| |
| |
| |
Alex Bolckmans:
De taelstriid yn Noarwegen.
It noardlik skift fan de Germaenske talen bistiet út fjouweren: it Deensk en it Sweedsk foarmje togearre it Eastnoarsk, it Yslânsk en it Noarsk togearre it Westnoarsk. De politike feiten fan de lêste fiif ieuwen hawwe op dy taelkundige yndieling sa'n ynfloed hawn, dat yn Noarwegen in tael ûntstien is fan Deensk komôf, dy't de autochtone forkringe koe om't dy de kâns ta ûntjowing net krige. Earst yn de 19de ieu waerd op de grounslach fan de dialekten, dy't noch altyd libben as in hart, kunstmjittich in suver Noarske sprake yn wêzen roppen, dy't him hanthavenje koe, dy't de striid mei de konkurrint oangean doarst en dy't lang om let de lykstelling dêrmei birikke mocht. Op dit stuit hat Noarwegen dus twa offisiéle talen, dy't tige oan inoar bisibbe binne en boppedat inoar frijhwat biynfloede hawwe. Sûnt 1929 hjitte hja offisieel bokmål (earder riksmål en dêrfoar Deensk-Noarsk of Noarsk-Deensk) en nynorsk (nij-noarsk, earder landsmål). Tsjin dizze nammen waerden fan forskate kanten biswieren nei foaren brocht: bokmål wurdt likegoed praet, en nynorsk is fan taelkundich stânpunt in bitiizjende namme, om't er ommers ek brûkt wurdt by de histoaryske yndieling. Taelkundich is bokmål likegoed nij-noarsk.
De lykstelling fan de beide talen hat lykwols it taleprobleem net út de wei holpen. Noch altyd is der rivaliteit, al hat de ûntjowing, dy't hja de lêste tsientallen jierren trochmakke hawwe troch taelregeljend yngripen fan it regear, wol sa'n klimaet skepen, dat in nij, earnstich bisykjen fan wjerskanten nei alle gedachten in ein meitsje sil oan in taelstriid fan jierren en jierren, dy't in swiere kulturele en ekonomyske lêst foar it hiele lân west hat. Ek al mei dizze oplossing noch net yn de neiste takomst forwachte wurde en al giet de striid op dit stuit noch mei fûle foarsje fierder.
Om in dúdlik byld to krijen fan dizze eigenaerdige taelstriid, moatte wy inkelde ieuwen tobek gean. Yn de iere midsieuwen wiene de trije Skandinaefske riken: Noarwegen, Denemarken en Sweden, har eigen paed gien. De oarspronklike taelkundige ienheit kaem al om it jier 800 hinne differinsiaesje yn en al njonkelytsen ûntstiene der trije forskillende talen, dy't elk har eigen skreaune en sprutsene foarm hiene. Yn de 14de ieu bilibbe Noarwegen sawol polityk as ek kultureel in
| |
| |
tiid fan forfal. Op sa'n wize waerd it de swakke dielhawwer yn de uny mei Denemarken, dy't yn 1380 út it spul fan de dynastike forbinings ta stân kaem. Dy uny soe duorje oan 1814 ta en yn de rin fan dy fjouwerhûndert jier waerd Noarwegen troch Denemarken altyd bihannele as wie it in provinsje. Dat moast syn gefolgen hawwe foar de sprake. Stadichoan waerd it Deensk de iennichste skreaune tael yn Noarwegen. De Noarske skriuwtael hie him op dat stuit noch net genôch fêstset om wjerstån biede to kinnen. It sprutsene Noarsk krige de Deenske ynfloeden to forarbeidzjen yn de stêdden en waerd hieltiten mear tobekkrongen nei it plattelân, dêr't it sûnder skriftlike tradysje dat makke yn forskaet fan dialekten fierderlibbe oant yn de 19de ieu.
