| |
| |
| |
Tonia Vondeling:
Klaproas en flinter
‘Sjoch ris, hoe eigenwiis dy klaproas dêr stiet!’
Fé! - skeat it troch him hinne. Hwat stie hja dêr parmantich, it hie suver fan in ûtdaging! Mar likegoed joech it allegearre meiinoar ek wer in yndruk fan de greatste iensumheit.
Tusken de tegels fan it perron hearre nou ienkear gjin blommen to stean. Der kin op syn heechst hwat gers groeije, hwannear't de sjef net al to krekt sjocht, mar in reade klaproas, dat kin gjin kant út.
Hy hearde wer har laitsjen, fielde yn in wjerljochtsjen fan forstånhålding hoe't hja nei him seach.
‘Dit hiest net tocht, nou?’ knikte de blom nei it koepérûtsje.
Dêr kroep dy illindige mankelikens wer op him ta. Hy hie it doe ek mar net fan him ôf sette kind, dat Fé har eagen hwat fan him frege hiene. Datselde fielen kaem him nou wer oan.
Mar hwat dan? Der hie winliken doch tofolle dimmene spotskens yn har eagen west, om dy útdaging al to earnstich to nimmen. Of hie hy miskien dochs....
‘Hwat is der oan?’ stie de frou oan.
‘Neat, ju.’
Nuver, dat tobektinken altyd wol earne seardocht. Der wurdt sein, dat it gjin doel hat, spyt to hawwen. Men kin it doch net oerdwaen. Sok tobektinken is net earlik. It nimt jin altyd slim ûnforhoeds yn 'e bisnijing, en dan hinget it mear fan it tafal as fan jinsels ôf, oft men dy spyt, dy wenstigens treast wêze sil of net.
Dora seach him earnstich oan. Hja koe dy riten fan ôfwêzichheit wol, dy't soms ynienen oer him kamen. De ûnderfining hie har wol leard, nea to freegjen nei de oarsaek, de oanlieding. Dy blom soe it him wol dien hawwe. Mar it sa gewoane: hwer tinkst oan? soe allinnich mar ûtwurke hawwe, dat er him noch mear yn himsels weromloek. It soe wol oerbetterje. Hja soe mar krekt dwaen as murk hja it net. It wie de earste dei fan 'e fakânsje en hja moast it nou net bidjerre foar de bern.
Hwannear t dat dreamerige oer him kaem, dan broeide der altyd hwat. By it wurk hie er it ek. Hwerom soe hja har ûngerêst tinke, Nou't hja mei fakânsje wiene? Inkeld om't hja der gjin nocht oan hie dat er nou sa'n dreamerige rite hie,
| |
| |
en helte leaver seach dat syn omtinken foar har en foar de bern wêze soe?
‘O, sitst wer to dreamen?’ die hja manhaftich. ‘Nou, sukses der mei’ - en hja wiuwde him út har hoekje by 't finster wei in ‘oant strak dan!’ ta.
Krekt as thús, hwannear't er bygelyks ûnder it miel in ôfwêzige rite hie. Sa bisocht hja him hwat moed ta to krijen. Hja wist, dat er swiersettich wie en faken tsjin swierrichheden oanseach.
‘Hwat hawwe jo in aerdige reade rok oan!’ Sa wie it bigoun. It wie faeks net earlik, sa oan dy oare to tinken, nou. Mar Dora hie it sels by him oproppen, troch him dy nuvere klaproas oan to wizen.
Fé, as wy nou togearre ris.... It sloech waerm troch him hinne. Wer seach er har forûntweardiging om dat sizzen.
‘Jawis, hy is tige gaedlik foar kleurefotografen’, hie hja andere. ‘Ik doch him altyd oan mei ekskursjes. Dat read jowt sa'n stik djipte oan it byld, nou?’
Hy hie net rjocht witten hwat er oan har hie. Hja wie yndie op it goede fotogenike momint op him ta komd. Hja hie neat sein, him inkeld mar groete mei de eagen. Hy hie it net alhiel fette. Hie hja it op sa'n manear mei him goedmeitsje wollen?
It die der ek alles net ta, hwant op it lêst wie hja doch op syn bisykjen ta kontakt yngien. Wie him sels yn 'e mjitte komd as er in rite fan ynkear hie.
Hja hiene it togearre tige aerdich hawn. Der hie net sa hiele folle ta nedich west om har opbloeije to litten. Hja lake en striele gau en maklik. Hie dy sentimintele pea op 'e hân oan 'e ein fan 'e reis dochs in domme set fan him west? Yn elts gefal wie der by him wol in angeltsje fan sitten bleaun. doe't er letter mei it fototastel troch de Keukenhof omswalke, hie hy it net litte kind en stjûr har in kaert.
