De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] [Nummer 6] D.A. Tamminga: Ballade fan de Statumer stranjutten To Statum gût in krystorkaen om fokkemêsten en bezaen, al dagen hie 't minware. Foar dûb'le tuijen lizze spand de blazers oan de havenkant, it want stiet as in snare. Wé, Hwa't nou omkrúst bûtengat, men is in heinebal fan God as sa'n noardwester lillet. De grounsé graeft de platen om en tsjin de klippen kwitst it skom dat oeral trillebillet. Al riidt de stoarm ek dak en toer en spatte sâtle slanters oer de geve dyk bywilen, al heucht sa'n krysttiid ek net ien en komt der soms in skoarsjenstien mei gong nei ûnd'ren silen, dochs sit gjin Statumer yn noed om eigen folk, om have en goed, har gaezje is bisomme; de himpen float leit op 'e re forank're tsjin de boaze sé, dat lit de stoarm mar komme. Yn mannich fromme dykster went wurdt troch de bern it âldbiwend Kyrie eleison songen. En mannich pikbroek yn syn baerd bromt fan it Bern dat berne waerd oan Jesse's slam ûntsprongen. [pagina 210] [p. 210] In stoarmige Sint-Steffensnein. - De tsjerketoer set sêft útein en liedt it wolbihagen oer Statumers fan goede wil. Hja geane op, hja geane stil yn bearemûtse en kragen. Hast sit pastoar yn 't lang gebet, hwa skouwe dêr - wel, ha jo net? - bylâns de kosterinne? Twa jutters fan 'e Platte Streek, twa rûge bûsten dy't nei preek noch tsjerke oars mear rinne. Hja wiene moarns om bút op siik, mar lak! de sé joech koark en kriik en 't waer bleau mar ûnfarber; gjin koarelskrom om sûd noch noard fan Krûme Herne oant Surger Oard.. Doe rekke tsjerkfolk warber en lokken waermte en oargeltoan twa heal forklomme sielen oan Hwa't alles hjoed mislearre. Hja hawwe, nei de wijde galm fan Davids langforgetten psalm foliverich hannegearre. De tsjinner lies it godlik Wurd en bea mei skylderman en jut foar Hwa't de sé bifarre: ‘Och Hear, wol har to roere stean, mar mocht der àl in skip forgean lit it foar Statum barrel’ Twa jutters, nikkende yn 'e pet, rûst dit ynmoedich smeekgebet as feestmuzyk yn 'e earen. 't Sermoen ûntkomt har heal en heal ‘.. Men heart om tsjerkefoarporteal de wyn fûleindich bearen. [pagina 211] [p. 211] Dy nachts - it spoeke op 'e Waed - der rekket nêst de Twade Plaet in laden tsjalk út oarder; it folk rêdt him oer rêch en geul, mar net in splinter bliuwt der heul oan hiel dy hamburchfarder. Twa jutters reizgen ôf en oan. Hwa krige ea in kârns sa skoan, in skip priis èn in lading? Hja koen' de beantsjes net út swiet, hwant alle dagen weroan siet de gloaijing fol mei gading. Mar kroaskje hja de pastorij mei koarthout op 'e skots foarby, dan rêst de sek in poaske en rûgelje troch 't fjurhoksrút de earstelingen fan har bút: hwat branje foar pastoarske. *** To Statum libbet hjoed-de-dei net ien mear fan dat âlde skaei, in nije tiid is berne, mar as in stoarm de Waed birint dan komt soks wer op 't aljemint oan dyk en skoarsjenherne. - foar Bouke Tuinstra - Vorige Volgende