Der wiene forskate faktoaren dy't it rêd ynkringen fan it Deensk yn de 15de ieu yn de hân arbeiden. De keninklike bisluten waerden inkeld yn it Deensk útfurdige. It bistjûr wie yn haedsaken yn hannen fan Deenske ynkommelingen en barde yn it Deensk. Yn de 16de ieu waerden de wetten yn it Deensk oerbrocht. Doe't de Herfoarming yn Noarwegen kaem, wie dat út Denemarken wei en waerd hja fan Denen preke. Printe reformaesjelektuer waerd yn it Deensk forspraet: hûndertfyftich jier nei Denemarken birikte de parse earst Noarwegen! It kultureel libben hie der ek frijhwat skea fan, dat Noarwegen gjin echte haedstêd hie, dy't tsjin Kopenhagen munsterje koe. Al hoe wichtich Bergen as hannelsstêd wie, de macht fan Kopenhagen as hofstêd en universiteitsstêd koe it net folle foaroer sette. Noarwegen wie gjin hegeskoalle ryk, dat Noaren dy't in universitaire oplieding winsken wiene wol twongen en gean dêrfoar nei Denemarken.
Dy fordeensking fan ieuwen sette in dúdlik stimpel op it lân, binammen wol yn de stêdden. Dêr ûntstie in boargerstân dy't har kultureel ien fielde mei Denemarken. Har sprake wie Deensk op in pear fonétyske ôfwikingen nei.
Op it plattelân wie de tastân oars. Dêr wie de ôfstân tusken de amtners en de boerebifolking moai great. De amtners praetten Deensk, hja wiene in slettene kaste, dy't him apart hâldde fan de boeren. Dy biwarren har eigen dialekt, ek as hja kontakt hiene mei de amtners. De iennichste ûntwikkeling dy't hja krigen, dy fan de tsjerke, barde yn it Deensk. Mar bliuwende spoaren yn har tael hat dat suver net neilitten.
Yn de 18de ieu kamen forskate Noaren as skriuwers op 'e foargroun. Hja wennen almeast yn Kopenhagen en stiften dêr in Noarske foriening, dy't it sintrum waerd fan oanienwei
| |
| |
groeijend nasionael fielen. Hja skreauwen Deensk, mar hja fielden har alderminst Denen. Dy earste weach fan nasionalisme wie yn 1814 lang om let fan dy gefolgen, dat der in ein kaem oan de uny fan Denemarken en Noarwegen. Fredrik VI moast ntl. by de fredesûnderhannelingen to Kiel yn Jannewaris 1814 Noarwegen ôfstean oan Sweden. De Noaren wiisden, op groun fan de folkssouvereiniteit, dy regeling lykwols ôf en forklearren har lân ta in selsstannige steat. De foaroanmannen fan it lân wiene fan 10 April oant 17 Maeije byinoar yn de forneamde ryksgearkomste fan Eidsvol. It einbislút wie, dat de Noarske grounwet, dy't hjoeddedei noch jildt, oannommen waerd en prins Kristian Fredrik, de eardere steedhâlder fan Denemarken yn Noarwegen, ta kening útroppen. De Sweden wegeren hwat hja ‘it oproer fan de Noaren’ neamden, goed to karren en stjûrden in legermacht op Noarwegen los. De koarte oarlochstastân waerd yn de hjerst fan itselde jier al bisletten mei ûnderhannelingen to Moss yn Noarwegen. Hja eingen yn it kompromis, dat kening Kristian Fredrik ôfstân die fan de troan en de kening fan Sweden ek as kening fan Noarwegen erkend waerd. Sweden fan syn kant moast de krekt woune souvereiniteit fan Noarwegen erkenne en de kening moast der yn meigean, dat er it lân bistjûre soe mei in Noarske regearing en in Noarsk parlemint.
It aloan sterker nasionale fielen waerd troch ien en oar tige oanfjurre en soe letter foar de taelforhâldings biskiedend wêze.
