De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 27] [p. 27] Emil Boyson: Moannefaem (Månejomfru) Yn dreamen sochtestû myn dream - Myn smert wie blyn, en skaden gien' om 't hûs, spoun út gesnúf fan sniefleagen en nacht; doe brochtest ta my troch it koartsgesûs fan al dyn trouwe 't winterbleke ljacht. Alles dreamden dyn eagen - De greate finsters hiene neat gjin sicht, mar moanne' oantins bûgde oer dyn kommen; moannesnie keatste yn speg'ling kâld en ticht en moanne' treast út tiden dy't lang slommen. Dû stiest yn dreamen oan myn bêd. Rest oan rinnend wetter (Rast ved rinnende vann) Wurch is noch net ús herte, mar dei forgie ta nacht. Wy hâlde. Troch ús swijen sjongt wettermacht. Wy hearre yn 't streamesûzjen, de ivichheit is net fier. Wy binne fan d' ierde. Wy moeten. Wy leaven inoarren wier. ‘Skielk kinne wy neat mear hearre - ús iennichste wissichheit. It wetter sil fierderbrûzje troch alle ivichheit’. Vorige Volgende