| |
| |
| |
Carl-Fredrik Engelstad:
It Noarske toaniel.
It Noarske toaniel is oer alle boegen in bern fan de 19de ieu, - in ieu fan striid mei nije nasionale, sosiale en etyske idéën, in ieu, dêr't forheven, idéalistyske fisioenen yn bloeije njonken in dogmatisme fan it ûnforbidlikste soarte, in ieu, dy't hertstochtlik foreale is op it debat.
Fjouwerhûndert jier lang hie Noarwegen foriene west mei Denemarken, earst as lykbirjochtige dielgenoat, doe as netsouverein gebiet en op 't lêst as provinsje. Kopenhagen wie de haedstêd, alle ynstellingen fan kultuer wiene dêr konsintrearre, en dêr streamde de yntellektuele jongerein fan it lân hinne om kennisse en biskaving op to dwaen, forskaten fan de bêsten bleauwen dêr har hiele libben. Noarwegen wie it lân mei dy ‘forskriklike rotsen’, in ballingsoarde.
Oan de ein fan de 18de ieu bigoun it Noarske selsstannichheitsstribjen fêster foarm to krijen, it nasionale selsfielen bigoun wekker to wurden út de slom. Hja rôpen om selsstannige Noarske ynstellingen, - in universiteit, in nasionale bank, en alderhande oare saken. Wylst de Frânske revolúsje in raem die op de monarchy, bigoun de nasionale romantyk syn segetocht. Foar in dramatikus as Ludvig Holberg (1684-1754) hiene de uny noch de monarchy diskutabel west. Hy wie berne yn Bergen, mar nei syn 21ste jier hat er nea wer yn syn bertelân west; hy forgeat Noarwegen net, mar hy hie gjin omtinken foar de fornederjende posysje fan syn heitelân, hy ergere dy winliken net. Syn komeedzjes bifetsje de geastige krityk fan de man fan de Forljochting op algemienminsklike lekken en brekken; nasionale of politike satire is der net yn to finen. Mar de folgjende generaesje al fan dichts jende Noaren yn Denemarken liet him ynspirearje fan de toanen út it bertelân, en skreau toaniel dat mei syn ûnderwerpen út in forgiene Noarske gloarjetiid en mei syn sterk nasionael frijheitspathos gâns ynhâldde, dat de autoriteiten ûngerêst meitsje koe. Hja diene der harres ta om de groun klear to meitsjen foar it nasionale bifrijingswurk, dat útroun op in selsstannige Noarske grounwet yn 1814, doe't de uny opheven waerd ûnder de druk fan it politike wrâldbarren nei de napoleontyske oarloggen. Doe waerd Christiania dan de haedstêd fan it selsstannige Noarwegen - de stêd dy't goed hûndert jier letter syn âlde namme Oslo werkrigen hat.
| |
| |
Mar de Noaren soene al gau fornimme dat it weromkrijen fan jins nasionale selsstannigens noch lang net gelyk stiet mei it skeppen fan in ûnôfhanklik kultureel libben. De kulturele bining mei Denemarken siet djip, de gelikensens fan tael en uteringsfoarm wie great, de ôfhanklikens fan de Deenske skeppende kulturele krêften wie it like great, - dat fornamen hja earst goed doe't hja op eigen krêft farre soene. Kopenhagen, de âlde haedstêd, hie in bloeijend toaniellibben, dêr't ek Noarske toanielspilers in opmerklik oandiel yn hawn hiene. Earst yn 1827 waerd der bisocht in selsstannich Noarsk theater to stifts jen, - mear as hûndert jier, nei't Kopenhagen útein set wie mei syn histoaryske bydrage oan it Europeeske toaniel. Nou soe Noarwegen sjen litte, dat it mooglik wie in nasionael toaniel to stiftsjen, mei Noarske toanielspilers en Noarske stikken. Nei in pear jier wie it lot fan dat idéalistyske ynitiatyf bisegele en moasten hja bilies jaen, de groun wie net genôch taret. Tuskenbeidene Deenske toanielspilers waerden yn it lân helle om de faillite boel oer to nimmen, Noarsk talint ûntbriek, lykas ek Noarske ûnderfining. Sa'n fyftich jier lang hawwe de Denen har stimpel op it earste offisiéle Noarske theater set, dat yn 1837 stifte waerd ûnder de namme ‘Christiania Theater’ en dat bistean bleau oant 1899, doe't ‘Nationaltheatret’ de rol as Noarwegens lânstheater oernaem, in plak, dat it noch altyd hat. It wie doe lang om let suvere fan de lêste Deenske eleminten.