Lyk as to forwachtsjen wie, bitsjutte 1814 gjin folsleine omkear yn de taeltastân. It folk hâldde him oan de dialekten, de stedtsjers en binammen de amtners praetten Deensk mei Noarske eigenaerdichheden. De deftige útspraek sleat him oan by de skreaune tael, mar de deistige omgongssprake wie frijhwat biynfloede fan de Noarske dialekten. De tael hjitte dan ek noch alt i ten Deensk. Mar dêrtsjin kaem it nasionael fielen yn opstân. Wol wiene der guon Noaren, dy't tsjin dy namme net folle biswier hiene en dy't wiisden op de bydragen dy't Noarwegen ta de Deenske litteratuer levere hie. En oaren neamden har tael domwei ‘Noarsk’, hwat sawol yn Noarwegen as yn Denemarken protesten oprôp. En wer oaren praetten fan ‘Deensk-Noarsk’ of ‘Noarsk-Deensk’. En dan wiene der gans, dy't alle swierrichheit út de wei giene troch gewoan gebrûk to meitsjen fan it wurd.... ‘memmetael’.
De striid oer de namme wie fansels suver in uterlik forskynsel. Mar it wie wol symptomatysk. It nasionael fielen hie it bisef oproppen, dat yn in frij Noarwegen in echte Noarske
| |
| |
tael brûkt wurde moast. It oanienwei groeijende nasionalisme makke de fornoarsking fan de skriuwtael ta ien fan de wichtichste easken. It moat dan ek wol paradoksael lykje, dat fuort nei 1814 it Deensk noch gâns foarútbuorkje koe. De oarsaek dêrfan wie, dat de ûnderwiistastannen tige forbettere waerden en binammen dat der yn Oslo (doe noch Kristiania) in nasionale universiteit oprjochte waerd, dy't as fiertael it Deensk brûkte. Dy tydlike foarútgong makke sûnder mis it forset namsto greater. Mei oanienwei mear klam wurdt der oanstien op fornoarsking. Yn de praktyk fiert dat ta twa folslein forskillende stânpunten: in rjochting dy't de Deenske skriuwtael as grounslach nimt en dy fornoarskje wol; en dêrfoaroer de rjochting dy't in folslein nije tael foarmje wol, in brûkbere normalisearring fan de forskate dialekten. Ut dy beide opfettings groeije twa Noarske spraken, dy't tige oaninoar bisibbe binne, mar dochs ek gâns dúdlike forskillen sjen litte. De konkurrinsje fan dy beide laette ta de taelstriid, dy't noch altyd net saksearre is.
De greate dichter Henrik Wergeland, lieder fan de liberale studinten yn de jierren 1830 en fûl tsjinstanner fan de Deenske kultuer, wie wol théoretysk foarstanner fan in suver Noarske skriuwtael, mar miende dat yn de praktyk forwêzentlikje to kinnen troch de wurdskat fan it Deensk oan to foljen mei Noarske eleminten. Asbjørnsen en Moe, de útjowers fan de Noarske folksmearkes, wiene fan itselde bitinken. It idéael, dat hja foar eagen hiene, wie dat fan Grimm: de mearkes koene net forteld wurde yn it dialekt dêr't hja yn optekene wiene, mar yn de gongbere Deenske skriuwtael allikemin. Hja bisochten har tael en styl oan to passen oan de geast en atmosfear fan har ûnderwerp. Hja hâldden net allinnich rekken mei de wurdskat, mar likegoed ek mei de sinbou, it ritme en de toan fan de folkstael. Mei har seldsum oanfielen fan stylnuansearrings birikten hja har doel, dêr't Wergeland net oan ta komme koe.
