De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] Fedde Schurer: Stiltme. Stiltme, dy 'k aloan bigeare en aloan ûntflechte ha lit my fa dyn myldens keare slút dyn earmen om my ta Rêd my fan de lûde stimmen dy't my lûke fan dyn paed dat ik folchsum, wiis en dimmen gean dêr't my dyn stjerre laet Lit my oan dyn knibbel dreame al to lang ha 'k hope en socht dat ik ienris wer de seame fan dyn klaed birikke mocht Alle lûd en alle leagen wurdt by dy ta ydle waen - ûnder dyn alwittende eagen lit my bidde en boete dwaen Vorige Volgende