It earste bisykjen om in selsstannich Noarsk theater to stiftsjen mocht dan mislearre wêze, it hie dochs in snare oanroerd, hwaens lûd sûnt net wer forklonken is. De earste Noarske ‘toanielslach’: in geweldige fjochtpartij en in skel fluitkonsert, waerd ûtfochten yn 1838, doe't de tsjinstelling tusken Deensk-Noarske en eigen-Noarske kultueropfetting ta utering kaem by de opfiering fan in nij toanielstik fan de greate genius fan de Noarske litteratuer; Henrik Wergeland. Letter kamen der mear sokke kampslaggen, dêr't it resultaet altyd fan wie, dat it selsstannich Noarsk kultuerfielen wer hwat oanwoun.
It earste wierlik libbensfetbere theater mei inkeld Noarske krêften waerd iepene to Bergen yn 1850, - doe wie de Noarske nasionale romantyk yn syn heechste bloei en net ien koe der oan twivelje, dat it op in yn geast en wierheit Noarske selsstannichheit ta gie. ‘Den Nationale Scene’ yn Bergen is histoarysk wurden, omdat dêrre de earste generaesje fan Noarske akteurs fan talint opstie, de piid fan it ‘akteurstheater’, dat sa
| |
| |
karakteristyk wurde soe foar de ûntjowing fan it toaniel yn Noarwegen. Mar it theater yn Bergen - it âlde gebou, dat doe net mear brûkt waerd en foroare wie yn in toanielmuseum, is yn de leste oarloch platbaernd by in bomoanfal - waerd histoarysk forneamd ek omdat ús greatste dramaturgen, earst Henrik Ibsen, letter Bjørnstjerne Bjørnson en Gunnar Heiberg hjir as regisseurs en toaniellieders arbeide hawwe.
It toaniel waerd dus yn de 19de ieu in nasionael striidperk - it waerd fanselssprekkend yn Noarwegen, dat it toaniel in forum wie net allinne foar kunst, mar ek foar opfettingen. Dat wie al sa yn de nasionale striid, en dat waerd noch slimmer, doe t de greate geastlike wrakselingen foargoed ynsetten yn de lêste helte fan de 19de ieu - it tiidrek doe't de litteratuer alderearst in utering fan forûntweardiging wie.
Ibsen en Bjørnson hiene de lieding. Beide hiene hja de nasionael-romantyske skoalle folge, beide hiene hja in biskiedende roi spile by it ûntstean fan in nasionael Noarsk toaniel en hja hiene toanielstikken skreaun, dêr't de bitsjutting foar it Noarske selsstannichheitsfielen net gau to heech fan oanslein wurdt. Hja hiene yn in lange rige histoaryske drama's Noarwegens forgiene gloarjetiid: de midsieuwen, wer oproppen, lyk as ek yn oar forbân it nije histoaryske fielen him bigoun to ûntjaen. Mar fan mids de 60er jierren ôf kaem de klam op oare gebieten as it nasionale to lizzen. Yn 1865 skreau Bjørnson ‘De nygifte’ en Ibsen yn 1869 ‘De unges forbund’, stikken dy't mear appellearren oan it boargerlike as oan it nasionale en dy't de lange rige fan réalistyske eigentiidske drama's ynlaetten, dy't in toanielrevolúsje yn hiele Europe to weech bringe soene.
