De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 357]
| |
II
Yn uterste ellinde
Rin ik op strjitte
Och, der wie nea in frommes jitte
Dat, spontaen.
Hie mar ien nommel fielen
Jaen
Ik draech allinne myn ellinde
Froulju: 't is allegear rekkenkunde.
| |
III
Faem, astû twifelst oan dysels, de wearde
fan dyn wurk, de sin fan dyn bistean,
kinstû amper fierder gean.
Is 't fan binnen allegear kapot.
Stiestû
foar it swart bankrot.
Dan
bliuwt dy altyd noch - weagje en wurd ryk -
de man.
fysyk.
Kom, de nacht is waerm.
Sjoch, de stjerren flûnkerje.
Kom, it strân is stil.
| |
[pagina 358]
| |
IV
Berne to wurden en tonei
Ivich oerheap to lizzen mei
De leip libben, dy't jin knoeit, dy't jin krinkt
Skandlik! en dan yn 'e kunde bringt
Mei in smjunt - oh, se spylje fordek togearre -
De Dea
En stjerre......
| |
V
En just doe't ik tocht to biswiken
Joech my God
In swierder pak jit en 't die bliken
Dat ik ek dat
Drage jit koe... it is nuver
Hwat siz ik?
In wûnder suver...
|
|