Krityk yn it koart
Tusken Obe en Abe
Underweis - fersen fan Tsjits Peanstra, Reiddomprige 1954, nûmer 2, Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1954.
Fersebondels is it faek nuodlik skôgjen mei; fierwei maklikst is it, hwannear't hja ôf masterlik binne ôf min. Mar yn dy moai-brede grinsstripe tusken Obe en Abe fine wy dy bondeltsjes, dy't oan 'e iene kant net heech roaije, oan 'e oare kant net lije oan bjusterbaerlike mankeminten; en sokke hawwe ek rjocht op bisprek. Hja jowe fakenfolle op simpele, direkte, earlike wize persoanlike stimmings en fielings, hja komme almeast net ta faeije ûtboarstingen fan lijen of fan lok; en de uteringen wurde net twongen yn klassike ramten, noch foarûtstaet ta modernistyske foarmleazens. It binne de bondels fan de ‘minor poets’. Binammen yn Fryslân, dêr't wy sunich op 'e dichters en noch helte mear op ús inkelde dichteressen wêze moatte, meije wy wiis wêze mei sok wurk, sels al soe it net de ynlieding wêze fan greater en riper, hwat nammers altyd ôfwachte wurde moat.
De bondel fan Tsjits Peanstra lit, mei't de fersen yn greate halen wol yn kronologyske oarder opnommen binne, by alle biheindens in ûntjowing sjen: hja is ûnderweis, it lênskip foroaret linkelytsen en tagelyk de biljochting.
Guon oaren - ik tink hjir bgl. oan it bondeltsje Untwyk fan Klaes Dykstra yn dizze selde rige, dat by alle forskeel yn toan dochs frijhwat mei dit Underweis oerienkomt - jowe ditselde soms dúdlik to sjen, dat folle nijs jowt it winliken net. Mar dêr is dit boekje net minder sympathyk om. Krekt om dy sympathikens is it in oanwinst. En it uterlik is navenant.
M.S.