De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 227]
| |
Boemerang
Der wie in kear in boemerang,
dy wie in tikkeltsje to lang.
Boemerang de reis bigoun,
mar men hat 'm net wer sjoen.
Lykwols, 't folk - noch ûren lang -
wachte mar op boemerang.
| |
Lyts drama
In stûrtske postsegel, in mantsje,
hie okkerdeis hwat oan it hantsje:
in fanke bislikke 'm by 't plakken.
Sa kriich him de leafde to pakken.
Hy woe har krekt patsje - foreale
doe glied er de bus yn, dy deale.
't Waerd neat tusken him en dat fanke.
Dûbelde punt:
tragyk, fan de boppeste planke!
| |
Jounbea fan in forkaldene negerinne
Ik sykje koele stjerrenacht.
De sinne barnt mei alle macht,
De sinne bakt my rea.
Hwat haw ik, sinne, dy misdien,
datstû my bakst to gleone stien,
hwerom bakstû gjin brea?
Ik folgje 't spoar fan blanke man.
Hy roek sa skoan, ja dêr net fan.
Mar mei hwat núnders om 'e lea
fiel 'k my nou wol in kromke blea... t.
| |
[pagina 228]
| |
Hy foun nei myn klinte
oer séën it paed.
Mar sûnt bin myn tinte
en ik - fan him skaet -
sa slim desolaet.
Dêr kangert in goeroe,
fierwei by in stek.
Noch efkes geduld dwaen,
dan kangerstû ek.
| |
Ekonomyske kwatrinen
I
Hja jowe it bist goed to fretten
en skaffe him treflike wetten,
syn wente dy blinkt fan it goud.
De traeljedoar lykwols bliuwt sletten.
II
Hwerom't wy der neat fan fornimme,
wylst hieltyd mear auto's sa glimme?
Dy heechkonjunktuer is sa heech:
wy kin' him gewoan net biklimme!
III
Hat jou hûs air-conditionning ‘hi-fi’, T.V.?
Leit boar Minorca ek jou ticket ré? O né?
It giet ús allegearre dôch sa bêst?
De steatssiktaris seit it sels - dy is p.g.
IV
Stap net fansiden, freon, as auto's dy bispatte
- oan 't stjûr de oandielhâlder, baes of direkteur
it is de wei dêr't wy de woltier op forparte.
En eltse snjit moast dreech foar praten wurde, dat eh...
| |
[pagina 229]
| |
Nieuw-Friesland
Hwa fettet de foarútgong net,
dy't dôch sa klûntsjeklear is
en dêr't de weareld- (ier en let)
fan-projekteurs oer gear is?
Hwa sjocht it idéale net,
sa agronoom bisletten
yn 't damjen fan de lêste pet:
hiel Fryslân kouwefretten?
Hwat is dit moai: dy rjochte dyk
en greiden sûnder stikel.
Hoe skjin is dôch sa'n pleats fan blyk;
gjin lêst fan swel of wikel.
Moai, dat hjir ek gjin beam mear stiet,
't wie oars net oer to kommen:
hwat jin len tomke net forfriet,
lit stean in nêst mei tommen!
Hwa wurdt der better fan in poel,
fan leeljes yn 'e wiken?
Is dit gjin gever libbensdoel:
méár bussen oan méár diken?
Far fuort dan, C.D.T. en LEI,
al hwat kultuertechnyk is,
ûntslút de projektearre dei,
dat reed noch sleat mear bryk is.
Untslút ús de planearre del,
dat Fryslân plat, ja platst is
en dat fjilds lêste poëzij
boar plús en groom forpatst is.
| |
[pagina 230]
| |
Captains of industry
Pryslik binne de captains of industry.
Hja Bette it efterlike lân fol mei fabriken,
de tunen bistjurje ta streekrjochte diken
en yn de paden siedzje hja iisderen stikels
dy't bloeije mei blommen fan plastyk.
Foar de eamelders bouwe hja blokkedoazen
domwei yn de rop fan de wylp
en it nêst fan de geal.
Elts blok út de doaze
is in laed
yn de kartoteek fan de n.v.
(de kaeijen hâlde hja yn 'e bûse)
As ider laed syn kaerten hat
hânklappe de b's en de w's
en de fotografen flitse.
De captains lykwols bliuwe forside:
ik alteast haw har nea metten,
mar ja, ik swalkje ek net
mei in wyt jacht oer de blauwe sé
fan it suden.
