| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
It alter
De moai op toan foardroegen lêzing fan notaris Wopke Heringa oer terpfynsten troch de ieuwen hinne, hie altyd in smertlik einbislút. - Troch sloffens en enkunde, klage er, is gans fan hwat foar de wittenskip fan ûnbidige wearde wie, forlern gien.
Hy joech fierders gelegenheit to it dwaen fan fragen. Dan kamen alfolle de knoeijerijen en de grouwélige neilittichheden foar it ljocht. Hy herhelle syn ynmoedich forsiik om fuortdaliks him der by to heljen as earne by graverijen in bros muorke of in tohavene dakpanne opdold waerd. - Nea soks mar domwei fyn wâdzje, rette er, altyd tinke: hwat kin dit west hawwe? En...., sa druide hy it syn tahearders yn, my der by helje as jimme de saek net fortrouwe, as jimme sjogge dat kneukelhouwers dwaende binne de boel to bidjerren.
Sa'n bilearende redefiering foel der altyd goed yn. Nammers ek it ûnderwerp is der nei om yn Fryslân de lju oan it wurk to setten. Notaris krige gâns brieven. By mannige skatgraverij joech er him der persoanlik by om lieding to jaen.
Op in jountiid krige hy fan in Fekkes út de Greate Tsjerkstrjitte to Ljouwert de wink, der wie hwat. - Myn buorlju, sei Fekkes, sille opgravingen hâlde, menhear. Ik freegje my ôf oft menhear it wit. - Heringa wist fan neat. - It binne de jonge finderwizer Gosses en Hofstra, syn kostbaes, fornijde Fekkes. - Soa, soa, sei Wopke Heringa, nou.... dêr sille wy dan wol gau mear fan hearre. - Ik leau it net, antwurde Fekkes, hwant se binne der wakker efterhâlden mei. - Efterhâlden? frege Heringa. Hy koe it him net bigripe dat hja him der samar buten hâlde soene. - Wy sille der wurk fan meitsje, ûnthiet er.
Master Gosses, dy't ridlik gau foar de telefoan roppen waerd, wie forbûke en alhiel ûntdien. Hy bigriep net hoe't it útlekt wie. Hy hie yn it earstoan ek net yn 'e rekken dat it Wopke Heringa wie dy't mei him praette.
- 't Wie mar sa'n ide, stammere er tsjin de bikende autoriteit op it stik fan graverij, út noch yn net wichtich. Doe bitocht er him en sei: - Sil wol foar krantenijs weze dat jo ynformearje. It stiek notaris tige dat er foar kranteskriuwer forsliten waerd. - Of is it suver privé? frege master Gosses mei in lûd dat batsk klonk fan 'e senuwen.
Sa wiene hia efkes dwaende to dollen nei elkoars bidoelingen
| |
| |
Sjoerd Leiker, romanskriuwer, berne 1914
doe't immen de hoarn fan master oernaem en sei: - Jou prate met Jelle Hofstra; wat wil menhear wete? foar't Heringa hwat werom sizze koe hie master de telefoan wer en rôp: - Menhear, dit kin sa net, wy moatte jou gesicht sjen; it giet hjir om serieuze dingen, om suver persoanlike oangelegenheden en wy moatte yn alle gefallen witte hoe't jo dêr efter kommen binne. Kom opslàch hjir nei ús ta, smeekte er.
It wie in ûnlijige novimberjoun. It waer lokke net út. Notaris koe nou lykwols syn tasizzing neikomme dat er by nacht en ûntiid wie to bistellen foar in nijsgjirrige histoaryske oangelegenheit en bisleat dy réens fan sines noch better útkomme to litten troch rinnende to gean. De beide mannen soene it ûnderwilens op 'e senuwen krije fan it wachtsjen en aenst nammersto makliker prate.
De kuijer naem in goed ûre, hwant hy wenne bûten de stêd. It wie al by tsienen doe't er yn 'e Greate Tsjerkstrjitte stie en bisleat earst noch efkes to rieplachtsjen mei de buorman, mei dy Fekkes.
Fekkes, in mantsje fan ien fan syn learsume jountsjes, leadjitter fan birop, immen dy't in tûke fraech dien hie oangeande oergroeid dakwurk fan ien of oare tsjerke, seach nij op dat Heringa sa gau opdaegjen kommen wie. En op sa'n ûngelegen ûre. Hy stie op sprong om op bêd.
- Och, sei er, sa is it nou ek wer net dat der fuortynienen ien by komme moat. It leit my winliken mar sahwat by; men heart wol ris hwat en men sjocht wol ris hwat. - Mar jo ha gelyk, sei er guodlik meistimmend yn hwat er sels knoffelich bybrocht, men lêst faek yn 'e krante dat se hwat fine en dat it fornield wurdt. - Dêrop ornearre er, hy soe mear fortelle op bitingst dat it stil bliuwe soe. Mar Heringa stegere dat ôf. - It foarnaemste is al priis jown, sei Heringa resolút, en jo bigripe wol dat ik dit samar net gewurde litte kin. Fekkes bigriep ek wol, sei er, dat amateurs gâns kwea ûtrjochtsje koene. - It binne foar it neist dilettanten, tochte Heringa, dat is noch slimmer. Dy master Gosses hat net ienris bigrepen hawn mei hwa't er to meitsjen hie.
