De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 270] [p. 270] Anna Terpstra: Bloeijende cactus Albasten blom mei 't djip forhoalen libben, yn ivige kear fan ierde’ foarst bigjin, ankearb're driuw, oan dea en nacht bisibbe, it libben sled en libbenssied gewin. It tear geheim en opgean fan rju machten, dy't, hege wet, oer dea en libben stean’, mei iepene pronk en geurjen yn 'e nachten, anpeilber hert yn op- en a ndergean. Albasten blom oan stokk'ge griene lidden, mei mylde bloei yn koart en ierdsk bistean, dyn kreft forlearst nei fat en heftich bidden, dyn bline drift koe 't stjerren net antgean. Lit us nei djipper djipten niigjend sinke, der't libbens hertslach lokket to geniet, wylst boppe as himelske banieren blinke en wy forboun untwine as oan 't fortriet. [pagina 271] [p. 271] Liet yn maeije Oer de wide weagen waeije wrede winen, boppe us weagje grize wolkens, swier as lead, om us hinne hawwe wet ten fan 't forline teare tsjoen en 't bliid fornoegjen wreed noch keard. Ut de skiere, leadne lof ten saeije skrokke kobben, wreed yn 't kearen, op 'e weagen del, stadich keare dan us wegen, net forlokke, makket langstme nei it libben 't herte kjel. Dan - omfierrens - weeft it lette sinnefjurkjen ljochte rannen om 'e wolkens boppe 't waed, yn us gean’ de libbensweagen, Vedder sljurkjend, redder kearend mei as langstme oer it haed. Vorige Volgende