Dêrre, yn Campo Luigini
- ik neam mar hwat: jim' komme der ek n't
litte hja de kaeijen rinkelje
dêr't ûnder palmen heechskonkich
ranke froulju boarsten drage fitfoarm.
Hawwe jo ek al klapt?
| |
It untwikkelingskomite
Wy fiel' ús forantwurdlik (dat is ús oan to sjen)
foar 't libben fan de mienskip, de greaten en de bern,
de dokter, de siktaris, de frou fan de notaris,
de dûmny en de rektor. De kulturele sektor
sil hwat op barre moatte. De fraech is inkeld: hwatte?
Wy moatte hwat dwaen, wy moatte hwat dwaen,
it folk stiet hjir fiersten to leech.
Wy moatte 't hwat jaen, wy moatte 't hwat jaen,
it peil kin noch meters omheech!
| |
[pagina 231]
| |
Us heiten en ús paken, dy hiene 't goede foar,
hja stiften ‘Sport verenigt’, it weeshûs en it koar,
de rjochter, d'archivaris, de widdou fan notaris.
De nammen fan de strjitte dy roppe 't efts tomjitte:
‘hja wiene it doarp to stipe’. Dus kin men wol bigripe:
Wy moatte hwat dwaen, wy moatte hwat dwaen,
it folk stiet hjir fiersten to leech.
Wy moatte 't hwat jaen, wy moatte 't hwat jaen,
it peil kin noch meters omheech!
Wy sille 't nou bisykje mear yn moderne trant.
Mei... lêzings! Oer de lintwjirm, de Himalaya, Kant.
De suster fan siktaris, de dochter fan notaris
dy jowe gratis lessen oer Ald-Sineeske fersen.
Sis Heyster slút de rige, mei: Meije skoalbern lige?
Wy moatte hwat dwaen, wy moatte hwat dwaen,
it folk stiet hjir fiersten to leech.
Wy moatte 't hwat jaen, wy moatte 't hwat jaen,
it peil kin noch meters omheech!
Dy Himalaya-lêzing, dat wurdt ús iep'ningsjoun.
Wy binne don ynienen in fiks ein fan 'e groun,
de dokter, de siktaris, de suster fan notaris.
Mar sa'n niveau to hâlden, falt ôf hjir yn 'e Wâlden.
Lykwols, wy sill' 't bisykje, de geast mei krêft forrykje.
Wy moatte hwat dwaen, wy moatte hwat dwaen,
it folk stiet hjir fiersten to leech.
Wy moatte 't hwat jaen, wy moatte 't hwat jaen,
it peil kin noch meters omheech!
| |
De ballade fan feike fiker(op in motyf fan Bert Brecht: Die Morität von Mackie Messer)
Sjoch, in hiemhoun dy hat tosken,
dy't him blinke yn 'e bek.
Mar it knyft fan Feike Fiker
leit forstutsen ûnder 't fek.
Op in moaije Sneintomiddei
yn Lauswolt in frouljuslyk.
Tusken Maurer en de Mersken
sliept in Wâldman oan 'e dyk.
| |
[pagina 232]
| |
En dy stamboeksboer út Jelsum
mei de nijste Ford nei 't Wâld,
lei by Tsjaerda yn it doalhôf
lyk ‘Us Mem’ sa stiif en kâld.
Doe dy greate wegebouwer,
ûnderweis om in kontrakt.
Yn de Wâlden waerd by rûp'le,
mar gjin Wâldman waerd der pakt.
En dy greate brân yn Drachten:
seis fabriken, yn in sucht!
Mids it folk stiet Feike Fiker,
dy't neat seit, mar inkeld sjocht.
Op in nacht de faem fan dokters,
fljocht oerein, mar krekt to let.
Op 'e dyk fytst dy't har skeind hat,
mar biwize kin men 't net.
Sa koe Feike ûngemurken
stelle en rôve, stekke en dwaen,
hwant it mês lei yn 'e golle.
Fan dat mês hie nimmen aen.
Mar de Fryske Akademy
mei har sneupend yntellekt
fong de fiker yn it sykljocht
fan har machtich Wâldprojekt.
Soasjo-, bio-, psycho-logen,
nêst jurist en folklorist
strûpten Feike binnenstbûtensr,'
seinden optein: ‘Kok, dit is 't!
Hjir ha wy nou al dy jierren
nacht en del om sneupt en socht,
binne tûnen oan subsydzjes
nei de Doelestrjitte brocht...’
* * *
Proffen skikten him as lêste
Homo sylvius to plak.
Feike Fiker rêst nou ivich
yn in greate kaertebak.
|
|