Yn 'e fierrekiker:
Der kaem in man werom
Elk kin der wiis mei wêze dat dr, Giacomo Prampolini, de Italiaenske litteratuerkenner út Spello, by syn twadde reis nei Nederlân Fryslân net oerslein hat. By syn earste bisyk yn de jierren tritich wie er spitigernôch oan it Noarden net takommen en dat lei doe ek wol hwat yn de reden. Net dat dr. Prampolini doe noch net fan it bistean fan in litterair libben by uzes ôfwist - hy hat jierren forlyn al wurk fan Sybesma en Rixt oerset - mar de fêste bân dy't hy nei de lêste oarloch tusken ús en him lein hat troch syn útjefte fan yn it Italiaensk oersette Fryske lyryk (Poeti frisoni, Milaen 1952) en troch syn kundige oersjoggen fan Fryske litteratuer yn Frânske en Italiaenske wurken, dy bân wie der doe noch net.
By syn twadde reis nei ‘Olanda’ hat er gelokkich mei Caesar de dobbelstien oars rôlje litten en is biret de Tsjonger - dy Fryske Rubicon - oer tein. De gearkomste dy't in - moai heterogene - groep Fryske skriuwers okkersneintomiddeis to Ljouwert mei him hawn hat, levere ynsafier gjin forrassingen op dat de measte oanwêzigen de professor bigroetsje koene as wie er in goekunde fan jierren her. En in goekunde dat wie er omroers ek, al wie dy kunde oan him dan oant nou ta allinne ta stân kommen via de drukletter. Gjin niget dat Jan Piebenga yn syn treflik bigroetingswurd praette fan in soarte famyljegearsit, sa't dy yn Fryslân langer hiem binne. Sa wie it mar krekt. It hie der fan, as wiene de Nijdamstra's, de Rienksen of de Roarda's meiinoar gearstapt om in lang bikende, mar ek lang ôfwêzige sibbe yn to huldigjen.
In seldsum aerdich idé wie it dêrom om de gast in lûdbân oan to bieden, dêr't alle dichters dy't yn it bondeltsje Poeti frisoni foarkomme, foarsafier't hja noch yn it lân fan de libbenen forkeare, har eigen fersen op deklamearren.
Skielk yn Spello werom, hat de polyglot Prampolini, de strider foar en biminner fan de lytse litteratueren, in stik Fryske dichtertael nou ek ‘in natura’ yn 'e has. Hy mei dizze geste biskôgje as in foech blyk fan de tank, dy't de Fryske litteratuer him, de Italiaenske geastessibbe, forskuldige is.
D.A.T.