dat der op it Fryske toanielmêd wol hwat foroaret de lêste tiid. Mar it is fansels in nuodlik ding om mei alle foroaring bliid to wêzen en yn it foar al to tinken, dat elke foroaring in forbettering is. Dat it Fryske toaniel foroaret leit yn de reden; Fryslân sels foroaret ek. Nou't de boeresfear yn it deistige Fryske libben net mear dominearret, sil dat op it kiezen fan de stof troch de toanielskriuwers sûnder mis syn ûtwurking hawwe. En dat der yn in kofjedrinkerij net sa folle romantyk mear sit as tweintich, tritich jier forlyn is fan dy gefolgen, dat ek in toanielskriuwer, dy't mei de problemen fan dizze tiid wol yn goedens wol, ris nei hwat moderner sfear en romantyk ûtsjocht.
Sa lang as de foroaringen foar it greatste part it elemint fan oanpassing yn har hawwe, binne hja net fan bysûndere wearde. Boppedat, in Frysk toanielstik kin modern wêze en boppe it wenstige peil útkomme, ek al giet it oer boeren, dy't kofje by 't mingelen drinke.
It Fryske toanielseizoen hat in fiks tal premières brocht, to folle om hjir allegearre to neamen. Mar by twa stikken, hwerfan it iene gauris en it oare net folle spile is, wolle wy efkes stil stean: it earnstige stik Hert sûnder haven fan Karst Woudstra en it blijspul Spoekpastorij fan Rudmer Douma. Fan beide stikken hawwe de kritefoarsitters sûnder mis sein, dat hja ‘oars as oars’ binne. It stik fan Woudstra spilet buten Fryslân, hwat yn de Fryske toanielwrâld al in hiel ûndernimmen is. It spilet ek yn in hwat yntellektueel formidden; soks is ek al in bisûnderheit yn in Frysk toanielstik. It probleem, dat der yn steld wurdt is nei Fryske toanielbigripen ek apart: in skoalmaster syn frou sit yn in ynrjochting en hja is ûngenêslik. Der komt in jonge, sympathike hûshèldster yn har plak en de skoalmaster en dizze hushêldster fiele in greate tagedienens foar elkoar. In nijsgjirrich probleem dus, en yndied foar it Fryske toaniel ‘hwat oars as oars.’
Mar is nou de ûtwurking fan it probleem ek sa, dat wy hjir sprekke kinne fan in fornijing fan it Fryske toaniel? Né, spitigernôch net. Dit probleem hie ûtwurke wurde kinnen yn in sober stik yn trije bidriuwen. Dat de skriuwer fjouwer bidriuwen nedich hie, wiist der al op, dat er der noch al hwat by oanhelle hat. Hy makket de situaesje gearstalder trochdat de hûshaldster earder forkearing hawn hat; it is troch in misforstên ûtskuord. En tafallich komt de man, dêr't hja fan hâlden hat, troch in ynkertiering by de skoalmaster en de hûshaldster yn 'e hûs. Gêns mooglikheden om it earst stelde probleem sa suver mooglik út to wurkjen wurde dêr lytser troch. En yn it lêst giet it mear oer de problemen fan de hûshâldster en har eardere forkearing as oer de skoalmaster. It stik krijt dêrtroch hwat twaslachtichs; it is net oertsjûgjend en binammen it lêste bidriuw, dat oars neat is as in lang petear tusken de hûshâldster en har eardere feint, foldocht min. Der is gjin inkelde kêns op dramatyske spanning oerbleaun.
It mei dan sa wêze, dat dit stik yn in oar formidden spilet en in oar probleem stelt as op it Fryske toaniel wenst is, de ûtwurking is foar in great part basearre op it fatale misforstên èn it tafal, dy't beide tradisioneel binne. It forskynsel, dat op 'e Fryske planken al jierren geande is: it oproppen fan grouwélige problemen en it ûtwurkjen der mar by to litten, bisoarget har, dy't wierliken ris ‘hwat oars as oars’ forwachtsje, in toloarstelling.