De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 113] [p. 113] [Nummer 3] A. Jousma De reed Fan de bolderjende fierten lan it Waed en de swarte rânne fan de diken, dy't nei skimerige kimen wike, komt de wei, dy't nei de stêdden en it libben laet. dêr't er op in trijehoek him splist - d'iene kant út giet men nei it westen, nei it súd ride auto's sûnder rêsten - stiet it hûs, dêr't ik my ienris feilich burgen wist. Stiet it hûs, dêr't jierren efterien langjend útsjoen waerd yn from birêsten, oant in wurrich hert to langelêste 't klopjen stadich oerjoech: 't ierdske leed wie einlings dien! Trije wegen: ien giet nei de sé, twa liede út it Fryske lân iandinne nei it greate libben. Trije rinne lokjend toar de linsters lâns op dit bitroude sté. En dan leit der nést it hûs de reed. Smel en heal bigroeid, mei oan syn rânnen reid'ge sleatten, glydt er troch de lânnen, hat fan wyn, fan reiden en fan ripe fruchten weet. As de dreamen, mylde minsketreast, jin wer om nei 't alde hússté lûke oan de trije wegen op 'e hoeke, hwerom lokket dan dy stille reed it aldermeast? [pagina 114] [p. 114] Syn byld Hoe âlder oan jierren ik wurd, hoe minder ik it iorstean, dat ik, in stik ierde, - mar hwat kleuriger en hwat minder rûch as in modderreed oi in ikker Fryske klaei - my biweech en sjoch en hear en sels praet - en soms mien, dat ik tinke kin en sjonge. It is dochs in Godswûnder en neat minder! Yn ús wurdt de stof ta libben en komt derta, himsels waer to nimmen. Mar hy wit net mear, hwát er waernimt, hwant hy ken himsels net mear: berne yn in oare wrâld en iepenbier wurden yn dizze. Dêroer to dreamen is dochs eins it iene, dat wearde hat. Sprekt net it âlde wurd: Sykje it Keninkryk earst en al it oare silste line? Lit los, hwatstû dy wounste en dû silste krije, hwerst brek oan haste? Mar dizze stotfoarm loslitte is sa almeugende swier, hwant yn dy ioarm en kleur spegelet dochs ek Syn Byld? Ik sjoch de auto's en de fleanmasinen, ik hear de raketten en de strieljagers gean, ik lês fan atoomspjalting en fan kearnfysika, fan moderne psychology mei syn kompleksen, lan fredesaksje en oarlochsdriging, fan kankerbistriding en ilinde fan de D.P.’!s.... Tinke jimme dan net om dat riedling, it iennichste, dat ús opjown waerd: Hoe't wy, stik ierde, binne, sa't wy binne? [pagina 115] [p. 115] It is ûnoplosber? Goed, mar salang it net loun is, is alles ûnoplosber! Hy sil ús fêstrinne litte op ús dwaelwei, lyk yndertiid by Babels toer de spraken fortiisd waerden, oant wy allinne dát iene sykje: Syn By ld yn ús. Lit it liet.... Lit it liet my net ûntstjerre, Hear! Lit my net allinne yn it swijen, dêr't Dyn heimenis is jimmer my in hymjen nei it lân, dat ik forlear. 't Lân, dat ik forlear en inkeld fyn yn de koarte flitsen fan bitinken. Al to seldsum sjoch 'k dy wjerljocht blinker en ik stoarje yn langst myn eagen blyn. 'k Stoarje yn langst en sykje 't wurd werom, dat de ban tobrekke sil en liede my nei 't lân opnij, dat ienris wie de paradystún fan Dyn hillichdom. Paradystún...., dêryn skoepstû my! Jow my 't wurd om 't paed werom to finen. Lit my 't liet om as in stjer to skinen oer de iensme wei ta Dy. Vorige Volgende