De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 62] [p. 62] Jens Bjørneboe: Hjerst (Host) Oer 't muorrewurk fan 't slot waekst wyld de wyn. Sa stiet de boarch, oan alle kant bikrongen, fan grêft ta trans yn djippe readens fongen troch bledte’ dûnkre wûndre flammeskyn. Hjoed meitsje draven rypjend 't sjitgat blyn, de lije siden hawwe hja bisprongen, de stiennen hammer yn it skyld bitwongen binefter pylder-snaerwurk yn trewyn. It goare grounsop ûnder swiere moppen wurdt heftich fan 'e sinnegloede folle en sjoch! in beam fan swietens tilt de holle en riist yn tûken swier fan wyn nei boppen. O druveranken! Druven! Foarm! Figuer! O wûnders fan ûntwingbere natuer! Vorige Volgende