- It binne buorlju, forfette Fekkes, en wy hawwe nea gjin spul meiinoar hawn. Notaris moast him bilove dat er net sizze soe hwe't er it wei hie. Dat koe notaris mei alle wille dwaen. - Hwant ik soe der oars ek wol efter kommen wêze, miende er. - Menhear hellet my de wurden út 'e mûle, sei Fekkes. Dat is nou krekt hwat ik tocht.
Doe fornijde Fekkes dat buorman Hofstra en syn jonge
| |
| |
kostgonger al in pear jounen dwaende wiene yn 'e kelder, dy't in roaster hie oan 'e strjitkant. Dêr hie Fekkes foar stien doe't yn dy holle romte ûnder it âide hûs de sterke Hofstra, stinnend oft er hwat swiers ûnder hannen hie, tsjin master sei: - Help ris even, ik krij dy kop der allienich niet út. - Der wurdt groeven, sei de leadjitter, dat is fêst; ik hearde it sûgen fan in skeppe yn 'e wiete groun en ik bin der wol wis fan, menhear, dat der lugubere dingen foar it ljocht komme binne. In misdied is it fansels net hwat dêr bart, miende er, of tinkt menhear fan wol? Men lêst soms rare dingen. Dat warskôgjen fan him hie mar sa'n opstiging west. Hy hie der nou al spyt fan. De saek moast net to fier útsocht wurde. Hy woe der noch by sizze, dat hy altyd goed koe mei de buorlju.
Master en Hofstra bikenden beide dat hja tocht hiene oan in journalist. De skrik siet har noch yn 'e lea. - Ja, wy binne mei opgravingen dwaende, joech master ta. - En hjir lizze menhear syn eigen publikaesjes, sei er, op in steapel boeken wizend. O, hy wie tige forgulde mei dit bisiik. Menhear wie in kenner. - En wat mut menhear in gefoel hè foor dit werk, sei Hofstra forheard. Hja hiene it stil hâlde wollen. Mar omdôch. Menhear hie der de lucht fan krigen. It wie ûntdutsen.
Master Gosses siet yn in leech, snústerich crapaud, de fingerseinen tsjininoar oan. Hwat moast er dwaen? Alles sizze of it neiste sizze en it alderneiste swije? Hy wist net.
Hofstra, timmerman fan syn fak, in dûbelde, gewearde keardel, reafallich fan troanje en mei slaeijen fan hannen, dy't wurch tusken syn knibbels bongelen, sei planút: - Jou kanne o su knap weze, menhear Heringa, maer jou hewwe der niks met to maken. Hy praette Ljouwertersk, fan âids it hûsbakken dialekt fan 'e hegerein, nou it woliswier bihyplik, mar tarikkend geastes-ynstrumint fan 'e swak-bijeftigen.
Master wie frisiast. Hy spriek it Frysk tige mei opsetsin en forsoarge, mei fan dy opfallende fine trekjes, gebrûk meitsjend fan âlde, boerske sprekwizen en fan dy aparte wurden dy't by it gewoane folk yn 't forjit rekken.
Master wie amateur-histoarikus, aerdich goed ûnderlein, fêste bisiker fan it ryksarchyf en bikend mei de nammen fan 'e auteurs, dy't dêr yn oansjen binne. Hy wie yn oarder mei it bisiik fan 'e autoriteit en die war syn argewaesje oer de ûntdekking toboppen to kommen.
- It wichtichste wurk is eigentlik al dien, sei er tsjin Hofstra. Nimmen kin ús dit wear ûntfytmanje.
| |
| |
It is in wichtich ûndernimmen, sa bigoun master Gosses. Hy hie it oer foartsjirmerij. Oft Heringa wist hwat dat wie? Notaris Heringa knikte. Hy wist it net.
Jo kinne it net witte, sei master Gosses effen, hwant it is eat tige persoanliks.
Jo bidoele it twadde gesicht, miende Heringa.
Sokssahwat, joech master ta.
Hofstra, yn it earstoan wakker ûnder 'e yndruk, kaem nou fanwegen. - Menhear bigrypt der niks fan, ornearre hy. Hy bleau pûr op fierdere útliz tsjin, mar master lei him it swijen op. Der mocht wol hwát forteld wurde, tocht him. In tippe fan 'e wale woe er wol omheech dwaen. - Hwant tink ris ta, dat wy der moarn net mear binne, hwat bart der dan mei ús wurk?
Syn forhael hie yn 'e earste opslach suver hwat dichterliks yn. It bigoun yn 'e frije natûr. Op in middei ûnder in stjelpige buoi reinwetter yn it wetterlân ûnder Earnewâld, dêr't er op 'e hûken siet ûnder syn reinjas, dy't er as in dak boppe syn holle hâldde, seach er, as foar it earst of mei nije eagen, hoe't wyn, wolkens en wetter omgong mei inoar hawwe. It wie min to sizzen hwat der troch him hinne gien wie. De natuerlike gong fan saken, fan ieuwen her en fan ieuwen hjirnei, it gekletter op syn jas, de bûlen op it wetter en dan dy fûleindige wyn, hy wie der op in stuit ien mei wurden. Der moat doe hwat mei him bard wêze. Der moat him hwat oanwaeid wêze. Thúskommen hat er him op bêd deljown.