‘Dora.’
‘Ja?’ In glimk fan bifrijing brekt troch op it antlit fan de frou foar him oer. Né, it wie net de glimk fan Fé....
‘Dy klaproas makke my tryst’, sei er. ‘Dy stie dêr sa bigreatlik allinnich. Krekt as in griene beam yn in ôfbaernde stêd.’
‘Dêr moatstou net oan tinke’, sei hja. ‘Sjochste nou wol, dat wy folie better net oer Rotterdam reizgje kinnen hiene? Wy hiene mar oer Utert gean moatten. It is altyd malheur, astou troch Rotterdam komste.’
Hja sette har nêst him en tearde de kaert ût. De bern bûgden har ek foaroer. Mei dizze rounte sleaten hja it tobek- | |
| |
tinken bûten. Lykwols fielde er it jitte efter him. Hy hope mar, dat Dora it net merkbite soe. It hie in tûke set fan him west, hwat fan Rotterdam to sizzen. Hy hie der arbeide yn de maeijedagen fan doe, en hie de brân nea net forjitte kind.
It wie fan 't jier foar it earst, dat hja ris net nei it eilân ta giene. Hy koe net sizze, dat de sé him forfeelde; mar it strån: dei út en dei yn mei de bern nei it strân ta, dat hie faken in suver ûndraechlike straf foar him west.
Hoe hie Dora dat forneare kinnen! Of hie hja der wier sels nocht oan hawn? Foar him hie it likegoed in bisiking west, doe't de bern noch to lyts wiene om allinnich oer it eilån swalkje to kinnen, en hy doch loijael wêze woe en Dora der net tofolle allinne foar opstrûpe litte. Strån op himsels is dea. It rûkt nei de dea. It tsjûget fan de dea, mei dy skulpen, dy oanspielde wieren en al dat oare tryste séguod. Mar om tagelyk de freondinne ierde fiele en rûke to kinnen en de fijân sé yn 'e fierte grommeljen to hearen, dat hie in bikoaring fan dy griene Skilinger dunen foar him west, dy't him alle simmers op 'en nij de forfeling, dy't him wachte, oersljochtsje liet.
Ta jown, hy hie der al gauris in forkeard sin hawn, hwannear't it waer altyd mar moai bleau en de deistige tocht nei it strân net to ûntgean wie; - mar der hie altyd wol earne in plakje west dêr't men de woede en de mankelikens yn de hud fan mem ierde forbite koe. Né, it iene mei it oare hiene it doch goede fakânsjes west, en de jonges hiene der it rinnen leard. Fan west nei east hiene hja oer it hiele eilân hinne swalke, hja libben winterdei mei as it ôfslaen fan 'e dunen wer drige, hja seagen simmerdei alhiel forslein dat it strânsilhouet alwer foroare wie.
Mar Nou't ek de jongste feint wurden wie, en de tiid al tichterby kaem, dat it de âldste net mear foldwaen soe en gean mei heit en mem, woe er noch ien kear mei de hiele húishâlding op 'en paed, om harren dan oer to jaen oan kampen en oan swalkerstochten by de jeugdherbergen lâns.
Hoe't it dan moatte soe, as Dora en hy togearre.... har fakânsjeforlet wie sa forskillend. Alhoewol, hja koe knappe einen rinne, al geniete hja der minder fan as hy. Op it eilân hie hja altyd meidien, mar wie dan gauris yn in dúnpanne efterbleaun, as hy mei de jonges gie to sykjen nei jonge fûgels, of in nést, of bisûndere skulpen of einlings ris in geef séhert, dat dan ta har djippe toloarstelling doch wer net geef thúskaem.
| |
| |
‘Hat heit wol ris yn de Ardennen west?’
Der sweefden him guon nammen troch de holle. Hy seach de weagjende griene bergen en de neare dellings fan de streamkes wer foar him, mar wist net, hokker plaknammen hy oan 'e herinnerings mear jaen moast.
Hy lake mar hwat ûnnoazel, en mei in ik-wit-der-neat-mear-fan koe er foar de yllustrative forhalen by de kaert weikomme. Hja soene him doch mar op ûnkrektheden yn 'e ierdrykskunde attrappearre hawwe. Hja moasten har mar rédde mei de printsjes fan 'e prospektussen en mei mem. In lênskip sa to biskriuwen dat men it foar jin seach, wie oars ek mar foar in inkeldenien weilein.
