De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Gunvor Hofmo: Fraech oan in deade (Spørsmål til en død) Stjerren fan joun, allegear sjochstou dy skoan! Troch in maeiswarte krún izet in fraech my oan: Myn wrâld is warleaze tsjustrens yn 't kleare fjûr fan 'e dead. Mar hwat makket dat út boar in stjerre, hwat makket dat út boar dy, deade, dy't oare meldijen heart as dat hwat myn herte útskreaut mei de beammen, nachtlike wiet. De moardners waekse, stoarmje, it swurd, witstou Hwe't it stiet? Oan in sikesuster (Til en sykesøster) In toer, in tún en in sikeseal. O, susters blêddehân forkuollet alle koarts. Wês beammeskaed ûnder nachtlike sinne dêr' t de geast brekt - En in Frjemd drinkt. Vorige Volgende