De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 6] G.N. Visser: It eilan Cyprus De folkshelt Grivas yn earbied taeigene Op Cyprus riist in berch, in wûndermoaije De Nyls sawn earms kin er ûnderskiede En 't read, dêr't easterkimen har mei toaije Dêr, hwer't gjin minske komme mei op ierde En op it heechst jit griene skeanten gloaije En oan har foet dêr bloeit in frisse miede Dêr't life twirren troch de blommen djoeije En ruoikje litte it krûd en leaf lik soeije. De oere is mei in gouden hoep dêr ronge In delling leit der, dûnker fan struwielen Dêr't leafdelieten klinke, yn de jonge Leaven galmje blide fûgelkielen... En weagen dan fornimst, dy't moarmelsjonge Twa beken ljochtsje yn de sinnestrielen En sûvre minnedrippen klear forsjitte Dêr't Amor goud smelt, sjitark yn syn smidte. Fan dit swiid tún sil 't griene leaf toninter Yn 't wyt fan ryp, yn 't wyt fan snie him klaeije En nea doart komme hjir de strange winter Nea sil oer it struwiel de froastwyn waeije Soel is de jiergong, ivich lyk forrint er En ivich tôvet hjir de blide Maeije Dy't yn de wyn de lokken ljocht ûntbine En tûzen blommen wol to krânsen wine. Nei Angelo Poliziano (1454-1494), Stanze per la giostra. Vorige Volgende