Hy dreamde. Earst fan 'e Prinsetún, lyk as dy wie yn tiden fierder fuort as dêr't er sels ûnthâld fan hie. Hofstra, dy't âlder wie, hie de tún sa noch kend. Dy koe it fuortdaliks wiermeitsje. - By de yngong fan 'e Tún wiene by âlds papegaeijen to bisichtigjen. Hja sieten op hege izeren stokken, mei keatlings oan 'e fuotten en hja koene prate. It wiene skurve ballingen, rûch yn 'e fearren, bylkjend mei moaije, útwrydske, skreauwende kleuren en dêroan wer to kennen as bisten fan barbaersk foarstlik komôf.
Hy trape fierder by de wûndermoai oanleine swannefiver lâns, munstere de wite muzyktimpel en doe it théhûs ûnder de platanen. It wie eartiids sa'n fleurige gelegenheit, mei in sinneskerm yn reade en wite banen. En wyist er dêr stie, yn dat lusthôf, waerd it nacht. Alles dreau fuort yn 'e dize fan it ûnbistindige. It théhûs ûntaerde yn in spoekhûs. De papegaeijen, dy't oerdei flokkend en flaeikjend oangyngen, sieten drôf yninoar dûkt. De boeijens rôpen skrinende gefoelens towekker. En doe dêr njonken him troch de leanen, oer it bolwurk en oer it Aldehouster tsjerkhôf, dêr't noch sarken leine en stien- | |
| |
nen oerein stiene, in skimige jonge frou út de Midsieuwen. Hja bleau in tel stean en seach nei de âide plompe toer en sette doe de stap nei it hûs yn 'e Greate Tsjerkstrjitte. Dat wie foroare. Ieuwen jonger wurden.
Master Gosses woe alles goed bisjen. Hy woe minsken sjen, hy woe nei de stins Aed Levwerd. Dat moat nou de Latynske Skoalle wêze, tocht er. Viglius van Ayta sit dêr syn leske op to sizzen. Of libje wy noch yn 't forline? Och, it wie mar sa'n flits. Hy waerd al twongen yn 'e kelder del to gean. De jonge frou, in swijende forskining, naem de foarstap en wiisde him in nis. Yn dy nis wie in platte doar mei izeren bislach. In tagong to in ûnderierdske gong? sûnder mis.
- En doe bin ik wekker wurden, sei master Gosses.
- En it kwam krekt út, forfette Hofstra. Hja hiene de keldersmuorre op dat plak ôfbikke en ûntdieken dêr in roune bôge. De nis wie tichtmitsele. Hja hiene de stiennen weibrutsen. Der wie in gong, yn alle Befallen in holte, opfolle mei pún.
Der wiene ûnderskate dingen foun, bikende Gosses. In great stiennen offermês, in stiennen holle - in goadebyld, woe him oan - en doe wie it by him opkommen, dy jonge frou, dy't him foarkommen wie, soe in preesteresse west hawwe kinne.
- Wy sille sjen, sei notaris Heringa, set de boel mar ris op 'e tafel.
Dat kin net, sei Hofstra, hwant wy hawwe alles ûnder op it alter litten.
- Bidoele jo, rôp notaris Heringa oerstjûr, dat hjir yn 'e kelder de oerbliuwsels lizze fan in heidensk hillichdom?
- Ja, sei Gosses.
- En ik wil der gyneen bij hewwe, behalve meenster, stelde Hofstra fest.
Notaris hie ynlein dat it Frysk Genoatskip en de Fryske Akademy en de Rykstsjinst foar Aldheitkundich Grounûndersiik fan dizze fynst yn kennis steld wurde moasten. Hysels wie de oanwiisde man om út namme fan de beide amateurs de earste stappen to dwaen, mar dan moasten se him earst gunne en slaen in each yn dat ûntdutsen hillichdom. Hy woe wissichheit hawwe, earst er prikken yn it wurk sette. ByHwannear't hy sizze soe: ‘Ja, dit is perfoarst in timpelskat fan lit ús sizze út de sawnde of de achtste ieu’ dan wie de namme fan 'e beide ûntdekkers makke. Notaris wie ommers op dit mêd in man dêr't by opsjoen waerd.
De beide ûntdekkers bleauwen lykwols wearzich fan drokte en publisiteit. Notaris die optein syn plannen út 'e doeken. De
| |
| |
ienfâldige Hofstra seach master ris oan en loek oan 'e skouders. Master sei op 't lêst skrutenwei: - Net yn dit stadium.
- Meenster fewacht noch in derde droom, forklearre Hofstra.
- Ik haw mar ien heard, stelde notaris saeklik fêst. Master knikte. - Dat komt út, sei er. De twadde dream hie in warskôging yn.
Foar my tink, miende notaris bitter. - Der binne gjin nammen neamd, antwurde master Gosses.
Heringa gyng oerein. Hy knope syn jas ticht en sei earnstich, de iene nei de oare oansjende: - De hearen steane tsjin harsels; it muoit my dat ik it sizze moat. Hy soe dan nei alle wierskyn bûten de ûntdekkers om syn dingen dwaen moatte, miende er.
- It is dochs eins mar in kompilator, sei Gosses doe't de man to de doar út wie. Gjin eigen idéen, gjin visy....
