| |
| |
| |
Kåre Langvik Johannessen:
De poetyske synthese fan Hans-Henrik Holm.
Ien fan de markantste figueren út de hjoeddeiske Noarske litteratuer is de dichter Hans-Henrik Holm. Mei syn monumintale lyryske syklus Bygdir i solrøyk (Buorrens yn sinnereek), seis mânske dielen, dy't sûnt 1949 forskynd binne, hat er in omtinken frege, dat rounom lang net gelyk útfallen is, mar bioardielings jowt, dy't nochal hwat útinoar rinne. Oan 'e iene kant binne der, dy't neat weardefols yn syn wurk fine kinne, en oan 'e oare kant ek guon, dy't him ta de greatste Noarske dichters rekkenje wolle. Men sil yn 'e letterkunde tige fier weromgean moatte om in soartgelikens gefal fine to kinnen.
Al yn it bigjin fan de tritiger jierren krige Hans-Henrik Holm mei syn earsteling, it greate folksepos Jonsoknatt (Midsimmernacht) namme yn de Noarske litteratuer. Yn dit wurk stie de lêzer hommels foar eat, dat er nea net earder yn syn litteratuer oantroffen hie, in origineel en machtich stik wurk fan in man, dy't yn ús chaotyske tiden eigene paden gean wol, in man dy't him alhiel fan de tiid losmakket en der dochs ek wer ta heart. Hy stiet mei syn wurk bûten alle aktuéle problemen, bûten alle literaire rjochtings fan syn tiid, en lykwols is it ûnmooglik jin sok wurk to tinken sûnder it analysearjend formogen fan ús moderne tiid. En mei dat analysearjend formogen, forboun mei it yntuïtyf dichterlik formogen om yn it wêzen fan de dingen troch to kringen, stekt er ôf nei de djipten fan de Noarske folkssiele en wint dêrút, hwat noch nimmen foar him der út winne kind hat. Men soene it hast sa sjen kinne, as fynt de idé fan Herder hjir syn foltôging. Hwat de nasionale romantyk faeks wol sjoen, mar net birikke kind hat, dat hat Hans-Henrik Holm útfierd yn syn tige apart en monumintael stik wurk.
Om in goed byld fan Holm syn poëzij foar eagen to krijen, moat men dy skôgje út de eigene Noarske hoeke wei, yn it forbân fan de skiednis, de kulturele ûntjowing, de evolúsje fan de Noarske tael, en yn forhâlding ta de situaesje fan op 't heden. Men moat jin in byld foarmje kinne fan in tûzenjierrich Noarwegen, mei as bigjin it heidensk tiidrek dêr't ús in boek út oerlevere is dat ta de moaiste fan de wrâldlitteratuer rekkene wurdt: de Edda. De âldste fan de Edda-lieten, lyk as
| |
| |
Voluspá, binne neffens de nijste wittenskiplike ûndersikings nei alle gedachten earne by de Oslo-fjord om skreaun. Dan komme de kristlike midsieuwen, mei de mânske kathedralen en de monumintale mienskiplike Noarsk-Yslânske litteratuer en by einbislút it kultureel forfal tsjin de ein fan de midsieuwen, doe't it lân troch forskate houliken yn de keninklike famylje mei Denemarken ien mienskiplike kening krige. Dan komt de Reformaesje, dy't yn Noarwegen in frijhwat oare foarm hie as yn it oare Noard-Europe. Sa'n greate godstsjinstforoaring wie it Noarske folk net klear op, de Reformaesje wie net folle mear as in keninklik bifel út Kopenhagen wei, dat de kening de kâns joech de eigendommen fan de tsjerke ûnder syn kroane to bringen en it Noarske ryk folslein ünder de foech fan Kopenhagen. De Ryksrie, dêr't de aertsbiskop fan Trondheim it haed fan west hie, waerd oan kant dien, de aertsbiskop sels moast as balling ta it lân út en sa wie it ôfroun mei de lêste stealen fan de Noarske selsstannichheit. It lân waerd in provinsje fan Denemarken, in stream fan Deenske dominys en amtners kaem ta it lân yn en it Deensk waerd as de offisiéle tael ynfierd ynsté fan it Aldnoarsk. De foarste ieu nei de Reformaesje is mei syn hekseprosessen en syn byleauwe wol de tsjusterste tiid fan de hiele Noarske skiednis.
Mar stadichoan waerd it Noarske folk doch wer wekker en doe't de njoggentsjinde ieu ynsette mei de politike selsstannichheit fan 1814, waerd de aktivens op kultureel mêd, op alle gebieten fan geastlik libben, aloan greater. Dan brekt ek de taelstriid los. Mei de nije kulturele en politike selsstannigens wie ek it forlet skepen fan in eigene Noarske sprake. Der wiene twa mooglikheden: foarst it Deensk yn Noarwegen to fornoarskjen neffens útspraek en struktuer fan dy tael yn de Noarske stêdden, en twad in nije Noarske tael to bouwen, op groun fan it Aldnoarsk en fan de libbene sprake yn dy hoeken fan it lân dêr't it Deensk gjin ynfloed hawn hie. Beide wegen binne foar kar nommen en dêr is de greate taelstriid fan de lêste hûndert jier tusken it saneamde ‘riksmål’ en ‘landsmål’ út ûntstien.