It paroal fan de nije eigentiidske litteratuer waerd útjown fan de Deenske kritikus Georg Brandes: de taek fan de litteratuer wie: problemen bihannelje. Under foar in part bittere en kweadaerdige tsjinstân fan it konservative kamp ûntjoech him nou in toaniellitteratuer, dy't it hiele maetskiplike libben ûndersocht, it hâalden en dragen fan de ‘pylders fan de maetskippij’ kritysk neigie en ‘in torpedo ûnder de ark lei’, lyk as Ibsen it útdrukte. Net ien gebiet wie feilich foar har peilingen: it debat oer godstsjinst, seksuéle morael, houlik, de frijmakking fan de frou, arbeidersbiweging en sosialisme, kapitalistyske privileezjes, prostitúsje, erflikheitsûndersyk, opfieding en ûnderwiis - it waerd allegearre foar de fuotljochten brocht, en dat mei in radikalens dy't de dwaende boargerij út har rêst opskrille. Sa dryst wie de probleembihanneling under oaren by Ibsen, dat in toanielstik as ‘Gengangere’ ienfâldich wegere
| |
| |
waerd. It toaniel wie noch altyd in partikuliere ûndernimming, dy't fan wolstelde patrisiërs yn libben hâlden waerd, de skouboarchdirekteur doarst net oan it stik, om't er bang wie, dat de hearen mei de portefeuilles demonstratyf foar har stipe weiwine en it toaniel omkomme litte soene! Mar de ûntjowing koe net keard wurde.
Twa ûnderwerpen kamen sintrael to stean yn it toanielwurk fan de tiid dêrnei: de erotyske en de sosiale frijmakking. It feit dat Ibsen yn syn lettere jierren him út it debat oer de morael tobekloek en yn syn lêste wurken ta in symboalyske libbensynterpretaesje kaem, die dêr neat oan ôf. Foar de jonge generaesje bleau hy alderearst de strider tsjin ûnrjocht en misse tastannen yn it maetskiplik libben, en sa nei wie it toaniel forboun rekke mei de algemiene politike en geastlike ûntjowing, sa sterk wie it diskusje-toaniel wurden, dat men konsekwint trochgie yn dat spoar, - Ibsen mocht fierder symbolisearje yn iensume majesteit, oant syn lêste toanielstik ‘Når vi døde vågner’ ta.
De wichtichste fortsjintwurdiger fan de folgjende generaesje fan dramaturgen is Gunnar Heiberg. Hy sette yn 1884 útein mei in fantastysk dryst en libben toanielstik yn it sosiael-krityske genre, ‘Tante Ulrikke’, dêr't frouwe-emansipaesje en sosialisme it dominear jende thema yn wiene? it stik wie in fule oanfal op de bisteande boargerhearskippij en syn morael. Letter waerd de erotyk Gunnar Heiberg syn foarnaemste thema. It soe net krekt wêze om him as eksponint to sjen fan it ‘réalistyske’ toaniel yn konvinsionele sin, syn uteringsfoarm hie sterk lyryske en foar in part symboalyske kanten, bygelyks yn ‘Balkonen’, in erotysk drama, dat boppe alle steurende, ûnbiskieden wurklikheitsbiskriuwing úttild is. De polemyske kant fan syn wêzen wie lykwols tige oerhearskjend, en syn stikken hawwe stik foar stik de rebelly yn har, de eask fan in frijheit sûnder kompromis. Dat jildt foar in erotysk stik as ‘Kjaerlighedens tragedie’ mei in hertstochtlike fordigening fan de erotysk easkjende frou, en dat jildt foar syn toanielstik oer de Noarske selsstannigens yn 1905, ‘Jeg vil verge mitt land’. Ek al hiene syn stikken in útsprutsen lyryske foarm, hja hiene altyd safolle springstof yn, dat hy algemien gyng foar in kritikus fan maetskiplike tastannen en oansetter fan opskuor en argewaesje: hy moast allegeduerigen bilibje, dat syn stikken jierrenlang lizzen bleauwen. Paradoksael genôch, just omdat syn toanielstikken sa by útstek ta syn eigen tiid bihearden, in sa tige
| |
| |
oan eigen tiid boune utering fan aktuéle tsjinstellingen wiene. Ek nei de lêste wrâldoarloch binne gâns fan syn toanielstikken opfierd, mar it is krekt, as sprekke se de minsken fan nei syn eigen tiid en generaesje mar amper mear oan.