- En gyn dromen, sei Hofstra.
It woe Hofstra mar oan, der wie tofolle sein tsjin dy machtige Heringa. Him tocht ek, dizze notaris wie de driigjende figuer út de noch forswijde twadde dream.
- Ik wit net, sei Gosses.
Yn dy twadde dream wie er noch ieuwen fierder tobekdwaeld. Ja, hy praette wol fan ieuwen lyn, mar tusken hwat wie en hwat is lei neat, gjin tiid, gjin untjowing, gjin dokumint, gjin histoarje. Der wie, doe't hy yn 'e sliep foel, allinne in soft en klear observearre gerfis fan bledden. Doe stie er oan de skiere ynham fan de Middelse, krekt op it plak der't nou de Aldehou omheech riist. Op it stran boarten neakene bern. Oer it tillend wetter dounsen twa Vikingskippen, stadich finderweis nei it suden, djip it lan yn. Fan de skippen of hearde er stimmen en by fleagen sjongen fan 'e roeijers. In bern op it stran wiuwde nei him, bugde foaroer en haldde in blinkend wite minder omheech. Hy wiuwde werom, kearde him doe om en fornaem dat er tsjin in manselhege toarnehage oan stien hie, dy't it stik groun omfrede, dat letter de namme Aldehouster Tsjerkhof krije soe. It wie in Ofskoattele gebiet, tawijd oan 'e goaden. Foar de yngong, by in iepening yn 'e hage, lei in roaster fan kliene beamstammen. Under dat roaster in dobbe mei Swart, stilsteand wetter. It fjild binnen de offreding wie biwoeksen mei hege, forwyldere gersraeijen. Der roun in smel ntinderpaed nei de midden fan it terrein, der't in fjouwerkantich stiennen geboutsje stie. It wie it hûs fan bloedeaskjende goaden. Hy sntifde de rook fan toskroeid fleis; hy seach op lange peallen foar it godshus de forblikte bonken
| |
| |
fan kouwekoppen. Twa manlju droegen de wazemjende yntaesten fan in just slachte bist nei bûten en leine it nest it gebou op in hege stien. Hja seagen nei him en stieken warskôgjend de finger omheech. Net fierder komme, bigriep hy der út, dat hy trape om 'e hage hinne nei it plak, der't de stins stie fan de Burmania's, in heech houten hûs mei dêrefter de Boerepleats en yn 'e tún wer de preesteresse, de jonge frou dy't er earder met hie, dy't him laet hie nei it plak dêr't it alter forburgen wie. Hja wonk him om tichterby to kommen. Hy lykwols stie dêr't er stie. Hja bigriep dat er tsjinhâlden waerd en kaem hurd op him to oer it gers. Om har hinne wiene hege beammen. Hja stiene yn in rounte om harren hinne. Hja wiene wylst er dêr stie, omheech stoud, út 'e greide wei, út 'e tún wei. Hja stiene har yn 'e wei, mar hja wie dochs hieltyd wer sichtber. Hja roun, as yn in dwaeltún, op bleate fuotten. Hja rôp tsjin him, oerstjûr en ûngeduldich, yn noed foar it neist dat hy fuortgean soe. Doe't hja einlings fuort by him kommen wie, fornaem er dat hja wifke. Hja waerd ek tsjinhâlden. Hja skodholle drôvich. Doe seach er hoe moai hja wie. Glânzgjend wie har lang, ljocht hier. Great en ovaelsk wiene har blauwe eagen. In pracht, hie er tsjin Hofstra sein. Mear hoegde de man der net fan to witten.
En op dat stuit wie der efter de beammen wei in man foar it ljocht kommen. It wie ien fan 'e mannen fan it godshûs. Yn 'e hân hâldde er in biblet stiennen mês. Hy glimke tsjin har, sa sei master tsjin Hofstra, en hy glimke tsjin my, om't er krekt op 'e tiid foarkommen wie dat wy prate soene. Doe, alhiel ûnforhoeds, moast de hâlding fan 'e man mei it mês driigjend wurden wêze. - Hwa't de geheimen fornimt sil offere wurde, moast er útroppen hawwe. Efternei sitten troch hounen en alhiel yn it swit wie master Gosses wekker wurden.
Dy nachts hie master Gosses syn tredde dream. Net yn in djippe sliep, mar yn in tastân tusken sliepen en weitsjen yn. Hy hie lang wekker lein op syn ienfaldich souderkeammerke en fan syn leger ôf nei de ûnlijige loften stoarre, dy't er troch it dakfinster sjen koe. Doe't er de holle deljoech op it kjessen seach er de moanne en dêromhinne, twirjend opjage, it oerstjûre swurk; mei dérút opsjittend in wolvebek, dy't it himelljocht forslynde. Mar it ljocht kaem werom en it bleau, ek doe't de moanne al lang net mear foar it lytse finster stie. It bleau oan it tyspeljen troch de romte en joech rânnen fan ljocht oan teisterjende loften.
