| |
| |
| |
Inne de Jong:
Jeanne d'Arc yn tsjerke en litteratuer
Dizze simmer yn july is it 500 jier lyn, dat Jeanne d'Arc, in fearnsieu nei har dea, troch Paus Calixtus III rehabilitearre waerd. Hja hie de twadde dochter west fan de boereminsken Jacques d'Arc en Isabelle Romee, berne yn jannewaris (de 6ste wierskynlik) 1412 to Domremy yn Lotharingen. Yn july 1428, 16 jier aid, flechte hja Ut it aldershus, mei great hertsear, mar hja koe de stimmen, dy't har ropen om Frankryk fan de Undergong to redden, net langer untkomme. Maeije 1429 forsloech hja de Ingelske legers, dy't Orleans bisingelen, hwat de knapste Franske generaels hieltyd wer mislearre wie. nei't hja de fijan fit de stedden by de Loire fordreaun hie, fierde se de dauphin, de Franske kroanprins, dy't alle hope op syn ryk forlern hie, nei Reims, dell er de 17de july 1429 kroane waerd as kening Karel VII.
De 23ste maeije 1430 foel Jeanne yn hannen fan de Bourgondiers, dy't har oan de Ingelsken forkochten. De Ingelsken op har bar leveren har ut oan de Ynkwisysje en de Tsjerke: in tsjerklike rjochtbank, Under presidium fan biskop Pierre Cauchon en fierders bisteande At in fyftich theologyske en juridyske eksperts, bifoun har skuldich oan ketterij, tsjoenderij, blasfemy en sonde tsjin de goede seden. Hja waerd ekskommunisearre en oan de wraldske macht, yn dit gefal oan de Ingelsken, Utlevere. De 30ste maeije 1431 is hja, 19 jier aid, to Rouen op 'e bransteapel stoarn.
As in machtige meteoar wie har ljocht oer de himel fan West-Europe flitst, as in meteoar wie it dwest. It like definityf ut to wezen mei de wiindere skiednis fan La PuceIle. De kening, dy't se kroane, de striidmaten, dy't se fan oerwinning nei oerwinning laet hie, hiene gjin han Utstutsen om har to redden. Karel VII siet yn 't seal, it fanke, der't er kroan en ryk oan to tankjen hie, wie as in hekse forbrand, de wrald draeide fierder. IngeIan wie syn gefaerlikste fijan kwyt, de tsjerke in ketter, de communis opinio fan de liedende klassen in finforklearber en derom binearjend riedsel. Dat har skiednis de 30ste maeije 1431 foargoed bigoun wie, hie mar in inkelden ien aen fan. It lichem wie forbrand, de geast bigoun to waeijen Hwe't er woe en dy soe finwjersteanber wurde.
In wike foar har dea, de 24ste maeije, hie it faei mei har stien: brutsen Under in krUsforhoar, dat fiif moanne duorre hie en eangjend de boal, syn martelark en de bransteapel,
| |
| |
hie hja bikend, dat har stimmen net fan God kamen, mar fan de Kweade. Fiif moanne lang hie hja de oanfal wjerstien, hie dit analfabete bern de hiele yllustre binde, de yntellektuele upper ten fan har tiid, slach op slach yn de hoeke dreaun, oant hja geastlik en lichaemlik kapot wie. Har mishannele siel hie noch mar ien langstme: werom nei has, nei mem, nei har skiep, nei de bosken fan Domremy.
De rjochters hiene oars bisletten: de ekskommunikaesje waerd ynlutsen, mar de deastraf foroare yn libbenslange opsluting. Dat wie foar de Faem yn letterlike bitsjutting de genedeslach. Har fortrape geast fearre op to in finwitten élan, God joech syn forwoune bern de genede, dy't fjar en dea net langer eange.
