De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 37] [p. 37] Hans-Henrik Holm: Stjerren yn 'e hjerstnacht (Stjerner i høstnatten) Lit ús forjitte myn balstjurrichheit, al myn flaters, myn sin. Lit ús forjitte, dou koest ek wol hurd en min. Dat binn' fan dy deiske dingen, dou witst ek dat soks neat seit, flechtich, sa't spegelbylden binn'. Meidat wy sokke bern noch wien' hie 't kreauwen hast gjin ein. Al de forwachtings dy't wy garre hien' haw 'k yn myn sleauwens stikken slein. 't Falt neat net ta yn 't spul om herten man to wêzen foar in feint. Joun is de himel myld fan stjerreskyn, tûzenen stille anderts hat er yn. Oer dat wulfsel toevet de wite ivichheit. Sjoch, machtich slút de tiid him yn. Foar dat greate wulf as alter krij 'k dyn hân yn myn. Tûzen ljochten binn' dêrboppe oer de molkwei spraet. 't Minste libben, sa omfette, wurdt oer selde wegen laet. Dat wy leaven 'noar ienkear is 't iennichst dat hwat seit Lit ús dûke as in swannepear yn in saed fan leaflikheit. Sa't de ierde sûgend nei 't machtige hêf syn gêstjende groeisoppen bringt, rint it geasteslibben as siedende krêft yn it sieledjip gear dat ta foarmen twingt Vorige Volgende