De mystyk lit him lykwols net forkringe. Hja leit djip yn ús as de dize yn de dellingen. Yn it underbiwuste gripe dy ûnderskate tiidrekken likernôch yn elkoar as de ritmen fan de polyfoane muzyk; en by de measten fan üs, yn elk gefal by it boerefolk, lizze hja earne yn de siele ly kas boskgroun yn 'e skirner leit.
Dit natûrfielen jowt kleur oan ús ynstinkten en set faken in stimpel op ús dwaen. It ûnderbiwuste hat syn eigen wråld en syn eigen plastysk romtegefoel.
Fan it skip ôf kin men by in kleare loft soms sjen, hoe't it gea him yn it wetter fan fjord of mar spegelet mei allerdjipst de hichten en rotspunten. Sa'n spegelbyld wol ik jaen fan de folkssiele, in tsjoenbyld fan it uterlike libben yn de dellingen, dat ik bisykje net bûten to tearen - fol mei blommen, struwellen, beammen en boppe oer alles hinne rotsen en himel. Mids it wrimeljen fan njirreguod, fé en fûgelt de minsken mei har heechtiden, strideraesjes, famyljegreatskens en hwat har fierder biwege mei. Ik sykje altyd mear it typyske as it yndividuéle yn de folkssiele. Ik lit de lju yn reliëf stean tsjin de berchmuorre op deselde wize as de stiennen tsjin de rotsfoet, struwellen en beesten. De natûr foarmet it libben om har hinne. It greatste part fan Noarwegen lei lang ôfsletten fan de wrâld, hwat laette ta in yntrovert fegetearjen. It lânskip wikselet fan steile berchkanten ta bloeijende fjilden en pronket leaflik mei in Japanske rykdom fan detail. Mar sé en rotsen hawwe altyd de oerhån. Yn ús karakter en gefoelslibben lizze gâns tsjinstellingen. As wy de rédde wiksei yn tinken en wollen, wyldens en geweit efter de batske ynbannigens forklearje wolle, moatte wy fier tobektaeste yn de tiid.
Yn it stiennen tiidrek, doe't wy wapens en izeren pjokken smeiden, dage ús greate tiid. As de Wytsingetiid foarby is en ús uterlike macht sinkt, slacht de aktiviteit nei binnen ta en forheft har yn tsjustere greatskens tsjin dinnebosk en rots, skept sêge en helteliet, weelderige ornamintyk en barnend piëtisme.
Tûzenen lytse en greate krêftboarnen streame gear yn de folkssiele. Ut dizenige, ethearyske mythestoffe en ålde sibbetradysje, út natûrforbounens yn it libbensfielen en út dramatyske spanning yn langst en wollen - smei ik dit folksepos oaninoar.
Hwat de komposysje oanbilanget wurkje ik mei greate flakken. Ik lit epyske hanneling of lyryske ynboune hertstocht