De wurden, dy't Bernard Shaw har op dit stuit yn de male leit, binne fansels net histoarysk, mar hja binne mear, hja trochljochtsje har wazen. It slagget in great kunstner om yn ien side in byld fan Jeanne to skeppen, better en klearder as de skerpsinnichste analyses, dy't oer har skreaun binne:
‘It is not the bread and water I fear: I can live on bread: when have I asked for more? It is no hardship to drink water, if the water be clean. Bread has no sorrow for me and water no affliction. But to shut me from the light of the sky and the sight of the fields and flowers; to chain my feet so that I can never again ride with the soldiers nor climb the hills; to make me breathe foul damp darkness, and keep from me everything that brings me back to the love of God when your wickedness and foolishness tempt me to hate Him; all this is worse than the furnace in the Bible that was heated seven times. I could do without my war-horse; I could drag about in a shirt; I could let the banners and the trumpets and the knights and soldiers pass me and leave me behind as they leave the other women, if only I could still hear the wind in the trees, the larks in the sunshine, the young lambs crying through the healthy frost, and the blessed, blessed church bells that send my angel voices floating to me on the wind. But without these things I cannot live; and by your wanting to take them away from me, or from any human creature, I know that your counsel is of the devil, and that mine is of God.’
By har eksekasje barden inkele dingen, dy't de blydskip fan har fijannen frijhwat bitommele, dy't de snoadsten mank harren freeg; e liet, Hwa't hjir woun en Hwa't de slach forlern
| |
| |
hie. De preester, dy't har meidielde, dat se dy deis stjerre moast, antwurde se: ‘Mei Gods genede sil ik joune yn 't Paradys weze.’
Op 'e merk fan Rouen stiene trije bousels: in tribune boar de preesters, ien foar de rjochters en it sinistere skafot mei in berch takkebosken. Jeanne waerd earst foar de preesters laet. Nicolas Midi hold in taspraek nei oanlieding fan 1 Korinthe 12:26: As ien lid lijt, lije alle lidden mei. Hy einge syn preek mei de wurden: ‘Jeanne, gean yn frede, de Tsjerke kin dy net langer biskermje en leveret dy oer oan de ierdske macht.’
Hja knibbele en bea. Hja frege, oft allegearre, tsjinstanners en freonen, barmhertich oer har tinke mochten, hja forjoech harren alles hwat se har oandien hiene. It houten kruske, dat in Ingelsk soldaet foar har makke fan in pear stokjes, patte hja en treau it doe by har klean yn. Preesters bigounen to skriemen, in pear Ingelske autoriteiten rounen fuort. Soldaten griepen har en brochten har nei de bransteapel. In papieren miter mei de wurden: ketter, offallige, forwurpene, ofgoadetsjinster, waerd har op 'e holle set. De preester Massieu, dy't in kriis, dat er ut de tsjerke helle hie, foar har omheech hold, warskeige hja, dat er om himsels tinke moast, as it fjfir oanstutsen waerd. doe't de flammen oplogen, rop hja: ‘Rouen, ik bin sa bang, datst swier lije moatst om myn dear Har leste wurden wiene in trijeris herhelle: ‘Jesus!’
John Tressart, sekretaris fan de Ingelske kening, rop: ‘Wy binne forlern, wy hawwe in hillige forbrand.’
In Ingelsk soldaet, dy't sward hie, dat er in takkebosk op 'e brannende heap smite soe, waerd suver sljocht fan eangst. In wite dou, rop er, wie fit de flammen wei Frankryk yn flein. Syn maten bisochten him mei drank yn it bidarjen to bringen, mar by gyng nei in preester om to bychtsjen. De boal, dy't oars wol hwat wend wie, wie deabinaud. Har hert, dat troch in greate tarin fan bloed net branne woe, hie er yn de Seine smiten. ‘Ik bin foar ivich fordomd, ik haw in hillige forbrand, dit sil God my nea forjaen’, forklearre er foar de Freres Precheurs.
Fan dy dei of hie Isabelle Romee noch mar ien doel om foar to libjen: eareherstel sykje foar har formoarde bern. Yn 1450 bigoun it forhoar fan de tsjugen foar de rehabilitaesje. Mear as hOndert lju, dy't it fanke fan Domremy fan har earste jierren Of kend hiene, waerden underfrege, lyk as ek har striidmaten en har bychtfaer, dy't alle dagen fan har wfindere
| |
| |
karriere meimakke hie en har better koe as hwa ek. Yn july 1456 waerd it founis fan 1431 troch Paus Calixtus III annulearre. Jeanne’ namme waerd suvere fan alle blaem, har rjochters diskriminearre en biskuldige fan juridyske moard.
