De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 45] [p. 45] Andre Bjerke: It sjongende aei (Det syngende egg) It barde in nacht yn slieps chaotyske byldestream dat in byld omheechsprong, forloste myn dream, Sa't de roas bytiden de toarnestrûk docht; en dy dream wie de moaiste dy 'k dreame mocht. lk wie yn in kontrei dêr't stilte as fan wetter op wetter oer lei. Troch skaden fan skom wie ik yn 'e seal fan forwachting komd dêr't de ûren drage de tsjoen fan klanken, nea heard en fan bylden nea sjoen. It lústre troch 't swijen: 't sil wêze, wes wach! Doe seach ik omhegen. En 'k séách op slach. Dêr - sa't in bal tsjin in waech nimt syn swaei - snuorre út 't tsjuster it sjongende aei. As swietrook trochsichtber en sûnder swiert' sa dounse en sprong it, as op ûnsjenbere weagen fierd, foar myn eagen, kwyk, en 't wie krekt oft dêryn, yn 'e djerre, sóng it. It aei wie triljende fol fan muzyk. It song lyk as in imerke: ‘Hein it, heirs it!’ Myn hân naem syn sprong to fetsjen it yn. lk rekke it skyltsje. En 't skyltsje gie fyn. It klonk as in slach op in dauwe-gong.... It gie fyn, en it lûd fan in stuite flecht roun fuort as it sop fan in iep'ne frucht. 'k Stie, stein fan 'e pracht, mei de hannen yn in sé fan wiidsjongend ljacht. Yn 'e tiis waerd ik wekker. Hwat kaem my hjir oan? Hwat wie it, dat 'k justsa bisocht hie to gripen? Nou grypte 'k troch 't tsjuster. Myn keamer wie stoarn en inkeld forljachte fan 'n moannestripe - - - Vorige Volgende