De hiele tiid dat er dêr lei, spile Gosses it idé troch de holle,
| |
| |
dat er op it spoar kommen wie fan de sûnt ieuwen weiwurden Magnus-fane, in banier, in reade flagge dy't boar it leger fan 'e Friezen útdroegen waerd doe't hja mei de legerkloften fan Karel de Greate to it oproerige Rome ynkrongen. It findel hat stien op 'e Ingelenboarch en op 'e Sint-Piters Dom. En dy dagen waerd op skrift steld dat de Friezen frije mannen wêze soene salang as de wyn fan de wolkens waeit en de wrâld stiet. En dêr waerd in segel oan hechte mei Karel syn merk.
It brief is foarlêzen to Almenum, yn Sint-Michaëls Dom en de fane is dêr mitsele yn 'e muorre.
Letter is der om socht. Doe wie de fane fuort. Noch yn 'e sechstjinde ieu waerd der gewach fan makke. Jancko Douwama hat yn dy tiid optekene, by hie âlde minsken sizzen heard dat de fane mitsele wie yn 'e muorre fan de Boarnster tsjerke, mar oaren wolle hawwe, sa skriuwt er, dat it bard is to Fernewolt. ‘Van de scoenheit ende costelicheit van dese fane daer heb ick foel aft gelezen, en noch meer van gehoert; en oock sechtmen, datter weder gefunden sal worden en daer sal voele wunders mede bedrewen worden.’
Wylst Gosses dêroan lei to tinken waerd it him klear dat er net mear allinne yn it fortrek wie. Nêst him siet dy jonge frou, de dreamliedster, de preesteresse, nou de fortelster fan oerâlde sêgen, dy't lústerjendewei bigoun op to heljen fan tiden en omstannichheden dy't harres wiene. Hja praette bytiden oft hja lange fersen opsei. Der sweefden geheimen om him hinne, dy't him, skraechwurk útsprutsen, wer ôfgyngen. It slagget him net, alhoewol't de wurden him eigen wiene, har tinzen to folgjen. Oant der sprake wie fan in reade fane en fan in izeren kroane. Hja wiene opburgen yn in stiennen alter en dat alter wie mitsele yn 'e muorre fan it hûs, sa gyng de stimme fierder, en de bitsjutting fan 'e fane is bifeiliging foar de stoarm; kweageasten sille der foar wike en elke bitsjoening forbrekt dêr't de fane dellein wurdt.
Ek is de fane it teken fan oerwinning en fan seine. - En tiden ryk oan seine brekke oan as de fane weromfoun wurdt, lústere Gosses. It forhael wie him bikend. Hy koe it sels fuortsette.
Hy riisde oerein. De fortelster wie fuortgien. Der wie gjin stoel, gjin sit, lyk as er miende. Der wie allinne hwat blank moanneljocht. In wyt plak op it keale, gruzige hout fan 'e planken flier. In neiglâns, sa mimere er, fan it nou al sa fortroude wêzen, dat syn wegen biselskippe, dat him foargie en dat syn tinzen foarútdreau op stuiten dat se ûnkearber werom- | |
| |
ebje moasten. Hja twong him op wegen dêr't er it bistean fan ealge hie.
It ûndersiik is bynei ôfroun, sa stelde er optein fêst. Hy die de klean oan, krige fan in spiker oan 'e muorre de stoarmlantearne, dy't er mei Hofstra brûkte yn 'e kelder en roun hastich nei ûnderen.
Hofstra woe perfoarst warskôge wurde as der hwat wie, hie hy sein. Hofstra syn frou, altyd bitiid op bêd en bigien op in nachtrêst sûnder stagnaesjes, stie jammerjend op it oerloopke doe't de beide manlju wer nei de kelder ta gyngen.
- Ik hie ek wol allinne gean kinnen, miende de guodlike Gosses. Mar Hofstra sei: - Gyn sprake fan, hier mut ik bij weze.’
It ûndersiik waerd fuortset en wylst Hofstra wrotte yn it gat, dat it bigjin wie fan in ûnderierdske gong fol pún, fortelde master, wylst er oer de keldersflier siet, syn dream. It ûntriedseljen fan ien fan 'e aldste Fryske sêgen wie har opdracht. Dat hie nou wol klearrichheit. En Hofstra hie der nocht oan, mar hy stie hielendal allinne foar dit karwei, hwant Gosses koe fortelle hoe en hwat, mar ta it praktyske wurk ûntbrieken him moed en formogens.
Dat Hofstra naem de bleatkommen plakken muorre goed op, socht om in brok sânstien fan likernôch ien by ien meter, ôfdutsen mei in plaet fan itselde stiente, en doe't er it net foun bigoun er mei in troffel wer to dollen yn 'e púnwâl. Master woe net lije dat it mei in skeppe barde. Né, dit moast nifelwurk wêze. Mei de skeppe soe der tofolle stikken stutsen wurde. Einliks wie in gewoane leppel noch better as in troffel, mar - dat hie master ek wol foar it forstân - dan kaem der gjin ein oan. It foarsichtich losstutsen materiael kaem by kuorfollen foar it ljocht. Hofstra stoartte it pún yn in hoeke fan 'e kelder, der't master der mei in stokje de goede stikken úthelle.
It sil goed twa ûre yn 'e nacht west hawwe doe't Hofstra by it graefwurk staette op in stik sânstien. In fragmint, miende er, mar it wie de punt fan in forskoude plaet. Dêrûnder lei er in sydkant bleat fan hwat al gau in great fjouwerkantich sânstiennen blok bliek to wêzen. - Dit is it, stelde er fêst en hy rôp master, mar Gosses sei neat werom. Gosses siet op in ôftanke stoel, fuort njonken it útstoarte pún, it stokje noch yn 'e hân, en sliepte.