It wiene net allinne eale motiven, dy't ta de rehabilitaesje laetten, dit twadde proses siet ek in sterke politike kant oan. Karel VII, dy't har ombringe litten hie, siet mei de reputaesje, dat er kroan en ryk to tankjen hie oan in ekskommunisearre ketter, in forbrande hekse. Syn politisi hawwe har rol spile yn dit proses en alle war dien, dat Jeanne har rjochters sa swart mooglik iitskildere wurde soene, mear om Karel as om Jeanne to rehabilitearjen. Dochs hat de Tsjerke mei dizze kromme stok in rjochte slach slein. Yn it ljocht fan safolle bitroubere tsjilgenissen bleau der fan it skriklik founis fan 1431 neat mear oer. Gerjochtichheit, minsklikheit, bigryp en earbied hiene it woun fan formalisme, fanatisme, wrede bikrompenheit en byleauwe. It falske byld fan de forflokte simdares wie fallen, dat fan in suver, wonder bijeftige en seldsum moedich fanke kaem der foar yn it plak. Jeanne wie yn de tsjerkeskiednis op reis nei de heechste eare, de kanonisaesje. De 16de maeije 1920 hat Paus Benedictus XV har hillich forklearre. Dat der fiif ieuwen tusken de rehabilitaesje en de hillichforklearring lizze, hoecht jin winlik net to forwunderjen. Ek nei 1456 wiene hja yn de tsjerke forlegen mei de figuer fan dizze ‘queerest fish among the eccentric Worthies of the Middle Ages.’
Dit helthaftige fanke yn manljusklean, dy't, 17 jier ald, in forsleine naesje yn de wapens brocht en bisiele; dy't yn ien jier tiid de skiednis fan West-Europe yn oarewei twong; foar hwaens forskining mei it wite findel de bitfiftste Ingelske legers tobekskrillen; dy't de midsieuske oarlochsfiering effektyf modernisearre en skriemend knibbele by forwoune fijannen; dy't de earste pionier fan it nationalisme wie en ynternationale leuzen proklamearre oan hwaens wiisheit wy noch net earlik ta binne; in devoot Katholyk bern, dat de stim fan it eigen gewisse stelde boppe it gesach fan de tsjerke en der foar stjerre woe; hwaens theologyske kunde allinne bistie yn it Credo, it Paternoster en it Ave Marije en dy't theologen fan namme har arguminten masterlik út de hannen sloech -; dit fanke wie fan oar hout as der't ornaris hilligen ut snien wurde. Hja is yndied ‘the most notable Warrior Saint in the Christian calender’ wurden.
Jeanne har reis troch de wraldlitteratuer is noch muoisumer en oant djip yn de njoggentjinde ieu bihearske fan de
| |
| |
leginde en it simpele swart-wyt skema, deft it roetswarte yn dominearret. Alle eare oan de Roomsk-Katholike Tsjerke, dat hja har folle earder bigrepen hat as de koryfeen yn de litteratuer. In ieu en ieuwen nei de rehabilitaesje hawwe bygelyks genyen as Shakespeare en Voltaire har sa forflokt en dien, dat it oardiel fan Pierre Cauchon en syn maten der myld by wurdt.
Shakespeare is yn King Henry VI deaforlegen mei Joan la Pucelle. om't hja yn it foarste diel fan dit drama in frij bilangrike rol spilet, brekt dit stik op 'e twaslachtigens fan dizze figuer kapot. Hie er har irtslutend as hoer en hekse fitbylde, dan hie er, nettsjinsteande sa'n finbiskofte skiednisforfalsking, faeks de konstruksje redde kinnen. Mar fit alles blykt, dat er gjin rie mei har wit. Earst is hja in reedlike en hast romantyske figuer en yn har dialooch mei de hartoch fan Bourgogne sels fan in biskate charme. It liket, dat de auteur alteast hwat fan de histoaryske Joan bigrepen hat yn it pleit foar Frankryk, der' t hja Burgundy mei wint en efter har twingt.
