| |
| |
| |
Freark Dam:
‘Naer's lands wijze verduytscht’,
of
it geheim fan Friso Stellingwerf
Yn de jierren dy't nou al wer safier efter ús lizze, dat men der amper noch praet fan heard, n.l. 1940-1945, wie der yn Amsterdam in nijbakken útjowerij dy't Storm hiet. Ik ha mar gjin neifraech dien hjir yn Fryslân - der binne nou ienris dingen dy't men ‘net docht’ - mar it moat my al slim misse, as dy útjowerij net hwat út to stean hie mei de Nederlânske SS (de goede tekentsjes haw ik spitigernôch net mear op myn mesine) en de aldersnoadsten ûnder ús witte noch wol sahwat hwat dy letterkes bitsjutten. Ien fan de boekjes fan de útjowerij Storm wie in ‘historische roman’ ûnder de namme Markward Portenga, skreaun fan H.J. Popping. Sille wy nou mar sizze, dat dy skriuwer - hy libbet net mear mien ik - min ofte mear by it thúsfront fan Storm c.s. hearde? Hy wie, hwat men fierder ek fan him sizze mocht (sizze ‘mei’ is der hjoeddedei net mear by) in flitich en kundich amateur-archeolooch en as lokael-histoarikus hied er erkende kapasiteiten. Hy koe derby de pinne tille, wol net by útstek, mar dat wie doe by Storm aldergeloks ek gjin needsaek.
Der sille net folle minsken west hawwe, dy't Markward Portenga lêzen hawwe. It wie frjemdernôch, mar as it my net mist wiene boekjes mei op it omslach dy útjowersnamme doe - en nou brûk ik gjìn flauwe wurdspiling - bislist gjin roversguod.
Lykwols, der hawwe minsken west - om yn de trant to bliuwen: yn it jier fan ús Heare njoggentjinhûndert-en-seis-en-fyftich - dy't ornearren, in Fryske oersetting fan Markward Portenga koe gjin kwea. It forhael hie op 't lêst, ik sil de lêste wêze om dat to ûntstriden, biskate histoaryske kwaliteiten. En wurdt der binammen yn Fryslân net dei út dei yn klage, dat dit folk syn eigen skiednis net ken? En H.J. Popping wie, ôfsjoen fan de klubgeast dy't him bisiele, wol wis fan syn saekjes en wist syn forhael moai aerdich op to dissen. Hawwe de boeken fan immen as E. Gerdes ek jierrenlang gjin lêsfoer west foar stagen fan (Hollânsk lezende) kristlike jongfeinten? Dêr soe nedich hwat yn it Frysk foaroerstean moatte, en sjoen de earmoede fan ús hjoeddeiske Fryske skriuwerij....
Nou wol ik mei klam foaropsette, dat de kâns dat de Fryske oersetter fan Markward Portenga rjochtstreeks de Storm- | |
| |
ntjefte fan 1942 brat hat, my om biskate redenen tige lyts en finwierskynlik foarkomt. Der sit him, boar my alteast, de oast ek net sasear, al bliuwt it fansels in pikant detail, as ik it sa neame mei.... Folle mear eigenskip hat it, dat it hanskrift fan Popping de Fryske Atjower en biwurker oare wei lans yn hannen kommen is.
Yn elk gefal: Frijdom wie de heechste wet neffens it titelbled skreaun troch Friso Stellingwerf, in boekwurk dat okkerdeis forskynd is, earne yn Fryslan, is oars neat as in oersetting, foar in lyts part biwurking, fan Markward Portenga, it forhael fan de Stellingwerver H.J. Popping. Biwurke ‘naer 's lands wijze verduytscht’ - hwant dat wie yn dit gefal wol nedich. Popping syn forhael wie perfoars net kristlik, it wie earder de heidenske kant neist. Heidensk yn de earfolle sin lykas mannen fan Storm en oaren dat oanfielden, as it my net mist. Markward Portenga moast dus kerstene wurde, Ear't it, yn Frysk habyt stutsen, as Frijdom wie de heechste wet op 'e boekemerk kaem.
Nou binne der yn Fryslan wol minsken foar to finen; kerstenje, foaral as it sa maklik is, moat ek alderstoarmste
moai wurk weze, liket my ta. De titel foroarje - neffens it itige systeem: pik mar in rigel ut ien fan de Fryske nasionale hymnen - is ek it oer gear kommen mar.
