De Tsjerne. Jaargang 11
(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 28]
| |
Trond Winje:
| |
[pagina 29]
| |
fierderspile yn it nijwoune selsstannige bistean fan de jonge naesje. En de rol wurdt noch aloan spile. Rûchwei soe men sizze kinne, dat ek de lyryk eat fan dy ûntjowing wjerspegelet, to witten yn in spesiale (Noarske) driuw, it fers in dúdlike sin nei foaren bringe to litten. De bidoeling fan it fers is in sinfolle ynhâld oer to bringen, en op sa'n foet wurdt dy ynhâld it primaire, wylst de foarm sjoen wurdt as hwat uterliks, hwat sekondairs. Men kin ek úthâlde dat in great part fan ús dichtkunst yn 'e lêste hûndert jier egosintrysk west hat en it stimpel draecht fan dat suver nasionale - en letter sosiale - proses fan frijmakking. Oan 'e oare kant wjerspegelet de lyryk binammen it persoanlik bilibjen fan 'e ienling, syn iensumens yn 'e striid om út to groeijen boppe ‘de neare berte-oarde’, nei in wider útsjoch oer de wearden fan eigen libben en eigen tiid ta. Hjir is de iensumens neamd, mar dat is net de iensumens fan 'e massaminske yn 'e greate kollektiviteit, dy't oars sa'n spoaren set yn 'e Europeeske lyryk. It is in folslein ‘inkelde en algemiene’ iensumens: de minske yn de ûnbifetlike, oerweldigjende natuer, de minske ûnder erchtinkende en bifoaroardiele meiminsken yn in binypte mienskip, ôfsnijd en isolearre troch de greate geografyske (en geastlike) ôfstannen. Op sa'n wize is dit in tige sterke trek yn 'e Noarske dichtkunst wurden, dat er subjektyf is, dat er almeast in tige persoanlike hâlding foar de tiid en syn problemen oer bifettet, en dat er, mei dat to dwaen, faken ymperatyf wurdt.
Mar hjir binne fansels útsûnderingen. En in lokkige útsûndering op hwat boppe oantsjut is, is Hermann Wildenwey (1886), dy't sûnt syn debút yn 1907 by de lêzers yn 'e gunst stien hat - en noch altyd stiet - as in blide sjonger fan lok en leafde. Syn foarm is boartlik, fleurich en glimkjende licht, en syn moed is faken binaude fier ôf fan it earnstige debat dat oars de parnassus stimpelet. Hy hat ús lyryk ek yn it stik fan de foarm forrike mei in rige sierlike oersettings fan Heine en oaren. Noarwegen krige ûnder dy generaesje in tal knappe lyryske dichters, hwerfan Olaf Bull (1883-1933), de landsmåldichter Olav Aukrust (1883-1929), Arnulf Øverland (1889) en de frijhwat jongere Gunnar Reiss-Andersen (1896), dy't de lêste jierren moderner fan ynstelling is, wol de wichtichtste binne. Fan dizze dichters is it faeks Arnulf Øverland, dy't alderdúdlikst de tried trochlûkt oer de tritiger jierren en de oarlochstiid hinne oan hjoeddedei ta. | |
[pagina 30]
| |
It dichtwurk fan Øverland is ryk en markant, fol humor en satire, mar altyd mei in earnstige ûndertoan: it tinken oan 'e dea. Yn de tiid tusken de beide oarloggen lei der in sterke sosiale ymperatyf yn al syn dichtwurk, hy hâldde ta oan de uterste lofterside fan 'e lofts-radikalen. Hy waerd dêrom in figuer op 'e foargroun yn dy tiid, dat de Noarske litteratuer en kunst sterker sosiael rjochte en sterker polityk boun wiene as earder ea it gefal west hie. Øverland wie in fûl kastijer, dy't ‘brieven ta algemiene ergewaesje’ skreau. Hjoeddedei is er linkelytsen sels in man mei ergewaesjes wurden, en syn ergewaesje jildt yn it foarste plak de modernistyke ‘misdiedigers’, dy't foarm en styl yn 'e lyryk forniele en ‘glossolaly’ op 'e parnassus bringe. Øverland is in iensume master yn 'e foarm, en hy forlit selden of nea net de tradisionele boune foarm yn rym en ritme. Gâns fan syn allernijste fersen hawwe de simpele foarm en de forhevene skientme fan de psalm. De revolúsjeman fan de tritiger jierren - dy't hjoeddedei de op jierren kommende ‘poet laureate’ fan it lân is - skreau koartlyn yn forbân mei ien fan syn fersen: ‘It giet oer God. Nou, op myn âlde dei, is it meast mei him dat ik forkear. It liket my ta dat it 't bêste is jin ta him to wennen’. En hjirmei binne wy dan, mei help fan in wide oriëntearjende sprong, bidarre yn 'e nijere tiid, yn'e lêste wrâldoarloch, dy't in dúdlike grins yn 'e Noarske lyryk bitsjut, sawol neffens de foarm as ek foar safier't it de ethyske bining fan de lyryske dichters oanbilanget. De wrâldoarloch leit as in ûnderséske klippe yn 'e stream fan 'e tiid en brekt séen, jaget harren omheech en jowt harren nije, forbjusterjende foarmen. It soe lykwols net krekt wêze en praet hjir fan in wiere brek yn 'e tradysje fan 'e Noarske lyryk, ynsafier't de tritiger jierren al oantsjutten, dat in nije libbenshâlding, in nije problematyk dwaende wie yn 'e lyryk to ûntstean. Hwe't wy hjir op tsjutte is yn it foarste plak in ympuls dy't moai dúdlik syn oarsprong bûten Noarwegen hie.