See, see the pining malady of France,
Behold the wounds, the most unnatural wounds,
Which thou thyself hast given her woeful breast!
0 turn thy edged sword another way,
Strike thou that hurt, and hurt not thou that help!
Hjir klinkt in echo fan it boadskip, dat ienris Jeanne har folk brocht hat, hjir skimeret hwat troch fan de liedster, dy't hja wie. Mar dan komt de koartsluting. Sfinder psychologyske motivearring wurdt La Pucelle in ordinaire dweil, in hekse, dy't har siel oan de divel forkeapje wol, in fordoarn bern, dat har heit yn 't publyk forleagenet en forflokt. De scene, der' t hja om har libben smeekt, om't hja swier weze soe, stjonkt fan goarens. Men freget jin of, hwat de greatste dramaturch bisiele hat by dizze konstruksje fan La Pucelle. Guon wolle der op fit, dat it oars net west hat as eangst foar it Ingelske publyk, dat har noch altyd forflokt. It soe de saek allinne mar slimmer meitsje.
Voltaire makket it net folle better yn syn La Pucelle d'Orleans. Hy biflybket har allinne konsekwinter. Yn opset is it him net allerearst om Jeanne to redden, mar om de tsjerke, it kristlik leauwe, de religieuze midsieuwen, dy't er hatet mei de forblining fan de fanatike dogmatikus. Hy sjit syn gifpylken binammen op Jeanne’ bilofte, dat hja faem bliuwe soe. hoe't immen yn dizze omstannichheden in jier lang faem bliuwe kin, der snapt er neat fan. Lyk as er fan de hiele Jeanne gjin byt bigrypt. Dat hja yn it iene jier fan har aksje
| |
| |
(hja wist, dat hja ‘mar ien jier duorje soe’) hwat oars bistribbe as erotyske avonturen, giet him boppe de pet. Hy hunt har oant yn it healwize, har heit is fansels in preester. ncrasez l'infame! is syn motyf, dat er praktysk Utarbeidet yn: ecrasez la Pucelle.
Letter publisearret er noch in pear fersen, deft er it hwat yn biklaut en in krom mear wurdearring foar La Pucelle yn uteret. Mar hja bliuwt foar him: la malheureuse idiote. Dat is dan de twadde litteraire master, dy't oer de geniale Faem stroffelet en mei de snot yn de modder ploft.
Schiller hat in bline forearing foar har en dat is yn alle gefallen gans sympathiker. Mar mei't syn forearing blyn is, bliuwt er yn syn Jungfrau von Orleans sa goed as neat fan Jeanne d'Arc oer. Dat hja forbrand is, is him to luguber, derom lit er har falle op it slachfjild. Yn syn hiele stik fordrinkt hja yn in swimeljende Daske romantyk. De tragyk fan Jeanne is by Schiller it konflikt tusken har bilofte om faem to bliuwen en har leafde foar de Ingelske oanfierder Lionel. De geast fan syn stik wurdt suver typearre yn dizze rigels:
Vollbringt jedwedes Herrliche auf Erden,
Wenn sie der ird'schen Liebe widersteht. -
Ich bin die Kriegerin des hochsten Gottes,
Und keinem Manne kann ich Gattin sein.
Dizze Jungfrau fan Schiller liket net mear op Jeanne as in mosk op in swan. ‘Schiller's Joan’ seit Shaw, has not a single point of contact with the real Joan, nor indeed with any mortal woman that ever walked this earth.’ De tragyk fan Jeanne lei in diminsje djipper, de poezij fan har libben wie hurder en boeijender.
Dizze trije skriuwers mei faeks in lytse Untskuldiging (mar mear ek net) foar weze, dat har tiid net utblonk yn histoaryske kunde oangeande de Faem fan Orleans. Frankryk sell wie har suver forgetten. Louis de Came skreau yn 1856 fan Voltaire syn misbaksel La Pucelle de Orleans: ‘Cette oeuvre etait en effet le plus cruel chatiment qui pUt etre inflige a un pays pour son ignorance et son ingratitude.’