Op wittenskiplik mêd waerd dy fornoarsking bistudearre fan Knud Knudsen, dy't in machtich wurdboek gearstalde Unorsk og Norsk (Net-noarsk en Noarsk); hy forfong dúdlike Deenske wurden en útdrukkingen troch Noarske. Bjørnson en Ibsen waerden fan him biynfloede en wiene op sa'n foet de greate forsprieders fan dit Deensk-Noarsk, dat fan Bjørnson de nije namme ‘riksmål’ (rykstael) krige. Suver alle greate skriuwers fan de 19de en 20ste ieu brûkten dy tael? njonken de al neamden bgl. noch J. Lie, A, Kielland, K. Hamsunf H.E.
| |
| |
Kinck, S. Undset, S. Hoel en S. Christiansen, om inkelde fan de yn it bûtenlân bikendsten to neamen.
De winsk, in eigen Noarske skriuwtael dije to litten út dy dialekten weir dy't fan it Deensk suver neat to lijen hawn hiene, waerd binammen yn de jierren nei 1840, doe't de nasionale romantyk foargoed yn Noarwegen trochkrong, al gauris utere. De boerebifolking hie polityk bisef krigen. De kunstners ûntdieken de tradisionele boerekultuer en de rike oerlevere litteratuer (mearkes en folkslieten). It sin foei dêrmei ek op de tael yn de boeken. Yn 1832 kaem de greate skiedkundige P.A. Munch, dy't gâns ynfloed hie, der foar it earst iepen foar út, dat der in nije Noarske sprake komme moast, dy't de normalisearring fan in dialekt wêze moast op groun fan it Aldnoarsk. Yn 1845 kaem er dêr jitris op, mar doe woe er de nije tael tichter by de moderne ûntwikkeling oanslute litte. Sels die er writen, syn théory yn praktyk to bringen, mei net al to folle sukses.
Foar in self-made man mei in geniale taelkundige oanliz wie it weilein, dat drege kerwei folslein út to fieren: Ivar Aasen. Aasen wie in boeresoan fan Sunmøre, dy't al fan syn jonge jierren ôf troch selsstúdzje talen learde. In oanbieding om hegerop op stúdzje wiisde er fan de hân om it kontakt mei it eigen boereformidden net to forliezen. Hy bigoun it eigen dialekt to ûndersykjen en kaem al gau ta de oertsjûging, it iennichste middel om ta in eigene Noarske tael to kommen wie de normalisearring fan de boeredialekten. Mei jildlike stipe fan ‘Det Kongelige Norske Videnskabers Selskab’ yn Trondheim reizge er it lân ôf en sammele materiael byinoar ta in wurdboek en in spraekkunst fan de folkstael. Op groun dêrfan foarme er in nije tael, dy't er ‘landsmål’ neamde; de earste priuwkes dêrfan joech er yn 1853 yn it ljocht. Aasen arbeide bleat wittenskiplik: hy gie út fan de libbene folkstael en net, lyk as Munch, fan it Aldnoarsk. Yn syn stavering bisocht er net yn it foarste plak de etymology fan de wurden to fordúdlikjen, al hâldde er wol altyd rekken mei de sibskip fan de wurden. Hy gie lykwols yn haedsaken to seil op de westlike dialekten, dy't it meast archaïsearren en noch tichtst by it Aldnoarsk stiene.
Dêrmei forrette er syn nasionael en romantysk stânpunt: de nije sprake moast klear en dúdlik bannen mei it forline hawwe. Yn syn ûntjowing letteroan hâldde it landsmål mear rekken mei de eastlike dialekten, dy't fierder yn ûntwikkeling wiene en ek tichter by it dialekt fan de stêdden stiene. Fan wurdkar
| |
| |
wie Aasen in strang purist; hy wiisde alle Deenske en Dútske wurden as net-folksaerdich ôf en yn de styl stried er fûleindich tsjin de Latynske ynfloed yn de sinbou. Dy opfetting hinget ek wer gear mei syn nasionael en romantysk stânpunt. Letter hat it landsmål it purisme min ofte mear farre litten, mar noch altyd is it tige op syn iepenst foar hwat net suver Noarsk is.
De nije tael krige fuortdadiks oanhingers ûnder de auteurs. O.A. Vinje makke der gebrûk fan, mei in sterke ynslach fan Telemarks dialekt; A. Garborg, O. Duun en O. Aukrust makken der in libbene litteraire tael fan, dy't de fynste nuansearrings ta utering bringe kin.