Us lizzing oan 'e bûtenrânne fan it Europeeske kultuergebiet, ús lyts taelgebiet en de machtige eigenheit fan it eigene lân hawwe lyk as boppe sein in soarte fan egosintryskens, in isolaesje, dy't in frijhwat trage en tafallige forbining mei de bûtenwrâld meibrocht, ta gefolgen hawn. En men kin úthâlde dat dat tige jildt foar de lyryk. Namstomear falle dêrom dy inkelde lyryske dichters út de tiid tusken de beide oarloggen yn 't each, dy't elk foar oar origineel en oars as | |
[pagina 31]
| |
oars binne, mar dy't mien hawwe dat hja iepener steane foar de eigentiidske streamings dêrbûten yn Europe. De âldste, en miskien ek wol de minst ‘Noarske’ fan harren is Alf Larsen (1885). Hy makke syn debút as lyrysk dichter yn 1912, en syn lyryske produksje oan hjoeddedei ta is fan wakker ûngelikense kwaliteit. Itjinge Alf Larsen tekenet is net yn it foarste plak de foarm, mar binammen de geastlike oriëntaesje, dy't yn aerd en yn uterlik klear en dúdlik in breed kontakt mei Sintrael-Europe en de Oriënt sjen lit. Christus, in Easterske skôging fan 'e dea en anthroposofyske eleminten binne yn dy geastlike struktuer oerhearskjend. Yn syn dichtwurk hat Larsen letter in humoristysk-leafdefolle freonskip ûntwikkele mei de hiele kosmos. It bart al gauris, dat de goede dichter (en knappe essayist) stjerren yn 'e earmen nimt en ballet mei fiere, wûnderlike sinnestelsels. Sels de weagen kinne yn syn wrâld to droegjen hongen wurde. Alle foarmen bilichemje geast. In oar bûtengewoane ekspansyf dichter, dy't al yn 'e tritiger jierren nije wegen gie yn 'e Noarske lyryk, is de efkes minder tagonklike Emil Boyson (1899). Hy is alderminst yn 'e bisnijing nommen fan de sosiale striid om selsbihâld. Yn in objektivearre, forheldere, visuéle foarm komt er de lêste problemen binei, lyk as dêr binne: de driuw nei de dea fan 'e leafde, it mystearje fan 'e dea, en de ivichheit. Nettsjinsteande syn gâns omfiemjende stúdzje fan en kontakten mei de bûtenwrâld, hat er in persoanlike eigenens biwarre en ûntwikkele, dy't nij libben jowt oan ús lyryk. De tredde dy't yn dit forbân wol neamd wurde mei is ús bikende théaterlieder en bûtengewoan knappe toanielspiler Claes Gill (1910). Hy joech yn 1939 en yn 1942 twa lytse fersebondels yn it ljocht, dy't beide moderner fan foarm wiene as men hjir wend wie. De titel fan syn earste bondel ‘Fragment av et magisk liv’ hâldt in boadskip yn ta in nije skôging fan tiid en bistean. Hy hat allyksa réwillich de ynfloeden fan Europe (faeks binammen fan Stefan George) ûndergien. Syn foarleafde foar it Dútske en Europeeske geasteslibben koe him der ek ta bringe, fersen yn it Dútsk to skriuwen (oan de Fryske skilder Emil Nolde), mar dat lette him dochs net, yn 1942 in samling út to jaen mei de sprekkende titel ‘Ord i Jern’. Syn poëzij wurdt droegen fan in fyn nuansearre fielen en in libben temperamint. En syn ‘izerne wurden’ hawwe gâns bitsjutting krigen foar de Noarske lyryk yn de tsjustere ynkubaesjetiid fan de wrâldoarloch. | |