De leginde, de swarte sawol as de wite, krige in definitive knoei, doe't Quicherat yn 1841 de folsleine tekst foar de beide prosessen publisearre, mei alle histoaryske dokuminten oangeande Jeanne. It gefolch fan de publikaesje fan dit realistysk
| |
| |
materiael wie in enoarme ynteresse fan psychologen, historisi, toaniel- en romanskriuwers, dichters, en yn us dagen filmregisseurs. In bilangstelling, dy't jit net bilunet en ek mear as de muoite wurdich is. De histoaryske Jeanne flechtsje de huorren, heksen en reine Jungfrauen fan de leginde boar. Ut de forslaggen fan har forhoaren allinne komt jin ien fan de greatste frouljusfigueren Ut de skiednis tomjitte.
Men moat jin by it lezen altyd wer realisearje, dat it in analfabeet fanke fan 18 jier is, dy't, mei de bransteapel yn 't sicht, sa grandioos slach leveret tsjin it yntellekt fan har tiid yn in ofmedzjend krUsforhoar. Yn it testforhoar fan trije wiken, dat hja Undergean moast, Ear't hja it fortrouwen fan de tsjerklike autoriteiten en de lieding fan it leger krige, bisochten theologen fan namme har to forbjusterjen mei harren autoriteit en wittenskip, mei tsjerkelear en sitaten. Jeanne antwurde: Il yaes livres de notre Seigneur plus que es votres!’ In wierheit, dy't in ieu letter, fan in oar en yn oare omstannichheden herhelle, tsjerke en wrald ut har foegen skuorre soe.
‘Hokker tael sprieken dyn Stimmen?’ frege in doctor yn heal Fransk, heal Provencaelsk.
‘Better Fransk as jo’, fjurre Jeanne.
‘Mar as God Frankryk forlosse wol, kin er it dochs wol sander soldaten redde?’
‘De soldaten moatte fjochtsje en God sil de oerwinning jaen.’
Doe't it twa jier letter om har libben gyng, biskikte se oer deselde geastkreft, slachreens, yntuysje en moed. Hja setten dogmatyske en politike ffiken ut, om har to fangen. Har antwurden wiene fintwapenjend direkt, of fan in strategy, dy't de hiele binde forbjustere. Unbiskofte fragen bianwurde se mei in like fintwapenjend swijen.
‘Bistfl yn de steat fan genede?’ (protesten yn de seal, dat mocht net frege wurde).
‘Ik hoopje, dat ik it bin en as ik it net bin, mei God my der ynbringe.’
‘Wie Sint Michael neaken, doest him seachst?’
‘Tinke Jo, dat God gjin klean foar him hat?’
‘Hie er hier?’
‘Hwerom soe er it ofknippe litte?’
Oan de bittere ein to fjochte hja boar it rjocht fan nar stimmen, de wierheit fan har fisioenen, har spesiale godlike opdracht. Hja wist, dat hja stjerre soe en warskoge har rjochters:
‘Wit hwat jimme dogge, hwant wier, wier, ik bin stjfird fan God.’
| |
| |
Nei de publikaesjes fan Quicherat kriget de litteratuer, ek der't hja romantysk kleure, of fel kritysk is, in prinsipieel oare ynstelling. Anatole France bygelyks, dy't al syn yntellektueel materiael slipe, om to biwizen, dat Jeanne winliken net mear west hawwe soe as in boartersding yn hannen fan militaire strategen en sliichslimme preesters, forfalt net yn spot en him. Syn boek is mear in apology fan eigen libbenshalding: skeptisisme, rationalisme, skientmetsjinst, as in objektive skoging oer Jeanne. Har soldatesk avontiir, har stimmen en fisioenen, har imbitinge moed en liederskip, har devoot leauwe, dat wiene nou krekt dingen, der't Anatole France net ynkomme koe.
