Net nij, ek net wei ‘...
Nei't der grute wurdt, hat Jo Smit, de skriuwer fan sûnder saker, in flesse mei-hwat-der-yn en mei it etiketsje: Sander suker derop, takomme litten oan de redakteur fan it Friesch Dagblad, dy't dit boekje yn syn krante resinsearre hat. - Watse Cuperus (op keninginnedei 1956 65 wurden en dus nou frij man) syn romanmanuskript Jild en eare stiet op nominaesje boar injefte yn de Kristlik Fryske Folksbibletheek. - De K.R.O. hat op de jouns fan de fjirde maeije in harkspul fan Jo Smit opfierd, dat him ofspilet yn 'e iinderdiikerstiid fan de bisetting. - nei't Piter Terpstra oan in forslachjower fan de Ljouwerter Krante meidield hat, sil der fan 't jier noch by Laverman n.v. in nije roman fan syn han forskine, dy't Fjouwer minsken yn in sted hjit en yn Ljouwert spilet. - De forfrysking fan Meindert de Jong syn bikroand Amerikaensk berneboek, The Weel on the School, sil by de utjowerij ‘West-Friesland’ to Hoarn forskine under de titel It tsjil boppe op 'e skoalle; de oersetting is fan Auck Smit-De Boer, wylst Jo Popma-Gall de tekeningen makke hat. - Yn deselde snuorje dat der fan alle kanten ful krityk levere waerd op syn tekst foar it nasionael monumint op 'e Dam yn Amsterdam, is oan de dichter A. Roland Hoist de P.C. Hooftpriis (steatspriis foar letterkunde) takend. - De byldhouwer Joh. G. Wertheim fit Laren, dy't it Joadske tinkteken op 'e Gerdyk makke hat, krige foar syn wurk op de totoanstelling Kunstenaars herdenken 5 mei yn Rotterdam in earfolle formelding, lykas 11.o. Karel Appel en Frieda Hunziker. De minister fan Underwiis, Kunsten en Wittenskippen hat foar ienkear in subsydzje takend oan de stichting De Kemediespeulers to Maestricht, ut wurdearring foar hwat dit selskip fan amateurs dien hat foar de kultuersprieding en de folksimtjowing. - Yn Fryske oersetting forskynt yn dit Tsjernenamer de ‘Ljouwerter’ novelle, dy't Sjoerd Leiker yn opdracht fan de minister fan U., K. en W. skreaun hat. - Yn de samling
‘geografyske’ gedichten, under de titel Apollo's reis door Nederland gearstald troch Laurens van der Waals, is yn Nederl'anske fortaling opnommen it fers Tjeukemeer fan Y. Poortinga.
FREARK DAM.