Krityk yn it koart:
Flecht yn 'e malar
Sigfrid Siwertz, Marpiraten. Ut it Sweedsk yn it Frysk oerset fan Marten Sikkema. Bantintwerp en stofomslach Jan van der Bij. De Fryske Bibleteek 82. Utjowerij Brandenburgh en Co., Snits, 1955. Printe by Friesch Dagblad, Ljouwert.
Dit forhael is net maklik to karakterisearjen. Derfoar hat it to folle en to Onderskate eleminten. It jowt, mei greate kunde en gans sfear, in brede biskriuwing fan in lansdouwe: de Malar, dy wide wrald fan marren, eilantsjes en pollen mids in bergige en boskige natal. binoardwesten Stockholm. En yn dy lansdouwe mei har Ofwikseling net allinne fan natal., mar ek fan waer: simmer en hjitte, wynstilte, Onlijichheit, tonger en stoarm, lit de skriuwer trije jongfeintsjes in swalkerstocht meitsje, dy't harren sawol yngrevene kunde oan it gebiet as oan farren en farrensark bybringt. Mar der haldt it net mei op. De mannen krije safolle to bilibjen en to enderfinen beten de wenstige roai fan soksoarte forhalen fan jongereinswalkerij, dat it boek ek fan in avontilreroman hat. Boppedat giet it de kant út fan 'e detektive, sij it dan ek in finopsetliken en ienfaldigen: de maten fintdekke tafallich in moard, en ien fan harren bringt de dieder ut. Siwertz sjocht sels kens syn figueren, al swalkjende, tintdekkende en anderfinende, effen yn 'e kunde to bringen mei de wrald fan in pear harren minder bikende sosiale milieu's: adel, dilettantistyske wittenskip en greate boargerij.
It haedelemint lykwols, it eigentlike doel mei dit forhael, liket my ta, leit yn 'e tekening en Ontwikkeling fan 'e karakters. Op 'en djipsten en biskiedendsten is Marpiraten op syn wize litterair-psychologyske forklearing fan 'e driuw ta swalkjen oer de wiidten. Yn 'e gong fan it forhael, yn 'e karaktenitbylding, en ek wol troch sels it taljochtsjende wurd to nimmen, lit de skriuwer de romantyk derfan sjen: it langstme nei frijheit. De tocht, oangien itt forfeling en at in frijhwat finbiwust sin oan avontaren, wurdt flecht yn it avontar. Wis, flecht ek ut freze om werom to kommen, flecht fan, mar geandewei sterker foar de boargerlike wrald. En al flechtsjend, komme yn alle gefallen twa fan 'e trije maten - de tredde, Erik, spilet gjin greate rol ta harsels, bisef fan hwat harren driuwt, biwustwurding fan har forlangst. Beide fine hja har wei neffens dat hja bisteane: Fabian, de man fan it lichtsinnich needlot, giet net mei werom nei hes, mar tsjocht fan en via de Malar de lokjende, noch folle frijere einleaze wrald yn; en Georg, de eigentlike haedfiguer, dy't wol wer theskomt, hat nou in fest doel, der op klear dat er is om de frijheit yn en op 'e boargerlike maetskippij to bifjochtsjen.
Mei oare wurden, Marpiraten hie licht in healslachtich, ja hybridysk gefal wurde kinnen, as Siwertz net sa'n handich skriuwer wie. Natilrbiskriuwing, sfear, foarming, karaktertekening, fortelkunst, bou, it trochinoar weven fan 'e tinderskate eleminten, it is allegear litteraire knap, en de esthetysk-romantyske tael, krekt passend by dat alles, wurket noch mei ta de ienheit en de tsjoen.
Nammersto mear lykwols hie de skriuwer syn lang net lyts kunstnersformogen nedich, meidat it forhael hiel hwat Onwierskynliks