[pagina 32]
| |
Wy hawwe al sjoen dat de wrâldoarloch as in ûnderséske klippe yn 'e tiid lei, en hwannear't wy dat byld noch efkes fêsthêlde, hevet de lyryk him nou as in machtige weach, nimt oare foarmen oan, spat útinoar en slacht del yn wite, mannichfâldige skomwielings. De oarloch joech ús allegearre in nij, eksplosyf ynsjoch: wy libje net yn it foarste plak yn Noarwegen, mar yn 'e wrâld. En it bitinken fan Dostojefski waerd wer aktueel: foar alles binne wy allegearre forantwurdlik. De hearostratyske poddestoel fan de atoombom leit syn skaed oer allegearre en sels it lot fan de fierste inkeling ûnder de minsken is net mear ûnforskillich, mar giet ús oan. De moardner seis hawwe wy yn ús, elkenien ôfsûnderlik. Dêrmei is yn koarte halen dan it útgongspunt oanjown fan hwat wy neame de nei-oarlochs-lyrykGa naar eind*. De nasionale grinzen binne mei ien slach fuort, ek hwat de foarm oangiet. De eagen wurde nei bûten rjochte om to sjen. En hwat der sjoen wurdt, is yn it foarste plak de oerweldigjende ekspearimintele lyryk yn Sweden, yn Ingelân, Frankrijk, Amearika. Yn eigen lân kaem dat al gau ta utering yn in fanselssprekkende mannichfâldichheit fan ekspearimintele lyryk. Mar de bitingsten wiene frijhwat ûngelikens. Lyk as boppe al sein hat de Noarske lyryk him krekt oer de foarmproblemen foar en nei net sa tige bikroade, en dat hommels stuitsjen op in wrâld fan foarmen en foarm-ekspeariminten moast yn gâns gefallen wol in machteleaze ûnwissichheit ta gefolch hawwe. Ien ding wie yntiid wol wis: de nije tiid, it nije ynsjoch easke ek in foarmfornijing. Oan it fers sels waerd nou oerlitten, syn eigen wetten to skeppen. De ritmyske eleminten fungearje alhiel frij yn it fers, hja folgje it sykheljen, it byld, de bloedslach, de dramatyske stiging yn it fers ensfh. Hjir fine wy om bar rym en rymleaze fersen, en bytiden kin sels yn ien en itselde fers it rym der wêze mar ynienen wer weiwurde sûnder oare wetmjittichheit as it ‘fers sels’ bifettet. In mienskiplike trek yn de dichtkunst fan de lêste tiid is boppedat in greater soberens sawol yn wurdkar as yn byld. De foarm is simpeler, dat wol sizze minder mei sin. In oare nijsgjirrige trek by de Noarske lyryk - yn tsjinstelling bygelyks mei de Sweedske en Deenske - | |
[pagina t.o. 32]
| |
Edvard Munch: De Skiednis. Muorreskildering Aula, Universiteit Oslo
(foto O Vaering, Oslo) | |
[pagina t.o. 33]
| |
Frøydis Haavardsholm: yllustraesje út de bondel ‘Jonsoknatt’ fan Hans-Henrik Holm
| |
[pagina 33]
| |
is dat der gjin skoalle makke wurdt. Elts foar himsels fordigenet syn plak allinnich en siket selden of nea net oansluting by oaren yn de ien of oare mienskip fan gelikens oriëntearren. Dat is wol sa typysk Noarsk, dat men mei dat suver in tradysje yn ús lyryk neame.