De iene nei de oare, fascinearre fan dit fanke, dy't in jier lang de skiednis fan West-Europe bihearske hie en foar de frijdom fan har gewisse stoarn wie, sette him ta forklearring, krityk of biwundering. It wachtsjen wie op de man, dy't flymskerpe ratio, histoaryske kunde, ynkringend psychologysk formogen en fisionnair dichterskip kombinearje soe, om kritysk en earbiedich de Faem fan Orleans rjocht to dwaen. De skriuwer, dy't dit opbrocht in pear jier nei har hillichforklearring, wie George Bernard Shaw yn syn drama Saint Joan.
Jeanne d'Arc hat twa wanders dien, hat immen sein: Yn de 15de ieu hat hja Frankryk redden, yn de 19de ieu hat hja Bernard Shaw, dy't altyd om de as fan syn skerp yntellekt toppe, op 'e knibbels brocht. Op 'e knibbels, ja, mar mei de felle eagen iepen en de kop koel.
De 88 bledsiden ynlieding, trochflitst fan spot en irony, boeije, ek der't men fraechtekens set, fan bigjin oant ein. Binammen as hy, de rationalist (alteast fan reputaesje) it leauwe fan de midsieuwen yn 't algemien en fan Joan yn it bisiinder fordigenet en it byleauwe fan it 20ste ieuske rationalisme op 'e hoarnen nimt. Net minder, der't er de humaniteit fan As tiid forgeliket mei de saneamde wredens fan de midsieuwen. Joan fan Shaw is in oaren as dy't al syn foargongers jin sjen litte: minskliker, swakker en derom sterker, suverder en greater. In soun, praktysk, biret, yntelligint, from fanke, sûnder de minste oanstriid ta sentimintaliteit of hysteary, dy't mei in hast imfeilbere yntuysje har kansen sjocht en grypt, mar yn tsjinst fan it iene doel: Frankryk redde, en mei de Unforwrigbere oertsjilging, dat hja Gods ambassadrise is. Tagelyk in nayf bern, dat fan de hate en de fijanskip fan har meiminsken neat bigrypt.
Mei de pretinsje fan har opdracht biskermet en liedt hja har eigen kening en easket fan de Ingelske kening folsleine
| |
| |
hearrichheit. De heechste autoriteiten fan tsjerke en steat twingt se mei har En nom Dieu, of reaget harren oan de kant. Domheden en dwaesheden fan superieuren sprekt se fjouwerkant har forachting oer ut. De adat fan de midsieuske frou, in libbenskwestje, bikroadet se har net om. As soldaet mank soldaten libjend doar de greatste swankebast gjin smoarch wurd yn har bywezen sizze. Hja proklamearret nationale en ynternationale leuzen, dy't har tiid fier foarlit binne. Hja striidt en stjert foar de frijdom fan gewisse en is feitlik ien fan de earste Protestantske martlers.
Nayf bern, dat hja wie, bigriep hja der neat fan, dat har geastlike superioriteit binammen de lju fan stan en posysje op 'en cliff pur makke. Gjinien koe har oerwicht en har oerwinningen forklearje. Freonen en fijannen like dizze mysterieuze macht in aktit gefaer foar alle oarder en tradysje. As hja yn hannen fan de fijan falt, stekt nimmen in finger At om har to redden. It wie winlik in forromming foar alle snetterjende einen, dat se dizze frjemde jonge Swan kwyt wiene.
Har rjochters wiene neffens Shaw foar it greatste part earnstige lju, dy't har serieus birjochten, dy't har faeks redde wollen hiene, as hja net fiersto great west hie foar har bigryp, as hja in gewoane wraldske heldinne west hie, en net in hillige en in geny. Sa set Shaw it libben en de forneatiging fan de Faem yn it ramt fan in universeel drama. Har treft it net to untkommen lot fan de allergreatsten: hja redde har folk en krige de dea as bileanning. Tusken de unbidige machten fan Tsjerke, Steat en tradysje wurdt ‘worlds most glorious girl’ fynmeald. Yn de epilooch, der't Joan as hillige forskynt, wurdt dizze sk6ging aksintuearre en opdreaun nei syn klimaks. ‘De ketter is altyd better dea, en stjerlike eagen kinne ketters en hilligen net finderskiede’, seit Cauchon, as Saint Joan driget, dat hja op ierde werom komme sil. En as jitris elkenien har forlit, forklearret Joan har drama mei de rop: ‘O God, that madest this beautiful earth, when will it be ready to receive Thy saints? How long, o Lord, how long?’
