De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 272]
| |
Y. Poortinga:
| |
Oan conscience
| |
[pagina 273]
| |
Bid, bid for us! Wy, frije Friezen, stride
For 't selde as Jy, for us effi goudne tael.
Hja scil net op tiids weagen us antglide!
Rjue skalden songen fen hjar kreft en prael;
Hja is de tsjepste blom der Friezene ierde;
Wy lieawje s’ as d' aid strider 't ear-metaeL
Mar it gedicht is anonym. It iennichste anonime yn 'e bon-del. En gjin dossier lyk as fan it aid Frysk Lieteboek. Kin it ek fan Piter Jelles weze? Hwa't in bytsje ear hat boar fersmelody sil skodholje. It fers is rhetorysk, mar Piter Jelles syn rhetoryk is meislepender. De fjirde rigel is stjitterich fan hast barokke oerladenens, en de alderleste is frijhwat in antiklimaks. Soks soe P.J. net oerkomme. De makker is minder dichterlik. It dichtsjen is syn deistich wurk net. Hy is hjir echt foar sitten Bien. Der sprekke gjin sterke iinderstreamen mei en der klinkt gjin great forskaet fan toan en hid op út dit fers. Mar wol komt der Us in markante persoanlikheit út tomjitte! Markanter as dy fan ien fan Piter Jelles syn fierdere meiwurkers. Derom bliu we wy nijsgjirrich. De kaei op dit lyts riedling mien ik foun to hawwen yn in oar gelegenheitsferske, dat to finen is yn it Friesch Volksblad fan 31 Augustus 1879: | |
Oan jhr. mr. I.F. van Humalda van Eijsinga
Lok! nomle Fries, fen edle fryske stamme,
Fen herte lok! nou frije fryske folk
Jou keas, om yn 'ems rie de folksbilangen
To tsjinjen, to bipleitsjen as syn folk.
't Wier nou de moeite wir'ch de striid to winnen;
De fromme skare stried mei kreft en fjur
For Abraham, de fader der geloov'gen;
De steken skripten, 't roan hjar hast ut 't roer.
't Holp net, de Dokk'mers toanden, dat al hâlden
S’ clear in kreeft ek for in wanderdier,
Hja nou us Foarst mei 'n kreeft net tsjinje woene,
Mar ek ‘Foartitgong!’ skrjuwe yn hjar banier.
T.S.
| |
[pagina 274]
| |
De makker is de redakteur Oebele Stellingwerf. Hy wenne, dat jiers foar 't lest, noch to Tsjom. As er syn bydragen signearre, die er it meast sa. Hoe komt dizze Saul Cinder de profeten, to sizzen under de lofsjongers fan 'e adel? It slacht op in stimbosstriid yn it kiesdistrikt Dokkum. Stellingwerf wie doe noch foar de liberalen, hwaens kandidaet Van Eijsinga it nei in fine aksje fan de a.r. folgelingen fan Abraham Kuyper woun hie. ‘Lok! nomle Fries....’ en ‘Lok, eale Flaming....’, it iene liket suver ‘oertaeld’ fan it oare. It rym fan 'e earste rigel is gelyk, it is sels itselde wurd as it rymwurd fan rigel 1 fan strofe 2. Wy fine al gau in gelikense konstruksje: ‘'t Folks hert’ - ‘rans rie’, de genityf fOar it substantyf der't er fan of hinget; deselde fiiffuottige rigel; deselde wize fan hantearjen fan it enjambemint. Boppe alles is it de gelikense ‘fal’ fan it fers - it soe forfeelsum wurde, dy to analisearjen - dy't my praktysk wissichheit jowt fan S. syn auteurskip fan Oan Conscience. Fierder forgelikingsmateriael is der net folle, by hat net folle fersen skreaun. Fan toan lykwols hat ek in fjouwerfuottich ferske dat er ek yn 1881 makke folle fan 'e beide oaren. It is it rymke, dat de fordigener fan 'e koetsier Agema, yn it forneamde proses fan dy namme, gravearre krige yn in sulveren prissentearbled, om't er gjin bileanning ha woe: | |
De Friezen oan mr. S. KatzGa naar eind3)
De slim fen 't folk, hja wier Gods stimme,
Do Fryslân tocht: ‘it Rjucht wirdt skeind,
En d' earme bliedt hjir for de rike,’
En rOp: ‘Lyk rjucht for hear en feint!’
Jy, Katz! haww’ do yn 't tsjuster ljocht,
En d' oantaeste unskild frijdom brocht.
O.S.
Ek yn 'e foarkar foar biskate wurden as ‘folk’ en ‘frij(dom)’ of yn de oanspraek fan in persoan, mei men miskien oerienkomst sykje. Is it wierskynlik, dat Oebele Stellingwerf meiwurke hat oan It Jonge Fryslem? It fers moat yn 1881 dichte weze, ommers yn dat jier falt de greate huldiging fan Conscience, nei oanlieding fan it utkommen fan syn 100ste boekwurk. Maeije 1880 forfoer S. nei Ljouwert. Maeije 1880 komme der foar 't earst Fryske fersen fan Piter Jelles yn S. syn kranteGa naar eind4) P.J. kaem ek al gau by S. oan hils en noch yn 1880 folget de oprjochting fan de Fryske rederikerskeamer Gysbert | |
[pagina 275]
| |
Japiks mei S. as foarsitter en P.J. as skriuwerGa naar eind5). Hwat leit mear yn 'e reden as dat Troelstra, doe't er in bondel dichtwurk fan 'e jongerein ntjaen woe, ek Stellingwerf frege, dy't wol gans âlder as hysels wie, mar yn '81 dochs ek noch mar 33 jier waerd? En hwat reden kin Stellingwerf hawn hawwe en lit syn fers anonym opnimme? Yn S. syn bled waerd in bulte finder pseudonym skreaun. Dat fordigene de redakteur: it wie foar party to noedlik mei it each op 'e breawinning om under eigen namme to skriuwenGa naar eind6). Dat biswier koe hjir net jilde. Earder hat er witten, dat syn kreft net yn 'e poezij lei en wie it in soarte fan biskiedenens - under dizze profeten hat er dochs winliken net weze wollen. Faeks hat er wol field dat er himsels poetysk winlik by syn debut as ‘echte’ dichter herhelle. De kar fan it Cuiderwerp. Bihalven dat it dat jiers aktueel wie, kin der ek in djippere reden west hawwe. Piter Jelles wiist, krekt as er it oer syn omgong mei Stellingwerf-en-dy hat, op it feit dat it Frysk-praten jin yn dy dagen to Ljouwert min ofte mear fan 'e deftige formiddens isolearreGa naar eind7). Lyk as Conscience brnkte S. de folkstael to de forheffing fan it folk sels. De enoarme populariteit fan 'e aide Conscience moat yn de heal-bline journalist, hwaens namme krekt dy simmers troch syn aksje yn 'e saek Agema troch elkenien neamd waerd, persoanlike fielingen wekker roppen hawwe. |