Op dit stuit is de nynorske litteratuer wol biheinder as dy yn it bokmål, mar hja kin op greate kunstners wize, lyk as K. Uppdal en T. Vesaas, I. Krokann en H.H. Holm.
De opkomst fan it nynorsk is in wichtich sosiael aspekt mei mank. De stedtsjers hawwe de Deenske kultuer en tael assimilearre en fornoarske en seagen - sûnder rjocht - del op de boerebifolking en har nije sprake.
De reden fan dy wanachting moat hjiryn socht wurde, dat de boerebifolking troch de isolaesje nea gjin oanpart hawn hie oan it Westeuropeeske kulturele libben en dêrfandinne yn de tael ek gjin wurden hie foar withoefolle abstrakte bigripen. Hja hiene dus de kar: òf oernimme út it bokmål òf sels wurden smeije, en dat lêste slagget net altiten like goed. Dochs falt it jin op, dat kultureel, yn litteratuer, toaniel ensfh., it nynorsk him helte sterker jilde lit as yn de praktyk. De stêdden wreiden har oanienwei út en de yndustrialisaesje, dy't yn Noarwegen tige let úteinset is en noch altyd net ôfroun, bifoardere dat jitte. De stedskultuer en -tael nimme aloan fuortgong en de arbeiders wurde losmakke fan har nasionale kultuer. De oanhingers fan it landsmål fiele har dêrfan bidrige en sette har mei alle middels toskoar. Hja wolle de stedskultuer en har tael net. It útwreidzjen dêrfan bisykje hja op to kearen troch in oanstjûren op in soarte fan formoedsoening tusken de beide spraken, hwerby't hja safolle mooglik war dogge har eigen nasionael stânpunt to biwarjen. Har wichtichste middel dêrta is de polityk.
De forbjusterjende opkomst fan it nynorsk kin oan de iene kant forklearre wurde troch it sosiale aspekt en oan de oare kant troch de krêftige stipe fan polityk út wei. Yn de jierren nei 1870 hawwe de oanhingers fan it nynorsk har jimmeroan oansletten by de progressive partijen. Ut réaksje dêrtsjin for- | |
| |
ienigen de oanhingers fan it riksmål (hja wegeren dy offisiéle namme to brûken) har yn in striidorganisaesje. Yn it lêstoan fan de 19de ieu krige de taelstriid njonken it nasionale en it taelkundige aspekt ek it politike, dat der noch altiten mei mank is.
Yn 1885 binne de beide talen offisieel lyksteld troch it parlemint. Doe forskynden ien nei oar de wetten op it legere, it middelbere en it hegere ûnderwiis, om op sa'n wize de lykstelling ek yn de praktyk troch to fieren. Yn it earstoan wie de kar út de beide spraken frij, mar yn 1929 waerd it kennen fan de beide talen forplichte steld. Sa wurdt yn elk skoaldistrikt op groun fan de stimrjochtige âlden har kar de haedtael fêststeld. Neffens de sifers fan it skoaljier 1953-'54 is de forhâlding fan de learlingen op de legere skoalle: 27% nynorsk, 73% bokmål. Neffens de nijste opjeften binne neitiid in mannich skoaldistrikten fan it nynorsk op it bokmål oergien.
Yn de tsjerke krige it nynorsk allyksa deselde rjochten. Der waerd in bibelfortaling útjown en der waerd in samling fan tsjerklike hymnen gearbrocht. De wetten waerden allyksa oerset en de steat fierde rounom yn de iepenbiere administraesje de lykstelling fan de beide spraken troch.