Shaw soe Shaw net weze, as troth dit hiele stik hinne syn originele humor en irony net Milken. Mar hwat syn drama ta in hichtepunt yn de wraldlitteratuer makket, is mear as yntellekt en humor en virtuositeit. Dizze eigenskippen meitsje syn ynlieding ta in briljant essay mei in faek forrassende fisy, ek al hoecht men it net yn alles mei syn rationele forklearringen iens to wezen. Mar yn it drama sels oerhearsket in oar kritearium: de clairvoyante earbied fan de fisionnaire dichter foar it fisionnaire fanke fan Domremy. Ut dizze moeting is
| |
| |
Saint Joan fintstien, net Joan of Arc, mar Saint Joan, en hy bidoelt it net ironysk, hy stiet efter dizze titel mei syn hiele siel en mei alle macht fan in great kunstnerskip. Yn syn ynlieding praet er oer in hillige en in geny, yn syn drama skept er in hillige en in geny, en dat is hwat oars.
‘In heal fire om dy to forbrannen, myn leave Hillige, en fiif ieuwen om de wierheit oangeande dy to tintdekken’, lit er Dunois tsjin Joan sizze. De wierheit oangeande Jeanne d'Arc, hwer skynt hja klearder as yn Saint Joan fan Shaw? Mank alles hwat der oer har skreaun is, stiet dit drama hast like iensum en great as de Faem fan Orleans yn de skiednis.
Nei Shaw hawwe oaren oer har skreaun en sille der mear oer har skriuwe, de ein is net to sjen. Fromme Franske Katholiken, lyk as Marteau de Langh de Cary en Stanislas Fumet sjonge har lof yn lyrysk proaza, waerm en sympathyk, hja komme lykwols hinne of tonei net oan Saint Joan ta. Jeanne d'Arc ferget de skriuwer, dy't him oan har weaget op mear as dogmatyske sibskip en fromme forearing.
In best boek fan mear as 400 bledsiden is yn 1936 utkommen en stint 1955 ek as Penguin-iatjefte to krijen: Saint Joan of Arc fan V. Sackville-West. In iepene, kundige, ntwreide stfidzje mei in seldsum rike dokumintaesje. It leste haedstik is wijd oan Jeanne har stimmen, de boarnen fan har ynspiraesje, har kontakt mei de oare wrald. De earlike, knappe skriuwster moat tajaen, dat hja der net utkomt. Hja hopet dat ienris de religieuze en de wittenskiplike methoade elkoarren moetsje sille yn ien tintdekkend branpunt, hja sprekt sels de forwachting At, dat in mear bijeftige neiteam, dy't it riedsel samar forklearret, om us gestumper laitsje sil. Mei alle respekt yn 't foar foar de neiteam twifelje ik, en ik leau, dat de ieu fan de robot en it atoom, dat it rationalistysk byleauwe, der't Shaw sa grimmitich mei spot, Miss Sackville-West hjir parten spilet. Jeanne soe de moderne eksperts, dy't it leste fan har witte wolle, of miene to witten, warskogje, lyk as hja it harrjochters dien hat: y a es livres de notre Seigneur plus que es votres.’ En: ‘Wit wol hwat jimme dogge, wier, wier, ik bin stArd fan God.’ Dat is har geheim, der't de bitfiftste psycho-analist net folle mear fan bigrypt as yndertiid biskop Pierre Cauchon.
Dizze notysjes binne fansels yn de fierste fierte net bidoeld as in folslein oersjoch: se jowe inkele haedmominten, dy't neffens myn bitinken represintatyf binne foar Jeanne har reis troch tsjerke en litteratuer.
|
|