De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 233] [p. 233] Anna Terpstra: Ik dounsje Ik dounsje op en del op Gods genede, in heinebal op wiffe libbensfloed, in palmblêd yn myn hâm en wêrs fan noarm en rede, stjûrleaze boat yn 't grille ljocht fan hjoed. Ik bin biset mei moanne en mei stjerren, en amje wyn en wolken, shine en wite snie, ik sam'le alle âlde dieden dy't mislearren en ús jit bine oan de bitt're libbenstrie, en neam jim namme en skaeimerk om en om, riuw dy as wite kralen oan de moannestring, as lêste skeakels fan in weitard heltendom, tobrutsen tsjoen yn in âldwrâldske ring. Vorige Volgende