c.s. har net kreas mei forwizing nei namme en tanamme to boek yn har Encyclopedie van Friesland, dizze kunstneresse in eroticis?
Lykwols, leginden meije taei wêze, it ivige libben hawwe hja net. En boppedat, Grieten binne dogenieten, seit it spraekgebrûk, Der lykje har langer symptomen to opponearjen dy't de leginden om Mata Hari hinne werombringe ta réeler forhâldingen. Sjoerd Leiker bygelyks, dy't doel hie in roman oer Gretha Zelle to skriuwen, die to witten dat er syn foarstúdzjes oer dizze figuer staekt hat, om't er op it lêst yn syn objekt oars net folle seach as in foarbyld fan in hwat foartidige striptease-girl.
De leginde-Mata Hari op heilsume wize redusearje docht ek grif in Hollywood-film út de jierren tritich, hwerfan lêsten ek yn Fryslân in reprise draeide mei Greta Garbo yn de haedrol fan Mata Hari. Alhoewol de herhelle konfrontaesje mei de Sweedske filmstjer my opnij oertsjûge fan har great spyltalint, kin immen dy't hwàt fan Mata Hari's libbensfeiten ôfwit yn dy rolprint al min in swymke fan dokumintaire wearde fine. It meneuveljen fan Garbo as ‘easterske dounseresse’ foar in Shiva-byld mei harem-eftige omballingen as lascive dounspassen en wynderjende sluijers kin faeks ynsàfier de wierheit tsjinje, dat it jin opnij wissichheit jowt, nòch Garbo nòch de Mata Hari dy't hja spilet hiene choréografysk taunt. It filmforhaeltsje fan Mata Hari's leafde foar in Russysk ofsier, dy't (nota bene yn 1917!) yn in fleantúchje mei militaire dokuminten oer de Dútske fronten fan Moskou nej Parys fljocht en wer werom, is fansels in mearke dêr't de mânske tommen fan de filmmanagers debet oan binne. Dat naesje hat allinne mar bilang by jild op 'e fingerseinen fan it bioskooppublyk. De iennichste konsessy oan de wurklikheit dy't yn de film dien wurdt, ek wol dien wurde móást soe it forhael leaud wurde, sit yn it drôvich slot: Mata Hari's foroardieling en torjochtstelling. It proses sels, dêr't de foroardieling it gefolch fan wie, is yn de film sa'n stik opskroefde gekheit, dat elk Frânsk militair gerjocht, al hoe korrupt it yn wierheit wêze meijen hat, him misledige fiele moat. Melodramatysk en ûnecht binne ek de slotscenes, as Mata Hari as in moderne, mar mislearre Jeanne d'Arc tusken it fjûrpeloton weelderich widzjend yn 'e heupen har fusillade tomjitte rint.
Kin sa'n film dus ûntmaskerjend en ûntnochterjend wurkje, in ûnforbidlike oanslach op de leginde-Mata Hari docht it boek, dat yn 1956 de Ingelske journalist en globe-trotter Bernard Newman skreaun hat ûnder de titel Inquest on Mata Hari. It boek is gjin vie romancée, mar earder de reportaezje fan in streng histoarysk ûndersyk. It liket der op dat om wierheit en waen to skieden de skriuwer gjin middel slûpe litten hat. Mei as iennichst doel objektive feiten to sammeljen en to kombinearjen, liket Newman sahwat alles oer Mata Hari, oer hwa't foaral yn it Frânsk gâns ôfskreaun is, kritysk lêzen to hawwen. Mei Mata Hari's broer as gids hat de skriuwer ek yn Ljouwert west, har bertehûs op 'e Kelders bisocht, earizers sjoen en de tael praten heard. Unbiwust in ôáre leginde foarmjend en bifestigjend seit er fan de Friezen: ‘There is some local feeling for self-government, but more for separation from Holland.’
Unbarmhertich weeft Newman ôf mei gâns humbug dy't guon skriuwers oer de bitsjoenende bajadère forkocht hawwe. De Hollanner C.S. Heymans mei syn ek yn it Frânsk fortaeld boek De ware Mata Hari (1930), bifreone mei Mata Heri's man MacLeod, wurdt partidich-