Der sille yn Fryslan faeks noch wol in stikmannich minsken weze, dy't Markward Portenga, it boekje fan Storm Ut 1942, yn 'e kast stean hawwe. Lit us sizze by wize fan kuriositeit, of oars as djfir oantinken oan foarbye tiden. As hja de freonlikens nimme wolle en forgelykje beide boekjes, dan sille hja al slim fmreedlik weze moatte om net ta to jaen, dat de Hollanske tekst moai knap, ja bytiden yn it beste Frysk-ut-detaelbuorkerije oerbrocht is. Ut en troch lykwols sille hja op in hiaet stuitsje, of tearen yn 'e holle lûke, hwant by har witten wie Storm, hoe anti-kommunistysk ek, dochs ek wer net sa butte kristlik.
Bliuwt by dit alles de fraech, oft dyjingen dy't boar de Utjefte fan Frijdom wie de heechste wet forantwurdlik binne, net forstanniger dien hiene en spylje mar iepen kaert. Sa wreed binne de Fryske lezers op 't lest ek wer net, dat hja om in namme in hiel histoarysk forhael wegerje. Nou hawwe se, al wer ris, de Fryske lezers in riedlinkje opjown: hwa is Friso Stellingwerf? Is it in mantsje, of in wyfke faeks? En hwatfoar mantsje, c.q. wyfke?
Ne, troch dizze twiveleftige mythefoarming drage de lju grif net by ta suvere forhaldingen yn de Fryske skriuwerij.
| |
| |
Men hoecht noch net ienris to tinken oan dwazen, dy't it plantit forpoffe, biskate boeken to keapjen, om to stean op it rjocht fan de lezer, to witten hwatfoar fleis as er yn 'e kiipe hat.
Oan de oare kant: jowt it foech en ‘biwurkje’ sa'n forhael fan Popping, kerstenje it en foroarje de anti- of alteast a-kristlike tendins yn in kristliken ien, sûnder derfan de lezer forantwurding to dwaen? Ofsjoen noch fan biskate litteraire gewisse-biswieren, dy't yn it algemien tsjin sok dwaen yn to bringen weze soene, en ofsjoen fan de fraech dat men fansels de neibisteanden fan de auteur deryn kenne moat (dat sil hjir bard weze, nim ik daliks oan) moat dochs binammen hwat dit oanbilanget de lezer iepening fan saken forwachtsje kinne. De Hollanners hawwe der mien ik it wurd ‘zindelijkheid’ foar, men soe it Friso Stellingwerf faeks forfryskje litte kinne to sokssahwat as ‘fatsoen’.
Ta bislUt is it de muoite wurch en gean nei, op hokker punten de forfrysking fan de oarspronkelike HoHenske tekst ofwykt. Krekt omt de oersetter hinnegien is en help de ‘toan’ fan it boek oer de hiele liny krekt efkes by, is it resultaet foar kristlik-fryske lezers krekt oannimlik wurden. It hipt nau mei boeken, dy't kristlik hjitte moatte: in Utrop ‘o hemel’ moat dan foroare wurde yn ‘o God’, men skriuwt net mear sljochtwei 1496 mar it jier fan us Heare’ safolle. ‘Bij alle Goden’ (in Utrop dy't yn gjin histoarysk forhael mankearje mei, soe men sa sizze) komt yn de forfrysking to forfallen; ‘een vloek’ wurdt in grou wurd’. Yn de forfrysking fynt men ek in tuskensintsje as ‘nei de minske sprutsen’ dat men fansels yn de Storm-fitjefte omdOch sykje sil, likemin as yn oare Poppingversys dy't de oersetter om my braid hawwe kin.
Al to spotske, soms frijhwat sarkastyske Utlittingen oan it adres fan Rome en syn tsjinners, binammen as dy op it leauwe sander mear slagge, wurde forsefte of weilitten. Oer it generael nommen kin itselde sein wurde fan alle passaezjes dy't Poppings libbensskOging, it ‘Germaenske fielen’ ensfh., oanbilangje.