‘Hja hiene der sokke lekkere rauwe ham’, suchte er. Mar hy fornaem wol, dat it har dêr net om to rêdden west hie.
De bern giene yn 'e gong stean to sjen. Dora die de eagen efkes ta. Hja hie gjin forlet fan praten, seach er wol. En dus wie it Fé har kans. Hast taestber stie hja foar him.
Fé....
Hy wie in ûntankbere houn. It wie ek net wier nammers, dat er net mear halde soe fan eigen wiif. Mar yn 'e fakênsje kaem der altyd sokssahwat fan ûnrêst en ûnfoldienens oer him. Dan woe hy wol ris hwat oars. Fé seach him troch it lânskip hinne glimkjend oan. Hy koe har antlit nou net kwyt wurde. Thús wie hja der ek wol ris. Mar dan wie dêr ek syn wurk en de deistige dingen. Mar nou hie er oars net to dwaen. Hja spylje altiten hwat in falsk spul mei jin. hwannear't er net sa wurch west hie doe't er nei dat kongres ta sette, of as Dora net thúsbliuwe moatten hie om't de bern krekt foar it rapport sitten hiene, dan hie hy grif sa gefoelich net west foar Fé har eagen. Dora koe ek net mei Fé forlike wurde. Mar hy siet hjir dan doch mar mei syn geheime winsken, dat der ris foar ien kear leaverkoekjes bakt wurde koene....
‘Is der noch kofje, Dora?’
‘Op. Mar wy binne der hast, wier?’
‘Dan traktearje ik op in café-filtre en in taksy, hwant de bus sil wol net oanslute.’
Hja moast glimkje om syn easken fan noflik reizgjen.
‘Hwerom soene de bussen hjir net sa goed op 'e tiid ride as by uzes? Mar in café-filtre is my wol in taksy wurdich hear, sa net!’
Hy fronsele de eachsbrauwen. Hy moast der mei ophêlde,
| |
| |
en net mear oan Fé tinke. Op sa'n manear soe hy de fakênsje foar de oaren bidjerre.
Dora seach him fornuvere oan.
‘It foei my ôf, tink, datstou it mei my iens wiest yn myn jildforgriemen’, sei er mar gau om syn swartsjen to ûntskuldigjen.
It wie alles meiinoar in tige slagge fakênsje. Der waerden seis ûtsjes hâlden yn 'e mande mei de oare gasten. Dora en de bern genoaten. En foar him wie Fé aldergeloks net to lestich, al roun hja bytiden ek gefaerlike ticht neist him, hwannear't it fototastel him baernde oan 'e heupe.
‘Fotoslaef!’ hearde er har dan spotsk sizzen. Mar foar it oare hâldde hja har knap.
Oant er op in dei ynienen skjin syn nocht hie fan it smûke hoteltsje yn de Ardennen: de aerdige professor mei syn charmante, echt ‘franske’ oare helt, it dimmene troud pear mei dy aerdige bern, dêr't harres freonskip mei sletten hiene - sa goed foar har talen! - hy koe har foar syn eagen net mear sjen. hoe't Dora it yn 'e kop krige hie en help mei it buske fol to krijen, dêr't hja mei nei Remouchamps soene, hy koe der net by. It wie doch folie geselliger en gean allinnich mei de eigen hûshêlding....
Hja hie wol fornommen, dat it Gerard net nei 't sin wie. Mar oan 'e oare kant, de bern hiene sa fol fjûr west. Snoad, dat hja ek Nou't hja sa âld al wiene noch sa maklik freonskip slute koene. Hja hie tocht, dat it nei de skoallejierren sa glêd net mear fan 'e trie rinne soe. Hja wiene al sa tige ûnderweis nei de folwoeksenens, it al to spontane wie der al ôf. Mar it wie har wol nei 't sin op dizze wize. Gerard woe jin altyd sokke einen rinne litte, en Nou't hja der doch sa ticht by wiene, hwerom soene hja dan de kêns net waernimme en bisjoch de dripstiengrotten? Fansels, it soe der wol bêst drok wêze en slim fol. Mar hja wiene likegoed prachtich, dêr diene al dy minsken neat oan ta of ôf.
‘Lit de bern har truijen net forjitte’, snuorre Gerard. Hja knikte hearrich en helle se op. It wie ek sa, hja glimke doe't it har yn 't sin kaem, hoe't hja doedestiids bibbere hie yn 'e tinne simmerjûpe, by dy ûnderierdske boatreis.