Syn adept yn de jongere generaesje, dy't it opstannige spoar fan de 70er en 80er jierren fierder folge hat, somtiden in absurdum, is Helge Krog. Hy is ek bigoun as polityksosiael moralist mei in toanielstik oer de parse ‘Det store vi’ (1917) en in oar oer de ûnforsoenlike striid tusken arbeider en wurkjower, ‘Jarlshus’ (1923), mar letter hat er him útlein op problemen yn de geast fan Ibsen syn ‘Et Dukkehjem’. Trije moatte hjir apart neamd wurde: ‘Konkylien’ (1929), ‘Underveis’ (1931) en ‘Oppbrudd’ (1936), dy't men hast sjen kin as in trilogy, mei itselde grounthema: it erotysk frij en selsstannich wurden fan de frou, en, oan de oare kant, in biskriuwing fan de man as in persoan mei primitive bisitsynstinkten, folslein de mindere fan de frije, forstannige, en yntelliginte frou, dy't har eigen wei útstippelet en de moed hat om dy to gean. Nei de twadde wrâldoarloch hat syn produksje minimael west, dy is biheind ta in pear ûnbitsjuttende ienakters. Fan syn toanielstikken moat fierders neamd wurde it blij spul ‘På solsiden’ (1927), grif Krogs meast libbensfetber toanielstik, goed opset, geastich en ûnderhâldend en tagelyk mei satire. De probleemstelling is hjir alhiel deselde as yn de ‘trilogy’, mar folie minder kras útdrukt en alhiel ûndogmatysk fan toan.
Neist Helge Krog is Nordahl Grieg de meast nei foaren kommende figuer yn de Noarske dramatyk fan tusken de twa wrâldoarloggen. Hy is ek in warber dielnimmer oan it debat oer religieuze, erotyske en sosiale problemen, mar hy makket in folle frijer yndruk as de oaren, mear lyrysk streamend en ympressionistysker fan foarm. Nei de toanielstikken ‘Barrabas’ en ‘Atlanterhavet’ hie hy syn earste bylkjend sukses mei it revu-eftige sosiale tendins-stik ‘Vår aere og vår makt’ (1935), nij, fris en meinimmend fan foarm, in gaedlike oanlieding ta opskuor en diskusje, mei krasse persiflaezje en idéalistysk fredesenthousiasme, mar oerflakkich yn de typearring fan de persoanen en sûnder greate dichterlike kwaliteiten. Hy bisiket djipper to dollen yn ‘Men imorgen -’ (1936), in toanielstik oer oarlochseangst en biwapenings-yndustry en arbeidersopmars, de persoansbiskriuwing is hjir folle yntimer en yntinser, mar de dramatyske opbou frijhwat swak en mei in agitatoarysk aksint, dat alhiel net mear yn it artistike ramt past. Syn great dramatysk masterwurk skriuwt
| |
| |
Nordahl Grieg mei ‘Nederlaget’ (1937), in prachtige, kleurrike en libbene biskriuwing fan de kommune yn Parys 1871, wer mei in sterk arbeidersidéalisme en ek mei in krêftich fredesappèl, mar it konflikt en de stof binne opheve ta it dichterlike plan, - it toanielstik hat pathos, krêft, tearens en humor en syn boadskip is algemien, losmakke út it al to inge ramt fan de aktualiteit. Nei myn bitinken ien fan de pear toanielstikken fan yn wierheit wrâldformaet dy't yn Noarwegen yn dizze ieu skreaun binne. It hearde in plak to hawwen yn it algemiene Europeeske toaniellibben.
Der binne, fan oare skriuwers as dy't ik hjir neamd haw, frijhwat Noarske toanielstikken skreaun, guon fan hege kwaliteit. Mar in wierliken fornijende, toanielskeppende krêft hat him op ús breedtegraden net trochsette kinnen, de foarm draecht ornaris it stimpel fan in konvinsioneel réalisme, de tradysje fan de 80er jierren hat sa sterk west yn it hiele Noarske kulturele libben, dat it in ôfgryslik dreech stik west hat dêrmei to brekken en mei to kommen yn de ûntjowing dy't Strindberg ynlaet hat, dy't letter fuortset waerd fan it Dútske ympressionisme en dy't yn ús generaesje sa'n markante utering foun hat yn it op 'en nij ta libben kommen poëtysk drama.
