De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Claes Gill: Swalkjen by se (Vandring ved havet) Simmernachtblauwe sé koelich opspielend skom, tsjin 'e igge jaget de wyn yn iensume harrels en deade núnders, wyld ûnrêstich, simmernachtbleek, sûst er yn klimmerbloms blinkende trachter ljacht. Hjir hat in hillige dwylsin de macht. Wosken fan tidene wetter lânskip yn dream. Om torso fan klippen sakket it sêfte tsjuster tear tsjin djiptene dôvjende hjitte-sûrbeije-amme en goede ierde yn 't ljocht fan moanne'sawnde fase. Dû trillest! langút yn stomme ekstase. De kime grillet; in ivige ûnrêst yn 't súd, dûnkere echo fan simmerstoarmjende fiere séën en hjittere himels har fjûr yn jeijende pylken; leech yn súdwest Skorpioen, de angel oerein. Dea wurdt foar hillige dwylsin de ein. Vorige Volgende