De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Alf Larsen: Dizze reade klippen Dizze reade klippen ha 'k grif sjoen foartiids. Hjir rint in âld mearman op 't sté, hinget weagen to druijen ré, hy is allinnich, hwa sil foar him waskje? Ald mearman, dou moatst, haw ik soarch, ynhelje de wask, hy wurdt smoarch. Der is bloed oan 'e klippe, de ierde bliedt. Vorige Volgende