As typearj end foarbyld, dat dfidlikernoch oanjowt hoe't de heidensk-germaenske visy ‘ombugd’ is nei de hjoeddeiskkristlike, mei it folgjende tsjinje:
Oan de ein fan it boek sprekt in pryster dy't ‘goed’ wie, dat wol sizze yn wezen mear noch heiden as Kristen en yn elk gefal ien it eigen bloed’. Hy leit it prysterklaed of en stelt him yn tsjinst fan syn folk. Neffens Popping yn de Stormtitjefte mei dizze wurden:
| |
| |
‘Lange jaren heb ik geleefd in twijfel en met tweedracht in mijn ziel. Thans eindelijk heeft de oude band des bloeds, die mij met ons volk verbindt, het gewonnen. Ik kan niet langer een kerk dienen, welker grootwaardigheidsbekleeders, gelijk de bisschop van Utrecht, als sluipmoordenaars een klein volk trachten te vernietigen, een yolk, dat zich reeds tot het uiterste geweerd had in een gerechten strijd tegen andere vijanden. De leer, die door deze kerk wordt uitgedragen, is nog slechter dan die van den Farizedr. Markward Portenga en Douwe Doest, edele dooden, op uw graven doet de heilige Martinus de gelofte, dat hij voortaan de ploeg door de akkers zal sturen en dat hij morgen het zwaard zal opvatten, dat uwe handen is ontvallen. Gode zij dank, nu behoef ik niet meer mijn blik naar den grond te wenden, doch kan ik weer vrij en rechtop gaan, met mijn handen en blik naar boven gericht naar de Almacht, die is en zal blijven, overal, ook in onze ziel. Vrienden, noch Markward Portenga, noch Douwe Doest, hebben bij hun leven om kerk en priester gegeven, omdat de heerschende kerk en haar priesters geen plaats konden vinden in hun hart. Daar zetelde immers reeds de liefde tot de Almacht, de Onbegrepene, den God hunner vaderen. En de liefde tot hun land en hun volk was verankerd in dit rotsvaste geloof der vaderen, zooals dit ook nog ligt besloten in u, die hier tegenwoordig zijt. Ziet wat een goddelijke boodschap kon volbrengen, Terwijl vorsten en bisschoppen strijden om macht en een weelderig leven, en daarbij in den grond der zaak, door hun handel en wandel, blijk geven, dat ze de geschiedenis van Jezus en de heiligen, die ze u voorzetten om u er aan te benevelen, als een label beschouwen, - ziet, daar zijn deze beide mannen ten strijde getrokken, gelijk zooveel anderen van ons yolk, niet om macht en gewin, niet om goud en eer, maar uit waarachtige liefde tot hun arm, belaagd volk en ter verdediging van den grond, waarop zij en hun voorouders in hun
vrede en eerlijkheid hebben geploegd en gezaaid. Douwe Doest, ge zult hier moeten rusten op den hof, maar niet naast uw vrouw en uw bloedverwanten, omdat daar geen plaats voor u was; de vijanden, die daar regeeren, zouden zelfs uw doode lichaam nog geweld hebben aangedaan. Maar gij, Douwe, ge zult hier rusten naast uwen trouwen vrind Markward, met wien ge zooveel gelukkige en ongelukkige, maar altijd groote dagen hebt beleefd. En nu, Markward Portenga, zoon van mijn ouden vriend Herman Portenga. Het doet mij goed voor uw nabestaanden dat zoovelen zijn gekomen om nog in uw nabijheid te vertoeven op het laatste oogenblik voor dat Moeder Aarde uw lichaam heeft opgenomen. O, hoe lief ware het mij geweest, wanneer ik dezen dag niet had behoeven te beleven, dat gij met uw sterke lichaam nog trotsch den ploeg mocht besturen, en ik oudere man stijf op het stroo in uw plaats zou liggen. Het heeft helaas niet mogen zijn. Bloedverwanten en vrienden, verwacht geen kwezelachtige woorden van troost van mij. In de plaats hiervan zeg ik: Leef verder in den geest van deze beiden, die u zijn voorgegaan. Hun heldhaftig leven en sterven moge u een oaken zijn op uw verderen weg door het harde leven. Weest trotsch op hen, maar daarnevens, richt u naar
| |
| |
hen, tracht hen to evenaren. Dat is de grootste liefdedaad aan hen.