‘Dat hiene de bern doch seis wol dwaen kind’, sei er formoedsoenend, doe't hja yn it buske njonken him delfoel. Hy hie plak foar har iepenhêlden. It wie klear en dúdlik, dat er hjir of dêr oer stinde. Mar hja doarst net freegje hwat him
| |
| |
nou krekt dwerssiet. It wie miskien inkeld mar it hotel. Hy hie nou ienkear forlet fan hwat ienlikheit, út en troch, efkes alhiel allinne wêze kinne. En dat wie der fan 't jier net by.
Op it eilên gie hy der bytiden allinnich op út. Dêr kaem er sa fan op e hael, sei er. Mar hjir bistie dat eins net. It wie hjir allegearre nij foar allegearre. De bern stiene der altyd op om mei. It hie nóû moai kinnen.
‘Hwerom biste net rêstich thúsbleaun, om ris frij man to wêzen en los fan dizze keppel? Hiest doch bêst in ekskûs bitinke kind’, lûstere hja.
Hy lake troch syn lúnskens hinne.
‘Pop’, sei er, ‘ik bin hjir sa thûs net as op it eilên. En it biset my ek tofolle yn dy bosken. Men kin net ris rom sykhelje. It is faeks wol in goed ding, sa'n autotochtsje, dan sjocht men noch ris hwat oars.’
Alhoewol't hja de grotten earder al ris sjoen hiene, naem it har doch wer yn 'e bisnijing. Hja hiene it troffen mei de keppel. De lju wiene net sa ropperich. Allinnich it ienlûdige sjongen fan de gids liet de forwulven út en troch wjergalmje. De oaren praetten mei sêft lûd en mar inkeldris forrette in ‘tink der om!’ of ‘oh!’ op efkes heger toan, dat it paed wol slim glysterich wie.
Gerard en hja wiene de lésten fan 'e rige. Foar harren rounen de bern, dy't by in folle dreger eintsje binaud nei har omseagen. It die har wol efkes oan, mar hja fielde har likegoed hwat rekke. Wie hja by harren dan sa ûnredsum?
Ynienen - hja giene in smel trepke del nei dêr't de boatsjes leine - saech hja hoe't Gerard hastich foardelbûgde en Bert beetkrige. De jonge wie, wylst er omseach, ûtgliden en ûnder it keatling troch sketten, dat it fuotpaed fan pealtsje ta pealtsje bibeakenje moast. Dêrefter roun it steil nei ûnderen ta. Hja moast der net oan tinke, hwat der bard wêze soe as er him net letterlik yn 'e krage grypt hie en op sa'n wize kâns sjoen hie him wer omheech to skuorren.
It barde allegearre sa rimpen en hastich, dat hja inoar allinne mar efkes yn swijen oansjoen hiene, en doe wer gewoan nei ûnderen ta trochroun, efter de oaren oan. Gerard hie har doe fierder in earm jown. Inkeld de gids efter harren, dy't de knopkes fan it ljocht bitsjinje moast, hie der hwat fan bispeurd, fan de oaren net ien. doe't hja by de boatsjes oankomd wiene en hy harren holp to ynstappen, hie hy har in komplimint makke oer har man.
‘Ik wist net dat ik sa sterk wie. Dy knaep is greater as my’,
| |
| |
hie Gerard sein. Mar fierder hiene hja yn it boatsje sitten sûnder hwat to sizzen, de hannen yninoar. De bern, dy't dat wol seagen, hiene der net ienris de gek mei hawn. Hja hiene der allegearre stil fan west.
‘Sa, dat wie dat dan, Dora’, sei er, doe't hja knypeagjend tsjin de fûle sinne ta de grot útkamen.
Hy wie noch wyt om 'e noas, doe't er har ta it boatsje út holp.
‘Hwat in eangst hastou útstean moatten’, sei hja. ‘Ik seach it net barren, ik hie it tofolle mei mysels to krijen, tink’, glimke hja.
Hy seach har ien momint fol oan. En mei in skok koe er har wer. Yn har eagen wie noch datselde sjen, en om har mule biweegden noch dyselde trekken fan doe't er der oer roun hie to dreamen, oft dit har nou wie.
Ja, hja hie it west, en - hja wie it noch....
Unwillekeurich makke er in biweech mei de hân as jage er eat fuort.
Freegjend seach hja him oan.
‘It is mar in flinterke by dyn gesicht’, sei er, ‘mar dat is fansels oerdreaun fan my, hwant dy bite net, wier?’
Hy lake as in jongkeardel en helle djip de krûdige boskroken yn, hwant it wie him ynienen alhiel klear en dúdlik wurden, hoefolle hja en de bern foar him bitsjutten.
|
|