De yneine timmerman miende it rjocht to hawwen om syn ôfmêdde opdrachtjower wekker to skodzjen, mar hy drige der
| |
| |
tsjin oan, hwant it soe wêze kinne dat er in dream forballe en oan dy misslach woe er net handiedich wêze. Dêrom bisleat er om ek sels in hoartsje lins to nimmen. Hy gyng dêrom op 'e hûken by de slieper sitten en dûze al sahwat wei doe't syn frou de kelderstreppen delkaem om him to smeken mei dat wurk op to hâlden.
Hja praette sunich, hja woe him mei sêfte reden oerhelje en hja stelde fêst dat de beide maniju sels ek al ta it ynsjoch kommen wiene, dat it foar fannacht moai genôch west hie, hwant hja diene gjin slach mear.
Hofstra liet him meitroaije, hwant hy bigearde gjin spul, om't Gosses dan wekker wurde soe.
- Je kanne der beter allienich maer fan drome, sei er doe't er boppe op it frisse oerloopke stie. Hy hie de kelderlucht noch oan him; de hearzige, sûre rook fan pún en rotsjend hout, mar hy wegere om op bêd.
It wurk siet him op 'e rêch, hy moast der by wêze. Hy moast wer nei ûnderen ta en gelokkich wie Gosses ek wer ta bisleur kommen. Gosses lei op 'e knibbels by de yngong fan it gat en hie krekt, foar it neist al faker as ienkear, mei útset lûd fornommen hoe fier't er nou wie. Mei't de stoarmlantearne noch yn 'e ûnderierdske gong stie, miende er dat Hofstra dêr noch warber wie.
It wie in nuvere situaesje, mar op in fraech moat antwurd komme, dat Hofstra sei: - It altaer is fonnen, meenster. Master like net to fornimmen dat it lûd fan in hiel oare kant kaem as forwachte wurde mocht en antwurde slûchwei: - Goed, dan hâlde wy der foar joun mei op, hwant it wurdt tiid om op bêd. Hy kaem oerein en gyng dat út nei it trepke. Hofstra dûkte yninoar om master gjin deaskrik op it liif to jeijen. Der wie gelokkich net folle ljocht; de lampe op 'e oerloop wie al wer út en sadwaende roun Gosses by syn kostbaes lâns sûnder erch yn him to hawwen.
Dit hwat stompe útein fan in joun dy't gâns ûnthiet hat by Hofstra kwea bloed set.
De útbarsting kaem de oare moarns, mar earst moat forteld wurde dat der al om kertier oer achten in jongfaem oan 'e doar wie, dy't master Gosses to sprekken frege. It wie in keintsje en hja like sa sprekkend op 'e preesteresse út syn dreamen dat Gosses koe gjin wurd útbringe. Mei it kaertsje yn 'e hân stie er har nei to stoarjen doe't hja mei foarsje fuortfleach troch de Greate Tsjerkstrjitte, de kant út fan de Great Tsjerke. Hy wie útforsocht om de neimiddeis to kommen en
| |
| |
praet mei har heit. It adres stie op it kaertsje. Hy soe efkes skilje kinne dat it goed wie. Op it kaertsje stie de namme Wopke Heringa.
Hofstra hie om 'e hoeke fan 'e keamersdoar it koarte tafrieltsje ris oansjoen. Hy wie bitommele fan it drege nachtwurk en hy hie, lyk as al sein, it forheven momint forsitten dat folgje moast op 'e ûntdekking fan it alter. Syn ôffaller moast er nou mar ris úntwierje, tocht him.
Hy rôp Gosses ta forantwurding. En Gosses joech bilies, hwant de dreamsfear wie oer. De bisieling wie forflein en dermei de twingende autoriteit. Gosses wie wurch. Hy glimke doe't Hofstra losbarstte yn forwiten en ta it einbislút kaem dat dy hiele graverij neat opsmiten hie. Hy loek sels oan 'e skouders doe't Hofstra drige, hy soe de hiele boel wer tichtgoaije.
- 't Binne hersenskimmen weest wer't wij achteran liepen, rôp Hofstra en om't Gosses ek dêr neat op werom hie, raesde er: - Jou hewwe mij ferrifeld, meenster!
- Ik leau it net, sei Gosses doe ûnwis, mar ik kin it sels net bioardielje. Hy hâldde syn glimke en bikende dat syn dreamen wjokken hiene. De graverij naem to folle tiid yn bislach en hy wie mei syn tinzen nou safier op it ûndernimmen foarút, dat it foar Hofstra net mear nei to kommen wie.
- We hadden oek niet met in troffel werke mutten, sei Hofstra, we hadden in skeppe nimme mutten en in kroade.
- Miskien wol, antwurde Gosses.
Doe't er justjes letter op 'e strjitte stie en nei skoalle gyng, kaem him it leaflike stal foar fan dat fammensbern, Wopke Heringa syn dochter.
Noch in ûremannich en hy soe har wer moetsje.
