Kom, dêr wie ek noch ien let op 'e dyk, dêr foar him. Ynhelje? Och, hwat joech it ek, mei in ûrke soed er likegoed wol thús wêze. De teller bleau dus tusken 80 en 90.
Likegoed seach er him stadichoan dúdliker, al die er ek op it sjen alhiel gjin war. Twa skrille efterljochten, in sleau forljochte nûmerboerd mei letters PP, nûmer 131153. Heden, dat healwize hege nûmer, dat koe dyselde wolris wêze fan forline wike, dy't doe sa jage. Gjin utlanner dan doch grif, hwat soe dy hieltyd op dit ein dyk? Né, in nasionaliteitsboerd wie ek nearne to finen. In kollega dan? Hy soe der ris nei fornimme op de sakeljusrounte.
Dêr kaem neat fan; mar de oare wyks kaem it plan him al wer yn 't sin, hwant dêr ried dy greate swarte wer foar him út. En ynheljen wie der ek dizkear net by, hoe't er it ek bisocht. Hy waerd der suver grimmitich fan, it sin stie dochs al net to bêst, hwant de negoasje hie gâns better kind. Dat ding woe wol ride: doe't er by de syddyk ôfsloech, wied er al nearne mear to sjen, sels dy gemiene giele efterljochten net!
De folgjende wyks wiste er, dat er him forsinne moast: sokke hege nemers wiene noch net útjown. In kollega koe it ek net wêze, dat wie wol wis. Hoe soe nouris better sjen nei it nûmer - as it ding der tominsten wer wêze soe. Hy koe it oplêsten ek noch wol dreamd hawwe, al wie er ornaris moai wis yn sok ding. Mar sa let op 'e joune, nei sa'n drokke dei, men wit net. En ja hear, dêr gie er wer, en dêr seach er it alwer: PP 131153, dúdlik, it koe net oars lêzen wurde. Dit spul koe wolris net doge. Mar nije wike sóé er him ynhelje!
Dy kears wie it letter, tsjin tolven al wiisde it klokje. Nou soe er de dyk wol allinnich hawwe, sûnder dy nuvere foarrider. It wie spitich, hja kiene him slim ophâlden, mar de saken geane foar, en der mislearje wol mear plannen. Ynienen skrille er op: dêr wiene hja wer, dy giele ljochtsjes. Hy treau it gaspedael daliks op 'e planke, knypte it stjûr yn 'e hannen, seach strak foar him út. Ja, hy helle yn, stadich mar wis. It nûmer wie goed to lêzen al, it nûmer dat net bistie. Goarich wiene de wite letters ûnder it sleauwe pitsje: PP 131153. It waerd oanienwei dúdliker, de ôfstân waerd oanienwei lytser, syn great ljocht biskynde nou de hiele swarte efterein. Mar hwat nou? It wie krekt as siet foar it efterrút ien en seach him strak oan. De ôfstân waerd tsien meter, njoggen, acht... Dy kop efter it rút, dy persoan,