Y. Poortinga:
De dichter foar 't bireinde rut
Hwat is typysk Frysk oan in strofe fan in gedicht, dat yn it Nederlênsk skreaun is; dêr't neat gjin Fryske konkreta yn neamd wurde en dy't in situaesje werjowt dy't yn elk lân mei in séklimaet tinkber is? Dr. O. Postma hat it (yn ‘De Tsjerne, Aug. nr. 1955, bis. 272) oer it Fryske yn 'e gedichten fan Jan Slauerhoff. ‘En hoe Frysk is ek, en hoe ynienen meinimmend, út ‘Zeemans Herfstlied':
Had ik nu een needrige hoeve En kinderen spelende buiten, Om aan de beregende ruiten Gedachtloos gelukkig te toeven.
Fansels is de situaesje net ûnfrysk, de bireinde ruten passe wol by ‘it âld skier lên’, mar it sil dochs foaral de hiele ynstelling fan 'e dichter en yn forbân dêrmei de toan fan it fers wêze, dy't Dr. Postma sa Frysk oandogge. Dy trije lange e-en jowe neat strieljends oan 'e strofe, hja suggerearje earder hwat in bleke dei. It is ek net de skildering fan in idylle, mar jowt utering oan de langst nei sa'n idylle. Tagelyk fiele wy, sels al soene wy neat fan 'e dichter ôfwitte, dat er it as ‘gedachtloze’ boer en heit noch folle minder hurde kinne soe as as swalker oer de wrâld.
Miskien is dizze polariteit Frysk, dy tusken Fernweh en Heimweh. It is wol faker opmurken, bygelyks by de Fryske emigraesje of as it oer Nyckle Haisma gyng.
Dat motyf fan it stoarjen troch de bireinde ruten jowt hwat ûnplastysk-plastysks oan it byld, it ropt in tige aparte stimming op; de situaesje dêr't Slauerhoff langst nei hat is idyllysk en mankelyk tagelyk. Dit bringt my in gedicht yn 't sin fan in Fryske dichter, dy't, lang forlyn, yn dy situaesje libbe, mar it d ê r net yn hurde koe. De boer-dichter, dy't yn syn jonge jierren, doe't it libben, mei in leave frou en in pracht fan in famke, yn 'e top stie, ek it aparte fan it stoarjen troch it bireinde rût ûnder wurden brocht: Jan Ritskes Kloosterman. Ik nim it fragmint út ‘Reast’ oer, ûntdien fan syn ûnmooglike stavering en ynterpunksje. It stiet op side 41 fan Frysce Wâldblomkes (Ljouwt 1883):