In jonge gelearde fan de rykstsjinst foar âldheitkundich grounûndersiik siet njonken notaris Heringa syn bureau doe't Gosses ta de wurkkeamer fan de âld skatgraver yn kaem. Heringa sels stie efter dat ûnbidige bureau en wiisde Gosses, nei't er him in slap hantsje jown hie, in djip, learen fauteuil.
- Dr. Hannema en ik, sei Heringa, achtsje Jou ûntdekking, histoarysk biskôge, fan it alderheechste bilang.
- Tanke, antwurde Gosses, mar ik bigjin sels to twiveljen oft it wol in ûntdekking is.
- Dêrom is deskundige bioardieling fan bilang, ornearre Heringa. De notaris wie hwat oeràl. Hy trommele mei de fingers op it skriuwblêd fan syn bureau en tidige op earnstige tsjinwar. Hy soe stiif partij jaen, hwant hy hie pún yn 'e noasters krige en wittenskiplike gloarje.
| |
| |
Dr. Hannema wie freonlik, mar net oansjitsk. Hy wie al sa faek ûntbean by dingen, dy't wit hwat wêze soene en dy't it oansjen amper wurdich wiene. Hy moast it earst sjen foar't er út 'e skroeven reitsje koe. Notaris hie sein: - Ik wit genôch, dat is bilangryk, mar ek in histoarikus fan oansjen lyk as notaris koe him forsinne. Dat sei Hannema ek rounút. Ta great fortriet fan Heringa, dy't him doe fanneed forwarde mei de opmerking dat it materiael dat Gosses him sjen litten hie, him oertsjûge hie. Mar Gosses sei dêrop dat it to min wie. Mar goed, sa resolvearre er, ek it oare mocht bisichtige wurde, as Hofstra, hwaens hûs it wie, tastimming jaen woe.
- Boaijemfynsten, ek ûnder eigen huzen, bihearre oan it ryk, sei Hannema, mar fansels moatte wy de meiwurking sjen to krijen fan dy menhear Hofstra.
Wylst hja sa meiinoar petearen, dwaelden master syn eagen troch it finster fan 'e túndoar. Der stiene hege beammen om in rom plak gers hinne. En midden op it fjild stie de jongfaem, Heringa syn dochter. Om har hinne dounsen twa boartlike jachthounen.
- Dit binne gjin geheimen om binefter to hâlden, menhear Gosses, sei notaris. Jou talint foar dy dingen wurdt erkend. Fan Jo forwachtsje wy de erkenning dat histoarysk ûndersikingswurk in groepsoangelegenheit wêze moat. Fanwegen de bitrouberheit.
- Lit ús dan Hofstra skilje, sei Gosses sabeare achteleas. Heringa woe fuortdaliks ta in útdragene saek komme, mar Gosses lei de hân op it telefoantastel en sei: - Né, lit Jou dochter it boadskip dwaen.
- Ja, wy moatte dy man gjin ôfskrik jaen, bigriep Heringa.
De jouns, ûnderweis nei it hûs yn 'e Greate Tsjerkstrjitte, moast Gosses it fine fammefiguerke, dat sa trinten fan stap nêst him fuortsweefde, presiis útlizze hoe't by op it idé kommen wie en sykje om dat heidenske alter. Hja rounen togearre de wei troch de Prinsetún, krekt deselde paden út syn earste dream, mar der wie nou gjin wikseling fan decor. It âlde túnhûs op 'e bolwurken hie oan wearskanten syn oanbou, in museum en in théhûs en der gyngen minsken nei in gearkomste.
- Ik leau dat it sinbigûcheling wie, sei er, wylst er de hoed ôfnaem foar in kultuerdrager dy't him foarby striek om noch op tiid op dy gearkomste to kommen.
- Us heit, sei Eveline, hat forteld dat der praet wie fan foartsjirmerij.
| |
| |
- Ik achtsje, antwurde Gosses, dat it sá west hat, dat jimme heit dy stjûrd hat en dat er nou seit, it hat foartsjirmerij west.
Eveline lake. Mysterieus, ornearre Gosses. It wie in sêft, koerend laitsjen.
- Ik haw dy fansels fakernôch sjoen, sei hja. It hearde as it bigjin fan in bikentenis.
- Ik haw dy altyd graech lije mocht, sei Gosses. Hja sil nou yn 'e forbylding wêze, tocht er, dat ik har ek opmurken hie. Mar it heugde him net dat er har ea hjir of dêr by gelegenheit moete hie. En dochs koe er prate fan moetings.
Op it brechje by de yngong fan 'e fiver stiene hja in hoartsje stil. Har gesichten wjerspegelen bleek yn it donkere, roerleaze wetter.
- Ik haw altyd in bytsje apart stien, sei Gosses, mar nou net mear. In swan, bigien op bôlle, roeike mei foarse slaggen nei it brechje. - Ik haw it oant nou to net tsjin dy sizze doarst dat ik fan dy hâld.
De greate wite fûgel siet nou langhalzjend nei harren to sjen. - Kom, sei Eveline, en hja krige Gosses by de hân. De swan, wend oan routinereiskes dy't neat opsmieten, sylde wer nei de midden fan 'e fiver en stiek dêr slûch de kop yn 'e fearren.
Gosses woe fortelle dat syn frijmoedichheit fuortkaem út syn kleare dreamen. Mar dêr hoegde dochs feitlik net oer praet to wurden, bitocht er him, hwant hy fielde har hân yn sines, dat der wie gjin inkelde ûnwissichheit tusken har beiden dy't noch útlein wurde moast.