Midden yn it tsjusterste jier fan 'e oarloch - 1943 - debutearre Tor Jonsson (1916-'51) mei de fersebondel ‘Mogning i mørkret’. Tor Jonsson ripe yndie yn it tsjuster en hy waerd de markantste figuer fan ús dichtkunst. Doe't ik yn 'e ynlieding efkes kaem op it aerd fan ús lân, wie dat binammen mei de gedachte oan ús heech oansleine Tor Jonsson silger, dy't faeks hurder as hwa ek mar yn de lêste tiden oan liif en siele ûnderfine moast, hoe't in nearzige, isolearre mienskip wurde kin ta in broeikas fan erchtinkendheit, kweawilligens en falske solidariteit. Tor Jonsson waerd great yn earmoed en iensumens, en syn geast waerd in slachfjild fan de swierste tsjinstridichheden, oant er syn libben yn 1951 einge. Syn dichtkunst wurdt nea ta in boarterij mei wurden. Syn fers is nuodlik, skril en faken baernende bitter. De foarm is sober, hurd bibetele, swier laden. Hy wie útsprutsen polemysk, en hie biskiedende ynfloed ûndergien fan Arnulf Øverland en de fierdere sosiale striidlyryk fan de tritiger jierren. Hy liet in bysûndere, pakkende fersebondel nei: ‘Ei dagbok for mitt hjarte’. En hjir is de toan birêstender, klearder, geastliker. Alles wurdt droegen fan in djippe skôgjende wiisheit en in lynjen oan 'e dea:
Ik bin op 't tsjerkepaed, hark hoe't de klok nou slacht -
Hja folgje allegear my nei de krúswei-kar
tusken it blyn ynstinkt en tinzemacht.
It boek stiet as in iensum monumint yn 'e tiid en is faeks wol it greatste dat wy oan Noarske lyryk nei de oarloch krigen hawwe. Inger Hagerup (1905) is yn har earste bondels allyksa sterk kleure troch striid en oarloch. Mar de striid hat net langer fet op har, har sosiael radikalisme is net radikael mear, en hja kiest in nije wei. Oars, mear glimkjend, froulik, sûnder forplichtings op to lizzen, hat hja wurk skreaun dat der tige ynfallen is, sawol yntime leafdesfersen as ek bernerymkes en stoarjes fol humor. Tor Jonsson skreau in sterk landsmål, en it hat de lêste hûndert jier wol bliken dien dat de forskillende Noarske dia- | |
[pagina 34]
| |
lekten by útstek gaedlik binne ta lyrysk gebrûk. Forskate fan ús bêste lyryske dichters, fan A.O. Vinje (1818-1870) oant Olav Aukrust (1883-1929) en letter Aslaug Vaa (1889), Tarjei Vesaas (1897), Haldis Moren Vesaas (1907), en hjoeddedei Ragnvald Skrede, de romantikus Tormod Skagestad en mear oaren hawwe rike en mylde lyryk skreaun yn har forskillende dialekten. Natuerlikwei binne de dialekten fierwei gaedlikst foar natuerlyryk, en dy wie dan ek it bigjin fan al itjinge him letter oan alsidige suverens yn 'e landsmåldialekten ûntjown hat. Aslaug Vaa grypt it libben yn har waerme lyryk út de natuer sels wei. De symboalen dêrfan nimt hja mei kleare skôging en great fielen yn har op, bringt dy ûnder wurden en jowt der algemiene wearde oan. Ragnvald Skrede is allyksa in sterke figuer yn ús landsmållyryk. Hy is miskien wol de karakteristykste dichter dy't wy bisitte. Syn fersen hawwe de klank fan metael en swier hifke ynsjoch. Syn libben wie net sa maklik, en syn fers ‘Reven’ kin sjoen wurde as in objektivearre autobiografy. Mar hy is der, lyk as tofolle fan ús lyryske dichters, net alhiel frij fan en liz moralisearjendewei en net sa tige lyrysk de finger op wrakke steden. De lyryk yn it landsmål hat de lêste jierren rike frucht oplevere, en sûnder oerdriuwing kin wol sein wurde, dat dêr mei fan it alderbêste fan ús poëzij ta heart. Wy siile yn dit forbân in seldsume en wol tige bijeftige figuer oerslaen, om't dy op in oar plak yn dit tydskrift bihannele wurdt: Hans-Henrik Holm.