Yn dit forbân moat it wurk fan Hans-Henrik Holm skôge wurde. doe't Renaissance en Barok yn it oare Europe bloeiden, bilibbe it Noarske folk in tiid fan djip kultureel forfal. Deselde geastlike streamings as oeral oars wiene ek yn Noarwegen wol bikend; mar hja kamen inkeld mar ta utering yn folkskunst en folksliet, en sa hawwe hja har stimpel op de Noarske folkssiele set. De dichter nou giet nei de djippe dellings, dêr't
| |
| |
it ûnrêstige moderne libben noch gjin foet krigen hat. Hy giet to wurk as in geolooch en bringt de forskate ‘geologyske’ lagen fan de folkssiele to foarskyn.
Op sa'n basis bout de dichter syn wurk op. Hwat yn earder tiden net koef dat wol hy nou, gâns ieuwen letter, forrjochtsje. Sa is it ek dúdlik, hwerom't de dichter syn eigene, tige bysûndere tael brûkt, dy't wol de uterlike foarm hat fan it algemien Nijnoarsk (it landsmål), mar dy't mongen is mei forskate seldsume wurden en útdrukkingen, dy't de gewoane lêzer wol swierrichheden jaen kinne. Mar dy wurden en útdrukkingen kin it net sûnder. Hwant hwannear't men sok hûgenis út earder tiden yn hjoeddeiske poëzij omsette wol, dan sil dat ek barre moatte mei deselde wurden, yn deselde oarspronklike tael dy't op dat sté brûkt wurdt om dat fielen to uterjen. En dêr sjit de tael fan de moderne wrâld to koart. Mar de dichter wol de lêzer helpe mei goede wurdlisten. Daliks komt jin hjir de greate Flaemske dichter Guido Gezelle yn 't sin, en wier, der soe by forliking fan dizze beide dichters noch wol mear oerienkomst wêze.
Krekt yn de lêste greate syklus fan Hans-Henrik Holm Bygdir i solrøyk wurdt dit wêzen fan syn kunst tige dúdlik. De dichter sels neamt it in synthetyske syklus, en dat is it yndie: in synthese fan tûzen jierren Noarske kultuer, in synthese fan al datj inge hwat der omgiet yn de heimichste hoeken fan de Noarske folkssiele. Al dy minsken út forroune tiden torane by him ta in folk, boun troch fielings en heimnissen dy't inkeld yn de kunst ta utering komme kinne. En in symboal, sawol fan dizze synthese as fan it kunstwurk sels, kin it ynliedend fers ta it tredde diel AEttetreet (De Stambeam) neamd wurde. Dy beam hat djippe woartels yn it Noarske folk. Steande op in hichte hearde er ta elke pleats en hie dêr in âlde kultyske bitsjutting. Yn dy hichte wennen neffens it âlde folksleauwe de âffaers, en ta dy hichte soe elkenien ienris yngean om syn plak yn to nimmen by de woartels fan de beam, dy't it libben sels wie.
Op 't hiem stiet, dûkich, âld-fortroud
It fûgelguod út it koetsehout
giet bliid ta syn tûken yn.
Hy skadet as sinne hjittet
en hoedet tsjin froast en wyn.
| |
| |
Yn 't gea stiet, as út âlde tiid
Hy sûzet fan swiere minskestriid,
fan pleats en gea yn trewyn.
Hy reauntet fan glûpske froulju
en mânlju, fan wyldens blyn.
De delling djip yn bergekrâns
ljochtet op yn moarntiidsglâns.
dreamen nei sinne en hêf,
as linebeammen dy't wiuwe
Dizze beam libbet net inkeld as folkloristysk forskynsel, mar hy hat ek yn de litteratuer in tige âld plak. Yn de âlde Edda fine wy him al. Yn Voluspá hearre wy fan de Esk Yggdrasil, by hwaens woartels de trije godlike jongfammen wennen, dy't de takomst fan it minskdom foarseine. Sa libbet de beam fierder, en wurdt yn it wurk fan Holm ta it folk seis, ja suver ta it minskdom, dat it libben meimakket yn alle nuanses, yn bitterheit en fleurichheit, yn lijen en lok, yn de djippe dellings en de wide romten, hy omfettet it libben seis fan de wûndere wrâld, fan de lytste blommen ôf oant it einleas ûnbigryplik universum. By Holm raent it greatste mei it lytste gear yn in alles omfetsjend fisioen, dêr't de natuer de wei yn is tusken de lytse minske en God.
