ienris yn de romte opnomd wurde. Dy romte komt der! Al dy lytse en binypte dingen fan thés... yn de greate wrâld, op it wide wetter en yn de hjitte fan oare lannen en by it great forskaet fan folken en minsken ha se him bineare èn der is him hwat fan bybleaun. Hy ken twa soarten fan minsken: útkarden en net-útkarden, leauwigen en ûnleauwigen... né, oars, hy ken minsken dy't foar harsels libje en oaren dy't foar de neiste libje... en dy binne der ûnder leauwigen, byleauwigen en minsken dy't sizze dat hja neat leauwe.
- Dêr stiet de twade letter, in I...
It leit allegearre nuver troch elkoar hinne mjukse en de minske riert der wûnderlik yn om - hy leaut net oan de minske. Mar hy wit ek, dat God oan party minsken safolle genede skinkt, dat er hwat fan Syn greate genede en barmhertichheit yn in minske by buoijen wjerljochtsje lit - in grisseltsje, in fûnkje... Mar hwa't it sjocht, dy hat it hwat to sizzen. Syn mem koe harsels weisiferje. Dy prate net folle mei greate minsken - hja boarte folle mear mei de lytse bern; dy leaude net oan it eigen tsjerkje of oan it nuete rountsje... dy leaude yn God; dy holp harsels net foarút, mar dy holp in oar; dy snobbe net, mar hie altyd hwat efterút foar de lytse bern.
- Nou stiet de T der ek...
Wie hy thúsbleaun, hy hie it miskien nea sa sjoen. Op in ôfstân sjocht men skerper, nimt men better waer. Hwa't op de pôlle bliuwt, sil minder skerp opmerke, nea royael gripe en rom fiele. Dy sil der net sa mei ompiele hoe't it sykhellet en libbet... hwant thús libbet en sykhellet men mei yn it kloftsje - dy komt nea los fan it konvinsionele tinken en dwaen... dy wurdt hwat de lytse mienskip is, komt der nea boppe út.
- De S falt him net ta...
En der is mear. Hy komt nea los fan syn mem - hy komt ek nea los fan it leauwe oan dy lytse en binypte mienskip, dat soms yn wierheit oplôge... as al dat lytse gedoch him utere yn in psalm, yn in liet. Dan wie it as tilde dat tsjerkje mei folk omheech... dan wiene hja harsels net mear, mar dan waerden der oare en nije minsken omheech heve. Hja biene dan neat eigens mear oer en it wie allegearre sa oars. Krekt as by syn mem. En soks wie eins net to neamen, net to mjit-