De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 53] [p. 53] Ragnvald Skrede: De foks (Reven) In slach. En de loks siet fêst yn 'e strûp. In bist yn need bidt net ta God? Net ta God, né. Mar de fûlste skreau fan tûkens en wollen en senuws en spieren is in bea. Mar tele waerd er earst lang. Doe sloech er in fjûr-ring om de rest fan syn libben, sleat de tosken, biet him de poat öi. Suntiiid wied er mear konsintrearre foks as oare foksen. Wyld en wreed wie syn libben yn 'e fjûr-ring, sober syn jacht, krap syn nije jachtdei. Mar út syn ynderlikst fokse-aerd woeks him in tochte kloer, en de wize sa't er foarútskaeide, oant er einlings fuortkroep yn 't berchpún, foargoed, wie fan him en fan net ien oars. Vorige Volgende