Øistein Parmann:
Byldzjende kunst yn Noarwegen.
De kunstskiednis wit eins net fan skerpe ûnderskiedingen, allinne fan oergongen, dy't yn it forline taret binne, en yn de takomst trochwurkje. De kunst ûntjowt har en wurdt skiednis, sa likernôch lykas Goethe de metamorfose fan planten biskriuwt, troch ôfwikseljend ynkrimpen en útsetten: de blom krimpt yn ta syn fuortplantingsorganen en set wer út yn de frucht, dy't dan wer gearlûkt yn it sie. Dat proses fynt men werom yn de ûntjowing fan in kunstner, en men fynt dy ek yn de wikseling fan de ûnderskate perioaden. Men mei net in al mar trochgeande bloei forwachtsje en men heart hielendal net to kleijen oer tiden fan stilstân en forfal. As wy net wisten dat it sawnjierrige bern nije en sterker tosken kriget, nei't it de earste kwyt rekke is, soene wy it wikseljen fan de tosken sjen as in ûnmiskenber teken fan forfal.
De Noarske skilderkunst fan ús ieu waerd, soe men úthâlde kinne, berne yn 1886 doe't Edvard Munch syn Syk pike (Siik famke), it masterwurk fan syn jonkheit, sjen liet op de hjerstútstalling yn Oslo. Gâns minsken waerden pur om dat skilderij, dat wy op 't heden halde foar ien fan de moaiste, ynlikste en oangripendste yn ús skilderkunst, mar party oaren wiene doe al optein. Net ien bleau der ûnforskillich by en alleman bigriep - elts op syn wize en mear of minder biwust - dat dit skilderij op in ¼nforklearbere wize de skied oanjoech tusken hwat wie en hwat komme soe.
Mar Edvard Munchs nei-foaren-kommen moat sjoen wurde tsjin de eftergroun fan de greate en bifrijende ynset fan it naturalisme, mei figueren as Christian Krohg, Erik Weren-skiold, Eilif Peterssen, Gerhard Munthe, Harriet Backer, Hans Heyerdahl en Fritz Thaulow, dy't allegearre oant fier yn ús ieu ynfloed hawn hawwe.
De folg jende dúdlike ‘sprong’ yn de ûntjowing wurdt gauris steld op 1914, krekter sein op de jubileumútstalling, doe't de jonge learlingen fan Matisse oerwinnend nei foaren brûsden - dat wiene nammen as Jean Heiberg, Henrik Sørensen, Axel Revold, Per Krohg en Per Deberitz.
Mar de greate figuer yn dy ieu wie altiten Edvard Munch. Hy foarme net in skoalle, hie gjin learlingen, mar gjin Noarsk kunstner koe him üntwine oan de ynfloed fan dit skildersgeny, dat op syn wize bydroech ta de moderne Europeeske