Sa gyngen hja togearre de heuvel op dêr't it bifrijingsmonumint stiet, en dêr, ûnder de hege beammen en yn it skaed fan twa stiennen mannen, sloech er syn earmen om har hinne en bimimere, ûnder it tútsjen troch, hoe't hja him út 'e Tún wei wonken hie.
Doe't hja inoar hymjend los lieten wie it wol hege tiid wurden om Hofstra op to sykjen. Dy moast klearmakke wurde op 'e komst fan de echte skatgravers, in bisite dy't er earst frijhwat noartsk ôfstegere hie en doe heal en heal ynskikt hie op bitingst dat de hearen noch in pear dagen tiid dwaen moasten. Der wie nammentlik swierrichheit tusken him en master en dat moast earst wer bylein wurde. Dêr soene wol in dei-twa mei hinnegean.
- De saek is noch niet ryp, hie Hofstra sein. It harke noch al eigenwiis út 'e mûle fan in deagewoane útfierder en it makke Heringa kûgelsk. Hy woe B. en W. yn 'e saek bihelje, sei er, mar hy spriek dy driigjende wurden net foar de earen
| |
| |
fan Hofstra. It wie syn dochter dy't de opsternate timmerman oanhearde en hja forhimmele syn wurden letter in bytsje, mar sels yn dy foarm bearden se stûfernôch om Heringa op ien ein to bringen.
Hannema bleau der wakker igael ûnder. - Dit meitsje wy faker mei, sei er. Nammers, dy sljochtweihinne minsken komme faek bidragen út mei ús soarte lju. Koartby noch ûntdiek in boer út Blynjeterp by in sângraverij op syn gerjochtichheit brângatten fan in praehistoaryske delsetting. Doctor Boonstra - hy is net fan ús tsjinst - forrjochte it ûndersiik. Der wiene wichtige fynsten. - Ik nim dit spul mar mei, sei er tsjin de boer. Ja, dat is bêst, sei de goeman. Trije moanne letter waerd de boer gewaer dat Boonstra de fynsten yn Grins oan jild makke hie. It gyng om in stik jild fan tsientûzen goune.
Heringa achte it in smoarge streek. Dat wie it ek. - Dat dêrom kin ik it my skoan bigripe, sei Hannema, dat sa'n man as Hofstra op syn iepenst is. Wy binne nou ienkear in soarte fan rovers.
- Ik bin bewaker wurden fan in heidens altaer, forklearre Hofstra, doe't er opdûkte út 'e kelder. Hy stie yn 't boesgroentsje, healwei it kelderstrepke. Syn eagen skitteren fan opwining. Master mocht der nou finael útlizze, Hofstra net. Dy dreamerijen en dy forhalen fan Gosses wiene noch net by him wei. Gosses waerd kjel doe't er it seach.
Hofstra like wol bitsjoend to wêzen. Hy woe gjin reden forstean.
- Der falt met mij niet to praten, sei er batsk doe't Gosses it praet dy kant út stjûre woe. Hy woe wol dreamen oanhearre. Hy wie sels yn 'e forbylding dat him noch in dream forswijd wie. Hy hie nou dat alter, mar hy hie it noch net fan it plak hawn en it ek net iepen makke.
Eveline siet der by wylst de manlju praetten en hja hearde Hofstra hieltyd gewach meitsjen fan in preesteresse.
- Dit is dy preesteresse, sei Gosses ynienen en wiisde op Eveline. Hofstra skodholle. - Jou binne helemael inne war, meenster, sei er meilydsum.
Doe gyng de telefoan. It wie Heringa. Gosses naem op ear't Hofstra de hoarn bineikomme koe.
- Hoe sit dat nou, kinne wy komme, ja ofte né! rôp Heringa.
Gosses lei syn hân op 'e hoarn en sei tsjin Hofstra: - It binne de heidenen, ik ha der oer dreamd.
- Dy kan je fansels niet keare, antwurde Hofstra en doe
| |
| |
bigoun er riedslich to laitsjen. - Nou ja, forfette er, laet dy mannen dan maer komme.
Ek Hofstra makke him yn ienkear los fan 'e bitsjoening den er him troch bilêze litten hie. Hy skamme him in bytsje.
- Hwat dogge jimme nuver, sei Eveline.
- Untdekkingsgoarre, forklearre Gosses.
Heringa dûkte as earste mei de stoarmlantearne yn it gat. Hy kaem optein wer to foarskyn. - De sydkant fan it alter dy't nou sichtber is, rôp er, is fan ûnderen to boppen folbeitele mei runeskrift.
Hannema gyng dêrnei op ûndersiik út, bleau wol fiif minuten wei en kaem swijend wer nei boppen.
- En? frege Heringa.
- Ik kin Hofstra lokwinskje, antwurde Hannema, hy hat de wittenskip in greaten deugd dien. Wy hawwe altyd miend dat alle heidenske alters yn Fryslân fornield binne. Hjir stiet noch in frijwol geef eksimplaer.
Gosses en Eveline stiene hân yn hân to sjen hoe't notaris oandien syn noas snútte.
- Dit is it moaiste momint út myn libben, sei Heringa mei heas lûd.
|
|