De lêste fiif jier kinne wy konstatearje dat ien en oar sa linkelytsen liede koe ta utersten, dy't frijhwat tsjinsteld binne, binammen op aesthetysk plan. Yn 'e ryksmållyryk docht dat bliken oan in helte greatere bilangstelling krekt foar de foarm, en it is binammen wol hjir, dat wy de ekspearimintele dichtkunst fine. It meast opfallende talint hwat de foarm oanbilanget is hjir André Bjerke (1918), dy't yn 1940 debutearre mei in bondel, dy't gâns namme krige, en dy't folge waerd fan gâns in rige útjeften. Syn utering is libbenskrêftich, hat in boartlike elegânsje, en in sizzingskrêft, dy't jin Heinrich Heine en ús eigen Hermann Wildenwey yn it sin bringt. It dichtsjen is foar him in hillich boartsjen, en de foarm is bitingst. Dy flijt him lyk as it sinneljocht om de blommen, seit er earne. It joech wol opskuor hjir to uzes, dat immen fan twa en tweintich jier yn- | |
[pagina 35]
| |
ienen sonnetten en terzinen skreau, dy't folslein fan foarm wiene. André Bjerke hat mei syn lyryske kunst in rige suvere oersettings fan Shakespeare, Rilke, Heine en oaren skepen, en dizze oersettings binne faeks syn sterkste bydrage ta ús lyryk. Hy hat in brûzjende geast, in alsidige fantasij, en as figuer stiet er miskien fichtst by Alf Larsen. Hy doar it sels oan en skriuw in sonnet oer in sjipbûle, as it him sa útkomt!
Hja liket poezije yn har sweven,
as kleur en foarm dy't frijkaem, yn 'e romte;
mar stikken spat hja, rekket men har even.
Syn neef nei sibbe en geast, Jens Bjørneboe, debutearre yn 1951 mei in fersesamling, dy't ien fan 'e skôgers der ta brocht to skriuwen: ‘in klassyk debutearret’. As in duvel út in doaze sprong ek hjir in seldsume macht oer de foarm omheech út de bitiizjende mannichfâldichheit oan foarmen. Yn in great fers oer de Italiaenske renaissance ropt er hertstochtlik út: ‘Inkeld de foarm, inkeld de foarm is geast!’ De titels boppe syn kreaze sonnetten fortelle ek fan in nije oriëntearring, in nij geastlik klimaet: Mozes, Salome, de Muonts, Cimabue, Lorenzo il magnifico.... Ut it fers ‘Høst’ op in oar sté yn dit tydskrift sil men ôflêze kinne dat de wei koart is fan de Rilke fan de sonnetten ta Bjørneboe. Oan 'e iene kant litte dizze beide jonge lyryske dichters, en oaren mei harren, in sterke driuw sjen nei kleare en klassike foarmpatroanen. Oan 'e oare kant sjogge wy in driuw, fan it tradisionele los to kommen yn 'e rjochting fan in skerper omline poëtysk modernisme, lyk as dat by foarbylden as Eliot, Auden, de lettere Rilke en oaren al to finen is. De foarrinders fan dizze rjochting hawwe wy, lyk as boppe al oantsjut, ek yn eigen lân al yn de tritiger jierren, binammen yn Gill en Boyson. Yn it lettere wurk fan Gunnar Reiss-Andersen fine wy in soartgelikense oriëntaesje. Poëzij is gjin fielen, mar in ynsjen, in tinken. Fan de wichtichste figueren fan dizze rjochting neame wy hjir Gunvor Hofmo, Nils Brantzeg, Paal Brekke en Erling Christie, de alderjongste. Gunvor Hofmo binne faeks parallellen foar to finen ûnder de jongste Ingelske lyryske dichters, mar fierder sil it net tafalle en wiis har in plak oan. Hja hat de eigene tiid yn har opnommen en dy dichte. Hja hat lykwols ôfstân fan har tiid nommen en giet fierder. Har fersen wurde droegen fan in machtige ekspânsje, in forwiding, in oanfal suver op de transcindinte wearden dêr't hja fêstichheit yn siket, en miskien | |
[pagina 36]
| |
krekt dêrom sil hja ien fan dyjingen wurde, dy't yn 'e Noarske lyryk nije paden wize.
As fleuriger ôfsluting fan dit útsjoch op ús lyryk wolle wy noch graech in oar forskynsel oanwize yn 'e wrâld fan it fers: it wer opbloeijen fan it folksliet. It folksaerdige, burleske liet hat de lêste tiid forskate wichtige skeppers krigen, sawol yn tekst as yn muzyk; binammen komme dêryn Alf Prøysen en ús beide bikende dichters fan landsmållyryk Einar Skjaeraasen en Jakob Sande nei foaren. |
|