In foarbyld fan greate lyryske wearde soe oanwiisd wurde kinne yn in oar wurk, Fugl Føniks i eplehagen (De fûgel Phoenix yn it apelhôf), dat, folle lytser, fuort nei de oarloch it ljocht seach.
Om Gods fingers fan rotsstienpjukken
alle trilbledtsjes jowe it wjukken
en it gounzet yn holdertael.
De blommekopkes dy't nige
oer 't forgetten earm tsjerkhofssté
wurde in gleone planete-rige,
elke daudrip in macht'ge sé.
| |
| |
Yn de natuermystyk fan Hans-Henrik Holm is de minske lykwols folle mear as in ienfâldich natuerforskynsel. De minske libbet yn de natuer, dêr't er yn toraent, mar moat doch stride, nei bûten mei de geweitige krêften fan dy natuer, nei binnen mei de like geweitige godlike geast. Yn machtige fisioenen biskriuwt Holm alle ‘dreamen efter hiemshikken’. Mei lytse, ienfâldige middels skilderet er de sterke fielings fan minsken, dy't folslein ynsletten libje binnen de wylde, wrede natuer. Mar sawol dy natuer as ek har eigen libben hawwe hja by einsluten sels yn 'e hân.
Al datjinge hwat bart yn de natuer is yn wêzen dochs ôfkomstich fan de minsken, en de taek fan de trije jongfammen ûnder Yggdrasil wurdt fan de minske sels oernomd. It is it minskdom sels, dat dêr hearsket oer de eigene takomst: hwat men sieddet sil men sels rispje.
Troch dyn boarstkas is 't inkeld de Skepper,
hoe' t de stambeam swaeit yn takomstich ljocht.
Skielk wurdt wier, hwat it leauwen dy jowt yn it sin
mar dyn witten net fetsje kin.
Maitiid nei maitiid waekst it blomt
oer delling en kling op 'en nij.
Fan eat dat nei tûzen jierren komt
leit it sied al djip yn dy.
It wurk fan Holm is unyk yn de Noarske en seis yn de Europeeske litteratuer. Lykwols hat it syn plak yn in biskate tradysje fan de Noarske letterkunde, in tradysje dy't mei de Edda bigjint. Voluspá is it wurk oer it minskdom, de skepping, de striid, de ûndergong, mar ek oer it einige, folsleine libben yn de Ida-flakte. Ut de lette midsieuwen hawwe wy dan noch in kristlik fisioen yn fersfoarm, Draumkvaedet (It dreamfisioen), ek in liet oer de wrâld, dat einget mei de oerwinning fan Sint Michaël oer it kwea. It tredde wurk is dat fan de tweintichjierrige dichter út it bigjin fan de nije bloeitiid fan Noarwegen yn de foarige ieu, Henrik Wergeland, de greatste dichtkunstner dy't Noarwegen hawn hat. Syn wichtichst wurk is Skabelsen, Mennesket og Messias (De Skepping, de Minske en de Messias), dat mei machtige kosmyske bylden de wrâld biskriuwt fan de skepping ôf oant de folsleine takomst ta.
It wurk fan Holm soe as it fjirde yn dizze rige opnommen wurde kinne. Wis, men hat hjir net dat folslein fisionaire fan
| |
| |
Voluspá en Draumkvaedet en likemin dat mânske kosmyske barren út it wurk fan Wergeland. Mar noch it iene, noch it oare mist alhiel. Holm fynt syn stoffe yn de smelle dellings, yn it ieuwenâlde libben dat er dêr treft by de ienfâldige minsken fan alle tiden. Mar hwat er fynt, jowt er plak yn in universele skoging. Sa foarmet Holm syn wrâldgedicht. It is net inkeld in synthese fan tûzen jier Noarske kultuer. It is in synthese fan it minskdom.
Foar Noarwegen sil it faeks nòch in funksje hawwe kinne. Oant nou ta wie de Noarske kultuer yn haedsaek in boerekultuer. Mei de evolúsje fan de moderne tiid hawwe de stêdden ek mei har oanpart yn it kulturele libben krigen, en dat oanpart wurdt noch aloan greater; men soene sels sizze kinne, dat it kulturele libben mear en mear fan it lân nei de stâdden forfart, Yn ing forbân mei dat forskynsel stiet de swiere striid tusken de beide offisiéle talen. Net ien sil de útkomst dêrfan foarsizze kinne. Folle dúdliker as yn de oare lannen fan Europe stiet de Noarske kultuer op in punt fan oergong. In wichtige perioade is ôfroun, in nij, ûnbikend tiidrek is op kommen. Under dit aspekt kriget it wurk fan Holm in aparte bitsjutting. It is de synthese fan hwat oant nou ta west hat. Op it lêste stuit hat hy gearbrocht hwat miskien yn in mennich jierren forlern gean sil, en hy hat it foarme ta in monumintael kunstwurk.
Dêrom sil syn wurk ek yn fiere takomst noch oereinstean as in mylpeal yn de Noarske kultuer.
|
|