De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Aslaug Vaa: Fragmint (Fragment) Libben is dauwe ûnder moarntiidssinne, leaf triennet, stiente ammet, as de drippen brekke tsjin 't ljochtsjen. Sinnereeksljedders, gouden en skier, fan it gers nei de himelrounte, draech my nei ierde' buorrens. Stimmen fan libbens dy't libbe binn' roppe fan lijens delling, roppe my op nei 't oardiel. Nei lijens delling tôge 'k swier. De fruchten ûntfoelen myn hannen. Hie ik myn ûren formuozze? - Mar dou droechst my deryn yn dyn hertslach, dou follest' mei loksheil myn hannen. De tiid hâldt yn. De streamen glieden en fynden. De streamen glieden tsjin wite strânnen, dêr't it bern boartet mei it sânglês. Licht glydzje sânkerlen fuort troch de fingers. Hoenear einget dyn boartsjen, bern? Sjoch de strân-anjer, hoe't er it sân mei syn woartels bifeugelt! Swier fan blommebloed, sinne-dwyl, hevet er ús herten brekkend nei Jins hannen. Vorige Volgende