Op it harspit:
In nije ‘rimen en teltsjes’
Neffens in krantebirjocht sil J.P. Wiersma foar fitjowerij R. van der Velde to Ljouwert in nije fitjefte bisoargje fan de Rimen en Teltsjes fan de Bruorren Halbertsma. In skoander ding, hwant de 6e printing fan dizze Fryske ‘klassyk’, nei de leste oarloch forskynd, is al wer in skoft Utforkocht.
Dochs soe men, Nou't foar de 7e de widze reskikt wurdt, graech in pear winsken en fragen dwaen wolle. Wurdt it ntl. gjin tiid en pas de typografy noch mear by us tiid oan as yn 1946 bard is? Wis, de printen fan Ids Wiersma hawwe greate dokumintaire wearde, mar passe hja noch wol yn in boek mei moderne bledspegel? Soe it net better weze en sykje foar de yllustrearring in grafikus oan dy't in tal houtfiken makket, ynspirearre op 'e tekst, mar dochs yn frijer skepping as Wiersma's presize pintekeningen?
It nije wurk is as folksboek bidoeld. Hat it dan noch sin alles hwat de trije bruorren skreaun hawwe der yn under to bringen? Stikjes en snypsnaren dy't tofolle oan it ynsidintele boun binne, koene wol sûnder skea fordwine. Ek rubrisearring, lindertitels, ynlieding en ban sille nedich op 'e helling moatte. Mocht soks by de Utjowerij ofstuitsje op finansiele biswieren, dan soe mei man en macht bisocht wurde moatte der oerheitsstipe foar los to krijen. Sa, yn modern habyt stutsen, soe men in Rimen en Teltsjes krije, dy't ek de jongerein under de hjoeddeiske Fryske lezers foldocht. Hwant fan dyen moat it komme.
D.A. TAMMINGA