De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Inger Hagerup: Lok (Lykke) Hwat is it lok? - Oer gerzge klingepaden gean yn tinne, tinne simmerklean, frij jûkje elke nevebyt slim hoeden, tige yn 'e blâns, en jonkheit hawwe, en hwa wyt in nea bilibbe leafdekâns. Fornimme hoe't in reach fan spin oer wang en mûle streaket tear, hwat tinke oer waer en wyn en mear, en oer in brief dat komme kin. In kouweblomke freegje om rie: miskien wol ja - miskien wol né mint er my net - of mint er my? Mar 'k ha gjin kunde noch oan dy. Vorige Volgende