in folk dat heechmoedich ús trape hat, mar dou hast him dyn hert jown en slaefsk wolst him tsjinje!
Hja seit wanhopich: Dou meist my net leechlizze, ik bin in dochter fan ús folk, nea haw ik myn hert sprekke litten, altyd hawwe wy foarinoar oer stien as frjemd.
Ja, seit hy, omdatst wist dat de goaden it my oansizze soene, ast dy misgien hiest en omdatst wist dat de ear fan myn folk en myn suster my heger stiet as it libben fan in blanke.
Syn lêste wurden hawwe sêft west, hwant hja moetsje folk dat nei de pasar sil. It hie dêr drok west. Hja hie har kunstich biwurke doeken forkocht, hja hie ynkeapen dien en nou giet hja mei mear folk wer nei hûs ta; har broer krige ophâld. It lêste ein moat hja allinne gean. En dan treft hja him, hwa't hja gjin plakje yn har hert gunne mei en dy't hja nea út har tinzen sette kin. Hy bliuwt foar har stean en hy sjocht yn in pear forlegen eagen en har lippen trilje. De mûle lústert: Dou moatst my net ophâlde. Ik bin in dochter fan it folk dat to lang fornedere wurden is om it hert sprekke to litten. Mar hy laket en seit: En ik haw al to lang biddele foar in soan fan in folk dat jimme altyd nei de eagen sjoen hawwe, Wier, fanke, jim hawwe ús sels bidoarn. Mar lit ús forjitte dat wy fan it blanke en it dûnkere ras binne, lit ús forjitte en leafhawwe; de leafde redenearret net, mar nimt en libbet.
Hy wol har oanhelje, mar eangstich seit hja: Né, né, myn broer sil alles komme to witten en hy sil him wreke, hy wit alle heimenissen, hy is in útkarde fan 'e goaden. Dyn libben sil net mear feilich wêze, hwant frjemde machten sille yn dy wurkje en dy alhiel yn 'e macht krije. Mar hy laket wer ûnbisoarge. Jimme meitsje der noch greater tizeboel fan as ús godgelearden, seit hy, mar hjir wol ik net yn omtiizje. Dou hoechst my net sa eangstich oan to sjen, ik sil wol op mysels passe. Stegerje my net langer ôf, it libben is koart en de leafde in plant fan it amerij.
Syn eagen binne sa sterk en har leafde is sa great, hja wol har ienkear oerjaen oan 'e leafde, en meije de goaden him en har genedich wêze.
Mar as de sinne dan weiwurdt efter de bergen en de wrâld lyts en biheind is, dan wurdt hja tige eangstich en hja lústert: Ik bin sa bang. Dyn libben is yn gefaer en it is myn skuld, ik wist fan syn heimige macht, dou kinst der net tsjin oan. Bid ta dyn God, miskien is dy machtiger en kin hy dy rêdde.