kaenske tydskrift Life hat koartby oer dizze saken ien en oar iepenbier makke, dat de Jeremia's ûnder ús faeks ta treast wêze kin. En guon Hollânske kunstbruorren, dy't op it Ingelsk oergien binne, faeks ta warskóging dat it ek yn de States mei syn ûnbidich taelgebiet net in spultsje is fan ‘seid umschlungen Millionen’.
Der wurdt yn de Foriene Steaten hwat langer hwat mear poëzij skreaun, mar hwat langer hwat minder poëzij lézen. In teken oan de muorre is wol it lot fan it poëzijtydskrift Poetry. Dizze periodyk is ûnder de 38 litteraire blêdden, dy't hjoed-de-dei yn de States bisteane (of leaver earnstich bisykje to bistean) wol ien mei it langste libben. It blêd is oprjochte yn 1912 to Chicago troch de ûnderwizeres Harriet Monroe en bifettet allinne poëzij. It hat sels in jierproduksje oan fersen fan 50.000(1). Forneamde Amerikaenske dichters as T.S. Eliot en Ezra Pound hawwe yn Poetry debutearre en ek ingelsktalige poëten bûten Amearika as William Butler Yeats en Rupert Brooke hawwe der eartiids fan har wurk yn hawn. Dit poëzijtydskrift nou telt syn abonné's net by tsientûzenen, mar mei inkelde hûnderttallen hat men de hals al. It hong in skoft lyn finênsieel dan ek oan in rottich toutsje. In letterleavjend yndustrieel út Chicago is doe lykwols op 'e bres sprongen. Hy hat in aksje op tou set, hwerby't seldsume litteraire wurken by opbod forkocht binne. Fan de opbringst, 30.000 dollars, kin Poetry nou wer efkes foarût. Om net wer yn 'e niten to reitsjen is nou yn Chicago ynsteld in ‘Poetry Day’ mei forlottings, prizen en kunstsinnige dames.
By de measte Amerikaenske litteraire tydskriften wurde poëzijbydragen net of amper leanne. In foaroansteand blêd as The New Yorker lit de greatte fan it honorarium sels ôfhingje fan it feit, ynhoefier't de dichter al bikendheit hat. Guon blêdden lyk as Harper's Magazine bitelje twa dollars de rigel (in sonnet bringt dus 28 dollars yn 't laedtsje), oaren honorearje dichtwurk mei ien of in heale dollar de rigel en it wyblêd The Saturday Review bitellet per fers tsien dollars. Ek binne der dy't de dichters by de strofe leanje.
As de Amerikaenske dichter bondelet, giet it him al net folle better ôf. Fan de 300 dichtbondels dy't jierliks yn de U.S.A. forskine, helje fierwei de measten gjin greater debyt as 500. In foaroansteand dichter as W.H. Auden mei dan ris in oplage helje fan 4000 mei in bondel fan sines, hy is en bliuwt in hege ûtsûndering. Gjin niget dat dizze dichter doe't er in wykmannich lyn foar syn bondel The Shield oi Achilles yn New York in litteraire priis yn ûntfangst naem, syn gehoar fan boekeminsken sá taspriek: ‘Goede dwaze ûtjowers, bêste wrâldfrjemde boekforkeapers, hwat, yn 'e namme fan it profyt, doch ik hjir? Jimme kinne oan my net ienris genôch fortsjinje om in ûnhandige typiste fan to leanjen.... Foar Jimme takenning myn tank, foar de dollars dy't ik Jimme nea oanbringe sil, myn ûntskuldiging.’
Sa leit it lân Poetica der dus yn Amearika hinne. Alderminst in lân fan molke en huning. Sit dêr in treast yn foar de Fryske dichter? Och, jild of gjin jild, dy sil de dwaesheit fan syn Muze altyd weroan méêr achtsje as de wiisheit fan de goede fortsjinners of it bigreatlik glimke fan de maetskiplike arrivé. Hy sil trochgean mei syn ambacht en bisykje wetter to slaen út de stienrots fan syn memmetael.
D.A.T.