op persoanlik forarbeidzjen fan dit biwende motyf wiist.
Men kin om to bigjinnen earst sa goed wol om dy fraech hinnesile en wize op it feit, dat dizze skriuwer moai geve folsinnen skriuwt, bytiden ek wol in pittige dialooch. Byldzjend, ympressionistysk oandwaend formogen kin men him, de kunstskilder, ek yn syn proaza net untsizze en jeuzelje ynpleats fan fortelle docht er net. Dat binne stik foar stik dingen om bliid mei to wezen; hja meitsje Pier Feddema syn earsteling gans lesberder as de measte Fryske boeken dy't mei safolle klam as ‘folksboeken’ oanpriizge wurde.
As men ek by dit slack boeken foarsichtich de fraech stelt hoe't it sit mei de psychologyske kant - en ik hald út dat dat net allinne mei, mar ek moat - is der kans, op sa'n wize oer in boek as Brekkende Brdnning in wurd to sizzen dat de kearn rekket.
Ofsjoen ommers fan omballingen bliuwt wichtichst de fraech oft Halbe en Klas, boer en boerinne - om jin ta de haedpersoanen to biheinen - minsken wurden binne net allinne fan fleis en bloed, mar ek minsken hwaens hâlden en dragen yn logysk forban steane ta har inerlik wezen. Deroan foar6f giet de fraech, oft de skriuwer yndied minsken mei in eigen inerlik wezen skepen hat, of dat er se sûnder folle omtinken libje en it ien en oar ‘bilibje’ lit.
Pier Feddema hat (dat moat him ek as fortsjinste oanrekkene wurde) wol boar it forstan hawn dat it skriuwen fan in roman ek binammen op dit med easken stelt, mar spitigernoch is er mei syn persoanen almeast net fierder kommen as healwei: it bleau by typearringen. Noch Halbe, noch Klas stiene my, doe't ik it boek foar de twade kear lezen hie, as libbene minsken foar eagen. Gans dúdliker en oannimliker wie my, alteast yn de twade helte fan it boek, de figuer fan Halbe’ mem; yn har syklike erchtinkendheit, letter oergeand yn dwylsinnigens, waerd hja mear as in type.
As Pier Feddema net fierder de kant ut wol fan de populaire folksroman (en hwerom soed er, der binne op 't lest wol oare skriuwers boar to finen) sil er yn folgjend wurk himsels noch greater twang oplizze moatte. Sawol by it sykjen fan syn themata as by de Atwurking derfan, binammen de psychologyske kant oer. It feit dat er ‘de pinne skoan tille kin’ mei him net wer fortokje ta guodkeape effekten der't Brekkende Branning net frij fan is. Hy soe neffens myn bitinken ek, as kristlik skriuwer, mear war dwaen moatte om it religieus bilibjen fan syn sUzjetten oant op 'e boaijem to bidjipjen - hwat