Friso Stellingwerf yn Frijdom wie de heechste wet hat der dit fan makke:
‘Lange jierren haw ik libbe mei twifel en mei twastriid yn myn siele. Einlings hat de ban fan it aide bloed, dy't my bynt oan dit folk, it woun. God wol ik fan herten tsjinje, Syn soan is myn Heare, mar net langer kin ik in tsjerke tsjinje, hwaens greatweardichheitsdragers, lykas de biskop fan Utert, as moardners in lyts folk bisykje fit to roegjen, in lyts folk, dat nimmen oerlest oandie, mar dat inkeld de frijdom seach as de heechste wet. Utmoardzje en dat net ta heil fan de tsjerke, ta gloarje fan God, mar ta it ntwreidzjen fan eigen ierdske macht, ta gloarje fan eigen rom, ta it forgreatsjen fan eigen rykdom. Christus, its leaven Heare, hoe spriek Hy net fan it skinken fan jins goed oan de earmen, om it Keninkryk to ervjen, hoe spriek Hy ek net fan Frede en waerd dy frede bisongen by Syn komst op ierde. Mar de fear, dy't nou troch de tsjerke utdroegen wurdt, de fear fan moardzjen, rovjen en stellen, as it mar giet ta it wolwezen fan it ierdske bistean, liket my noch slimmer as dy fan de Farizeen. Markward Poartinga en Douwe Doest, eale deaden, op jimme greven docht de Hillige Martinus (sa waerd de sprekker, blykber ek troch himsels, neamd. F.D.) it inithjit, dat hy tonei de ploege troch de ikkers stjfire sil en dat hy, mocht it nedich weze, opnimme sil it ark, dat jim untfallen is. Tank oan God, dat ik de holle nou wer as in frij man optille kin. Freonen, noch Markward Poartinga, noch Douwe Doest hawwe yn har libben it measte jown om tsjerke en preesters, om God en Syn gebot joegen hja nammersto mear, hja wiene gjin lju fan moaije wurden, mar mannen fan de died! Hja waerden droegen fan de leafde ta eigen folk en eigen gea, fan God har jown, mar de hearskjende tsjerke hie foar sok in leafde gjin plak. En wylst tsjerkefoarsten en biskoppen strieden om macht, eare en in weelderich libben en derby yn de groun fan de saek troch har hannel en wannel blyk joegen, dat hja de skiednis fan Jezus en de hilligen, dy't hja jimme foarsetten, sels as fabels
biskOgen, teagen dizze beide mannen, lyk as safolle fan har skaei en folk to'n stride net om macht en gewin, net om goud en eare, mar it wiere leafde ta har earme bidrige folk en ta fordigening fan de groun en sibbe, der't God har Skepper, har op en har yn steld hie. Hoe leaf hie it my west, dat ik hjir net hoegde to stean oan twa iepen greven, hoe hie ik hope en bidden, dat jimme mei jim sterke lichem de ploege wer stjfire mochten en sjen hoe't jim bern opwoechsen yn sounens, deugd en eare. It hat net sa weze mocht. Gods wegen hawwe oars west as uzes, syn tinzen heger as as tinzen. De God fan libbenen en deaden hawwe har sielel Amen!’
De foroaring yn it politike klimaet hat fierders noch gam lytse foroaringen yn de tekst nedich makke, sa docht bliken.
| |
| |
In ‘Duitsch meisje’, der't Popping wakker fan bearde, waerd yn it Frysk in Saksysk famke; it wurdtsje ‘heimath’ troch Popping to pas brocht, fordwoun fansels en ‘de Joaden’ waerden fit reverinsje mei in kapitale J bitocht, wylst Storm in underkast j modijernech achte. Ek krektoarsom binne der soksoarte forbetteringen: it forachtlike ‘een Saksenman’ fan Popping waerd by Friso St. koartwei ‘in poep’! As yn de Hollanske tekst yn pleats fan it krasteken op in grefpeal ‘een wolfsangel en er onder de levensboom’ oanbrocht wurde, sprekt de Fryske tekst fan: ‘bihalve it kills in germaenske libbensbeam’ - men sjocht it, de slakjes hawwe safolle mooglik salt krige. ‘De grote macht, die alles bestiert’ waerd: ‘De greate Skepper fan Himel en ierde’. Koartom, sa'n tekstforlykjende studzje is tige nijsgjirrich!
Hawar, oer lit us sizze Inindert jier hoecht gjin dr. Wumkes redivivus him de plasse to pinigjen, Hwa't yn de goede dy bodder-yn-de-Fryske-striid wie dy't him Friso Stellingwerf skreau. Mar ik moat earlik weze, de ‘Entmythologisierung’ fan dit riedling soe ek net folle care oan to biheljen weze.
|
|