat ûnbipaelds hat, mar by wurdt der neat wizer fan. As by him fortelle lit dat it famke har hier útkjimt ‘yn in spegeltsje, in lyts kamke yn 'e mûle’, dan wit er wol dat it sa healewiis grif net west hat as it hjir úttekene wurdt. En as Robert meidielt, dat syn suster lijt oan ‘de ien of oare net botte bikende sykte, dêr't ik de namme net goed fan ûnthâlde kin’, en dat kin net forklearre wurde út it synisme fan 'e broer, dan moat de forklearring socht wurde yn in fiergeande nonchalance fan 'e skriuwer, dy't syn skema net trochkruse woe troch him ek noch op in mei namme neamde sykte fêst to lizzen. Ek is it ûnwierskynlik as it kommunistyske riedslid fortelt: ‘earme lju, dy't wyks sawn of acht goune fan 'e earmmeester krije komme hjir by my oan 'e doar en freegje my oft ik der hwat tsjin dwaen kin.’
Der is neat op tsjin dat in oantsjutting sober is, as hja mar in visueel appèl ynhat, as hja mar hwat opropt. Mar hwat moat men sjen by dizze opmerking oer de Fiskersbuorren: ‘Eartiids wie it in smelle streek tusken de huzen en it wetter. Mar it wetter is tichtsmiten; by hat der argewaesje fan.’
Sjoch, dêr haw ik nou argewaesje fan. Hwant as Boris Pasternak my hwat fortelt oer in strjithoeke yn Leningrad, dêr't ik nee west ha, dan sjoch ik it foar my, sels al is de sin út it Russysk via it Ingelsk yn it Hollânsk fortaeld. Mar dizze Fiskersbuorren, dy't ik sa faek delroun bin, reitsje ik troch sa'n dizenige meidieling kwyt. Hwant dat wie gjin ‘smelle streek tusken de huzen en it wetter’. Dizze smelle strjitte, oan it farwetter, bistie krekt út dy rigele huzen, dy buorren, dêr't
| |
| |
de fiskers wennen. In smelle streek, los fan 'e huzen, is nammers gjin buorren, dat is inkeld in paed. Ek kin men mei wetter ûnderskate dingen dwaen, mar men kin it net ‘tichtsmite’. En as in rûchhouwer it sa seit, sil ik it him net kwea nimme, hwant ik bigryp wol hwat er bidoelt. Mar ik haw it hjir oer in skriuwer, dy't de tael as kostber materiael hat to biwurkjen.
Myn slotsom is dizze: Terpstra is in skriuwer fan bilang, mar hy moat syn forantwurding fiele yn elk détail en net foldien wêze as er inkeld mar syn skema úttikke hat. Hy sil it libben, oft dat nou op De Lemmer of yn Ljouwert of yn Amsterdam spilet, út de fitrine weihelje en der de waerme bloedslach fan fiele. Mei minder kin in skriuwer net ta, mei minder mei syn folk net foldien wêze.
Ik mei lije, dat Soldaten en muzikanten gâns lêzers fynt dy't it mei ynmoed en kritysk lêze. It boek fortsjinnet it. Ek mei ik lije, dat it troch in oare roman folge wurdt. Mar net al to hastich. Fakmanskip freget tiid, einleas geduld en fromme oandacht. Net foar de spegel, mar foar it libben yn al syn boeijende aspekten.
|
|