Ien namme moat lykwols neamd wurde: Stein Bugge. Hy hat yn twadderlei funksje foar it toaniel arbeide: as toanielskriuwer en as regisseur. Hy fierde al fan it bigjin fan de 20er jierren of in skerpe opposysje tsjin de réalistyske debattradysje, dy't sa sterk syn merk set hat op it Noarske toaniel, en kaem al gau yn kontakt mei de nije streamingen yn it moderne Europeeske toaniel. Yn in lange rige toanieltheoretyske skriften sûnder wjergea yn Noarwegen, foar in part sammele yn de essaybondel ‘Det ideale teater’ (1947), docht er in forheftige oanfal op it Noarske toaniel om syn tokoart oan artistyk biwuste hâlding, yntrodusearret de nije toanielstreamingen en easket, dat de dramatyske grounfoarmen: de trageedzje en de komeedzje, ta nij libben brocht wurde. Yn in great tal enscenearringen, foar in part tige omstriden, hat hy praktysk utering jown oan syn opfetting, - mei forskate moderne toanielstikken, mar binammen mei komeedzje-klassisilykas Molière en Holberg, foar in part ek Shakespeare. Dêrneist hat hy in greate dramatyske produksje levere? guon fan syn toanielstikken binne spile, yn Oslo en Bergen en ek yn it bûtenlân, Denemarken, Ingelân, België. Mar eigentlik sukses hat er net hawn yn syn bertelân, it greatste part fan syn toa- | |
| |
nielwurk is noch nea spile - it wykt to folle ôf fan de tradisionele noarmen.
It stiet lykwols net yn 'e kiif, dat de rjochting, dêr't Stein Bugge it meast foar pleite hat, dwaende is in paed to finen yn it jongere Noarske toaniel, men kin in rige oerienkomstige ympulzen fornimme yn de enscenearring likegoed as yn de stikken sels. Resultaten dy't der yn weage hat dy nije toanielbiweging net birikt, - sa maklik is it ek net om mei konvinsjes to brekken, dy't in stimpel fan sakrosanktens krige hawwe. Mar nei de lêste oarloch binne der forskillende tekens dy't der op tsjutte, dat it Noarske toaniel as gehiel foar in alhiel nije wurdearring en oriëntearring stiet, - it is lykwols noch to ier om dêr hwat konkreets oer to sizzen.
It Noarske toaniel hat hjoeddedei in brede grounslach yn it folk. Der binne fêste theaters, stipe fan steat en gemeente yn Oslo (3), Bergen, Trondheim en Stavanger. Hja hawwe it ekonomysk net to rom, mar har basis is lykwols fêst. It is in folkssaek wurden om it toaniel ek yn de fierste úthoeke fan ús min tagonklik lân to bringen, en it fan de steat bihearde ‘Riksteatret’ hat nei de oarloch in tournéwurksumheit sjen litten, dy't men biwûnderje moat en dy't rounom wjerklank en populariteit foun hat.
In greate stap foarút die it Noarske toaniel teffens doe't der trije jier lyn lang om let in fêste, fan de steat bihearde toanielskoalle stifte waerd, dêr't men gâns forwachting fan hawwe mei.
| |
[pagina t.o. 52]
[p. t.o. 52] | |
Det Norske Teatret, Oslo: scène út Peer Gynt ‘Yn de berchhoale fan de Dovrekenlng’
Regy: Hans Jacob Nilsen, muzyk fan Harald Saeverud
| |
[pagina t.o. 53]
[p. t.o. 53] | |
Det Norske Teatret, Oslo: scène út Peer Gynt ‘It hiem fan Hegsta’
Regy: Hans Jacob Nilsen, muzyk fan Harald Saeverud
|
|