De deis fan de lykstelling ôf hat de steat de soarch foar de ûntjowing fan de beide spraken op har nommen. By de jierren lâns hat hja har hieltyd mear útlein op it stadichoan yn de like bringen fan de twa talen. Dat kin men dúdlik fornimme oan de staveringsforoarings, dy't sa foar en nei offisieel trochfierd waerden. Yn 1907 waerd it bokmål foar it earst yn it skriftbyld oan de sprutsene tael oanpast. De omgongstael hie him al frijhwat fan it Deensk losmakke en nou folge it skriftbyld. Yn 1917 waerd it fonétysk sta ver jen noch fierder trochfierd, mar meiiens waerden wurdskat en styl fornoarske troch it ynfieren fan karfoarmen: wurden út it nynorsk dy't op ien streek set waerden mei de oarspronklike út it bokmål. Tagelyk waerd foar it nynorsk itselde krektoarsom dien. By de staveringsforoaring fan 1938 waerden de beide talen wer deuner oan inoar oanpast.
Dat bisykjen ta oansluting hat alle kearen moai hwat forset tsjin west, binammen fan de kant fan it bokmål. Dat hie syn reden, om't it barde ‘op groun fan de Noarske folkssprake’, lyk as alle offisiéle stikken sûnt 1917 fornije. It bokmål sjocht dêryn in raem nei de macht fan nynorske kant? dat wol de slach winne troch to easkjen dat it bokmål altyd mar fierder fornoarske wurdt, mar bliuwt yntusken seis stil- | |
| |
tsjeswei by it âlde. De oanhingers fan it bokmål hålde út, dat har tael likegoed ‘Noarske folkssprake’ is.
Yn de oarlochsjierren wie it yn de taelstriid in soarte fan wapene frede, mar doe't yn 1945 de stavering-1938 offisieel folslein trochfierd waerd, rekke it forset oanienwei forheftiger geande; yn 1951-'52 kaem it ta in hichtepunt. Yn 1950 hie it regear nei gunstich advys fan in lytse kommisje in wetsfoarstel yntsjinne, hwerby't in soarte fan fêste taelakademy oprjochte waerd. Yn Desimber 1951 waerd de wet yn it parlemint oannomd. De ‘Norsk språknemd’ hat tritich bifoege leden, dy't alle aspekten fan it taelgebrûk yn de maetskippij fortsjintwurdigje. Op groun dêrfan bistiet der yn elk fan de beide talekampen in espel ûnforsoenliken en lju dy't ré binne ta oerliz en oanpassing.
Fierwei it sterkste forset komt fan de kant fan de riksmålforiening, dy't protestgearkomsten fan âlden fan skoalblern (‘Foreldre-aksjonen mot samnorsk’) organisearret tsjin it gearranen fan de spraken, lyk as dêr fan offisiéle kant op oanstien wurdt (it ‘samnorsk’). Hja stride foar in frije taelûntjowing: hja wolle hawwe, beide talen sil men har gong gean litte en it gearranen, as it safier komme soe, moat natuerlikwei barre. En ûnder de oanhingers fan it nynorsk bistiet ek al in konservative streaming, dy't fan oerliz en oanpassing net witte wol. De agitaesje giet fierder. Yn de maitiid fan 1955 forspraette de parse twa oproppen: ien foar de frije taelûntjowing en ien foar it gearranen fan de talen. It hie wol hwat fan in munstering fan de striidkrêften.
Yntiid is de ‘Norsk språknemd’ mei it wurk úteinset. It doel is, yn it foarste plak in brûkbere taelfoarm yn de beide talen fêst to stellen. Dan sil der soarge wurde foar goed gebrûk dêrfan yn de skoallen. Neffens de opdracht is dy akademy in riejaend lichem, dat tasjen moat op de taelûntwikkeling. Nearne is steld, dat der sa gau mooglik in nije taelfoarm út de beide bisteande spraken gearsmeid wurde moat. Hokker ynfloed dy akademy op de gong fan saken hawwe sil, kin de takomst allinne leare. It oprjochtsjen derfan is yn alle gefallen de konkreetste utering fan de polityk fan gearfoeging, dy't nou al langer as in heale ieu fierd wurdt.
|
|